Eelkesweblok

Een reactie plaatsen

19 02 2020

Reinbôgeflagge

De bûten-de-doar-wenjende Fries Sipke Jan Bousema is wichtiger as hokker ynwenner fan Fryslân dan ek. Hy begûn op de nasjonale telefyzje te skriemen oer dat Fryslân de reinbôgeflagge net oan it provinsjehûs hingjen hat. Dy reinbôgeflagge is bedoeld om oan te jaan dat hoe apart, frjemd, oarskleurich en ferskillend we ek allegear binne, dat we dochs gelyk binne. Yn myn ûnskuld tocht ik dat it folle wichtiger wêze soe dat alle ynwenners fan  Fryslân dy flagge úthingjen ha. Mar dat ynteresseart Sipke net, dy flagge moat op it provinsjehûs.

Doe betocht Sipke dat hy Fries is. In skriemende Fries komt yn aksje. Sipke praat no mei alle Fryske reinbôgegesinde polityke partijen. Dy sille no mei syn allen de Sipke Jan Bousemamoasje yntsjinje. Fansels giet deputearre Avina Fokkens dan oerstag. Omdat Sipke Jan mei syn Hilversumse mediarelaasjes Fryslân yn de publisiteit oars sa sear dwaan sil, dat we hjir noait wer in flagge ophingje kinne. Sels net de Fryske flagge, dy’t dochs ek hinget foar de gelykberjochtiging fan ús   eigen- en eigenaardigheden.

In flagge is inkeld mar in úthingboerd. Uthingbuorden joue

oan wat je der sels fan fine, net wat oaren fine. Der bin sat lju dy’t de

Fryske flagge ophingje en noch noait in wurd Frysk sprutsen ha,

“maar ik woon hier toch”.

 

Dêr wurdt hjir al jierren seurd oer in reinbôgeflagge. Alle oare

provinsjes ha sa’n ding hingjen. Om oan te jaan dat se op harren

begrutting in nutteleas bedrach stean ha om de befolking

op te fieden. Dy giet dan op de fuotbaltribune sitten en

skelt alle homo’s en swarte spilers ferrot. Mar dat hindert neat, je ha

toch geweldich dat jild op je begrutting stean.

 

Unsin. At it hjir moatten  hie, hie Arno Brok it al lang regele. Dy

fynt in skynfertoaning net nedich. At de Friezen mar net op dy

fuotbaltribune sitten gean. De Bousema’s dezer aarde tinke dat at je

úthingboarden ophingje, dat de wrâld dêr dan better fan wurdt.

Nee dus. Yn it Gelderse plakje Zevenaar docht de iepenbiere skoalle wol mei oan it karnaval, mar se neame it gjin karnaval, mar ferklaaifeest. Want karnaval is in roomsk feest en in iepenbiere skoalle wurket net mei roomske oantsjuttingen. Foar my wie in iepenbiere skoalle altyd it ienigste wat koe, mar at ik yn Zevenaar wenne brocht ik de bêrnsbêrn no nei de roomske skoalle.

Krekt sa dom as dat Swarte-Pite-gedoch. Nee stil mar, wat wy yndertiid dien ha oan de slavehannel wie net bêst. En wat guon fan ús no dogge mei diskrimminaasje is ferskriklik. Freegje de man fan it Sjineeske restaurant op de hoeke mar efkes. Mar in flagge poetst dat net fuort.

Noch in foarbyld. Oardel wike lyn hearde ik ynienen geweldige lûden út Súdeast-Fryslân. Dêr krigen se 15 miljoen út de saneamde regiodeal fan it ryk. No, no no. Deputearre Sander de Rouwe kraaide it út fan freugde. Pas letter die bliken dat it in foai is, dat allinne Súdeast-Fryslân al 25 miljoen tasein wie. Dat de eilannen yn swier waar komme, omt se de wenningbouplannen net wier meitsje kinne. Der wie op rekkene dat it jild wol komme soe.

De oerheid wurket mei flaggen, dy’t se like hurd wer strike. De provinsje likegoed. Elk doarp dat wat wol, wurdt oantrune dat op papier te setten en yn te tsjinjen. We ha allegear potsjes, rekkenje dêr mar op. De gemeenten moat ferdiele. By in goedkarde oanfraach it hiele frege bedrach útkeare. Mar der is fierstentemin jild, want hiel wat doarpen bin opnaaid om hjir oan mei te dwaan. De gemeenten wurde gek, want dy moat no aanst 80 persint teloarstelle, ek al omt de provinsje wer in hiel soad fan it ferline jier útlutsen bedrach ôfhelle hat.

Begryp jim it: Oeral hingje flaggen, mar der hinget net oeral in pûde mei jild of realiteit efter. Mar Sipke Jan Bousema rêdt it op. Tanksy de publisiteit komt de reinbôgeflagge aanst op it provinsjehûs. Mar dêrmei hat hy noch net klearkrigen dat der noait mear immen in skeldwurd nei in homo, boer of Frysktalige skreaut. Want fan de tsien minsken dy’t lâns it provinsjehûs oan de Twabaksmerk yn Ljouwert rinne, binne der fjouwer dy’t net witte wat in reinbôgeflagge betsjut. Of it kin har gjin soademiter skille.

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Google photo

Je reageert onder je Google account. Log uit /  Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s