Eelkesweblok

Een reactie plaatsen

12 02 2020

Eiffeltoer

Der bin bakken fol jild útjûn om de Sintrale As nei Dokkum oan te lizzen. Likegoed seure se dêr yn de Noardeasthoeke fan Fryslân noch hieltyd. Ald geseur, want it tal toeristyske plannen dat dêr yn de rin fan de lêste 50 jier makke is, is net te tellen. Dêr gean se mar mei troch.

Dizkear wurde der yngreven winsken op tafel lein. Se wolle yn Dokkum in publykslûker fan komsa. Dan kin de omlizzende streken fan Noardeast-Fryslân, Dantumatiel, Tytjerksteradiel en Achtkarspelen dêrfan meiprofiteare. De útstrielingsfaktor fan Dokkum moat in soarte Eiffeltoer wêze.

No is de Eiffeltoer yn Paris in produkt fan in wrâldtentoanstelling út 1889. En ik sjoch noch net dat der ynkoarten in wrâldtentoanstelling yn Dokkum komme sil. Ik soe net iens witte at der sa no en dan noch wolris ien hâlden wurdt, de wrâld lient him optheden seker net om tentoansteld te wurden.

De Eiffeltoer yn Paris hat per jier likernoch 6 miljoen besikers. Dy kin se yn Dokkum net kwyt. Mar de gemeenten roppe allegear: “at jim dy Dokkumer Eiffeltoer sjoen ha, dan kin jim wol by ús te plak”. Tsja, ik soe  net echt witte wat Sjinezen en Amerikanen yn Kollum of Bûtenpost moatte. Besites oan de elektrisiteitssintrale yn Burgum yn gearhing mei de stjonkfabryk fan Sumar bin ek net echt hichtepunten.

Boppedat is it natuergebied yn noardeast Fryslân noch wat skraal. Ek al fanwege dy sintrale as. Likegoed is der bêst wat moais te sjen.  Tytjerksteradiel hat sels it moaiste wat der is, de Alde Feanen. Mar dêr moat je mei de boat hinne en de steigerkes lizze dêr al fol. En de Marrekrite wol der net mear oanlizze, want dan doch je skea oa it lânskip.

Nationaal Park Lauwersmar is ek o sa moai, mar dat moast ingelsk en is dus in Dark Sky Park wurden. Dêr kin je gjin hân foar eagen mear sjen. Dan is der noch de Waadkust. Je kin by de twa Sens of Place bylden lâns, mar it wetterskip en Ids Willemsma wolle gjin 6 miljoen lju op dy dyk omwâldzje litte.

Soksawat as in Eiffeltoer yn Dokkum. Wat moat we dêr foar betinke. Dat stiet net yn de rapporten. Der stiet inkeld yn dat se oer tsien jier 185.000 besikers mear ha wolle en 300.000 oernachttingen mear. Mar wêrom at dy lju dêr komme moatte wit we net.

Yn Dokkum stiet in fontein. Dêr sit lykwols net folle leven  yn. Dy friest inkeld mar. Je kin der inkeld je ijsko efkes fiif menuten op sette, at je pisje moatte. Yn it rapport stiet ek noch dat Dokkum it kearpunt yn de alvestêdetocht is. Ja, oars kom je op it waad of yn Grins telânne. Mar der falt neat fan te sjen, se ha klúnplak en stimpeltintsje yn ‘97 al oprêdden.

Dokkum hat mar ien echt ferneamd saakje: Bonifatius is der fermoarde. Dan moat we alle histoaryske ferhalen fan dat it ek wolris earne oars wêze kinnen hat, mar ferjitte. De moaie Bonifatius tsjerke stiet yn Dokkum. En se helje dêr hillich Bonifatiuswetter út de grûn.

Ik tink dat we dus sa’n tsien, tweintich rabouwen út de buert bewapenje moatte mei kneppels en knyften. Pistoalen wiene der in 754 noch net. Dy rabouwen kin je dan loslitte op dy 6 miljoen toeristen. Der bin bêst wol in pear by dy’t soks wol noflik fine, ik lês net oars. Ja, ik tink dat der dan wol mear as dy 6 miljoen op Dokkum ôfkomme. En dan kin dy âlde buorden fan Moordstad Dokkum wer  oan de dyk set wurde.

Sjoch je wol hoe gau at je fan de dyk gean, at je de aspiraasjes te heech stelle. It is prima dat de lju dy’t der wenje tinke en fine dat it noardeasten in moaie noflike streek is. Mar it is simpelwei gjin streek foar tsientûzenen toeristen. At je op de telefyzje sókke toeristesintra sjogge, dan mei we bliid weze dat wy hjir noch in moaie redelik rêstiche noardeasthoeke ha. En soargje dan earst ris dat je wer noflik kuierje kinne oer dy âlde boerepaden. Dat de boeren dat wer wolle en dat it ûnkrûd fuorthelle wurdt. Der bard no neat mei. Net ien wit wa’t dêr ferantwurdlik foar is, elk hâldt de sinten yn de bûse. Mar soks kostet minder as in Eiffeltoer.

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Google photo

Je reageert onder je Google account. Log uit /  Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s