Eelkesweblok

Een reactie plaatsen

05 02 2020

Raze!

At de boeren net op trekkers nei Den Haach gien wiene, hie it grutste part fan dit lân net iens witten dat boeren bestean. Ik bedoel: je moat roppe om heard te wurden. Fryslân is optheden fiersten en fiersten te stil.

Doe’t amtners fan de provinsje fanwege Lelystêd nei de fergunningen yn de loft seagen, ornearren se dat dy âlde, noait mear brûkte, leechfleanrûte fan Anjum nei Meppel wol skrast wurde koe. Wit jim wat it ministearje sei: Nee, dy bringe we wer ta libben, moai foar de F35’s. 75 meter boppe de grûn, dwers troch de Bonnematoer hinne.

De bek foel ús allegear iepen, mar ….  dat wie’t dan ek. Der kaam gjin lûd út. No, ja Sijbe Knol fan de FNP hie in hantekenaksje. Yn it wykein wiene der al hast 2000 hantekens set. Sijbe wakker grutsk, mar wit hy wol dat hjir 650.000 minsken wenje? De FNP tsjinne yn de ried fan Achtkarspelen ek in moasje yn. No, no. It moat net raarder. Slimmer wie dat we neat fan de oare polityke partijen hearden.

Ja, dy seinen dat se it wol regelje soenen mei de hegere mieters yn harren partijen. Mar ik tink dat Saskia van Westhreenen fan de  de LC der foar soarge hat dat de steatssiktaris no seit dat de safolste ambtenaar net wol dat de befolking wat fynt. Dat hie net moatten sei se. Likegoed bliuwt it rigeltsje stean. Ek nei justerjûn yn de Twadde KJeamer, doe’t de grutte partijen oan it wurd kamen. Der is echt neat wûn. Want we meitsje fiersten te min leven

Dat meitsje de F35’s op de fleanbasis Ljouwert echt wol. Op twitter ha de minsken dy’t dêr omhinne wenje ûnder de namme  “Geluidsmeetnet rondom vliegbasis Leeuwarden” dêr deistich hiele negative berjochten oer. Se mjitte alles sels nei. Se fertelle ús dat it delkommen fan in F16 sa’n 80 desibel opsmiet en in F35 105 desibel. 80 is in wekker, dat is al hinderlik; 105 de grutte trommel fan in dakkapel, dan kin je al neat mear sizze. Boppedat rint in kapel foarby, mar komme der alle dagen fleantúgen del. Ek noch faker as oars al, sa seit het geluidsmeetnet.

Wy dogge der neat mei. Ik tink dat ús bestjoerders it net iens lêze. At der wer klachten komme sille se wol sizze: ferwurkje  dat mar yn in wittenskiplik rapport en kom oer fiif jier mar wer. Dan bin hjir yntusken 80 F35’s, 80 kear dy grutte trommel, dat is…..no ja, dan bin we al lang ferhûze. Drônes boppe de fleanbasis, oant dy ôfbrutsen wurdt.

Ik sil jim in oar ferhaal fertelle. Oer dat we der algeduerigen mei syn allen nei frege ha, mar dat it regear no seit dat de eventuele skea by ierdbevings by de lytse gasfjilden yn Fryslân net op deselde wize ferwurke wurde sil as no yn Grins. Dat wy dus earst noch mar bewize moatte dat soks fan gas of sâlt kaam is. Wit jim wat deputearre Douwe Hoogland sei: It is net oars.

Ik hie in grut betrouwen yn Douwe, mar dat is no yn ien kear fuort. We stean al ta dat se hjir noch hieltyd oates en toates yn de grûn omwrotte. At Grins ticht giet, wêrom moat dat gas hjir wei komme.  Dat moat we net tastean.

We bin der noch net. At we mei syn allen graach wolle dat dy grutte frachtskippen net mear sa ticht boppe de eilannen lâns farre, dan mei it net sa wêze dat de minister ûndersiket hoe’t dat moat en dan seit ja dat kin we net alinnich dwaan, dat moat mei Dútslân en dêr ha’k gjin sin oan. Utsein Lutz Jacobi is der net ien yn it gewear kaam

Wêr’t de barrikaden bin ik net, mar we moat der op. Roppe en raze. Balte en skreauwe. Stampe en fechte. Dêr bin genoch wurden foar. En it spandoek is simpel: Grûn, loft en wetter bin fan ús.

At ik dat sa sis betink ik ynienen: da’s in FNP-spandoek. Tsja, dan moat se dochs mar yn de Twadde Keamer. Ienlingen meitsje dêr trouwens ek mear leven as grutte fraksjes. Mar tink der dan wol om, gjin sprút begryp toane. Noait! Bliuw roppen en razen !!!

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Google photo

Je reageert onder je Google account. Log uit /  Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s