Eelkesweblok

Een reactie plaatsen

26 02 2020

Ferkear

We seure hjir wolris, mar optheden is Fryslân hieltyd bot yn it lannelike nijs. Benammen op Radio 1, dat docht nammentlik fjouwer kear per oere ferkearsynformaasje. Der giet gjin dei foarby of Fryslân sit dêr yn. De A7. Somtiden de Dútse kant wat oer, en Purmerend is der ek wol by. Mar it meast tusken Hearenfean en Grins.

Ik kom fan Drachten. Foar 1965 gie ik mei de hûn te kuierjen op it plak wêr’t no dy A7 leit. Pake en beppe wennen yn Emmeloard. Hiel soms rieden we dan op snein fan Drachten oer Beetstersweach, de Gerdyk, Langsweachen, de Knipe, Hearenfean, binnentroch nei de Jouwer, dan oer Sint Nyk nei Dunegea, Eastergea, dan troch de Lemmer, bûtenom oer Rutten, Creil en Espel nei Emmeloard. Twa, trije oeren ûnderweis. En we moasten dyselde dei ek noch wer werom.

Drachten-Emmeloard is no in heal oerke. De A7 wie earst in lege dyk, mar je kin der no net mear mei de hûn lâns. Sels midden yn de nacht falt je op hoefolle ferkear der is op dy A7. Ien grutte brei oan auto’s.

Neat gjin geseur fan my oer de diken hjirre. Dat leit der allegear moai hinne. Al blykt no at it te hurd reint je dan net fanôf de A6 rjochting Snits kinne; in see fan wetter. En tusken de Jouwer en Grins sitte op de A7 sa’n dikke tsien op- en ôfritten. Dêr giet it mis. Want je moat dêr ferweven wurde mei dy lânsridende brei. Ynbreidzje.

Net elkenien kin dat likegoed. Boppedat soargje elkoar ynheljende frachtweinen foar in soad lulkens. Dêrtroch en troch eigen dommens riidt sa’n 80 persint fan ús te hurd. Dan kin Grien Links wol tinke dat soks oer is at aanst de 100 kilometer op de buordsjes stiet, ik leau der gjin bliksem fan. Se ride allegear fierstente hurd. Se bumperkleve omraak. Se ha allegear de telefoan oan it ear. De oarsaken fan ûngemakken bin dúdlik. Boppedat, wy Friezen kin fansels alhiel net autoride. Der leit ek alle dagen wol in auto yn in feartsje lâns in binnendykje, wylst we hjir dochs amper oan karnaval dogge.

Dé oplossing dy’t we yn Nederlân útfûn ha foar te folle ferkear, is nóch mear dyk oanlizze. Dat helpt. Even. Dan bin dy ek fol en moat je wer. Sa wurdt it Griene Hert in asfaltfabryk en Fryslân moat fierder sûnder ljippen.

Ho, no net folle mear sizze. De noardelike bestjoerders en ûndernimmers, dy’t har ferienige ha yn de Lelylijnlobby, hingje my no blommen om de nekke. Want se sizze dat ik no ymplisiet sis: lis dy spoarline fan Lelystêd nei Bremen mar oan. Dat sis ik net. Want ferkear is foar in grut part in oerheidssaakje. En dy oerheid kin der, hjir yn Fryslân alteast, net folle fan.

De trein fan Starum nei Snits sit moarns ien kear oan de nok ta fol. Bern nei skoalle yn Snits. Fan Snits nei Ljouwert sit it ek grôtfol mei jongfolk, dat heger ûnderwiis yn Ljouwert folget. Ik ha ferhalen heard fan âldere minsken dy’t it om it wurk wol mei dy trein kinne, mar gjin plak ha. Oplossing: minder treinen oerdei, langeren moarns en jûns. Se ha al útfûn dat de earste klas der wol út kin.

Dy âlderen ha likegoed noch in probleem. Je stean op in stasjon, en it reint en waeit dat it rikket, we ha hjir net oars. En je moat trije kilometer fierder. Of nei Hallum. Mei de bus dus. Mar dy riidt amper.

En aanst noch minder. Dat seit it provinsiaal bestjoer. Dat riidt wolris efter in bus wêr’t net ien yn sit. Dy bus krûpt stadich, want hy hoecht nearne mear te stopjen. En dan kin dy provinsiale bestjoerder der net lâns. Soademieterje op mei dy grutte bus, tinkt de deputearre. Mar se seit dat fermindering fan it busferfier in foarm fan effisiënsy is.

Witte jim wat folle effisiënter wêze soe? Werom nei  lytsere buskes. Dy’t ek noch wat regelmjittiger ride. En oeral komme kinne. En regelje de frijwilligers dy’t je brûke moatte net fanút elk doarp, sadat it in gaos is, mar regelje dat sintraal. At Fokkens effisiënter wol, regelje it dan ek. En at dat klear is doch dan ek noch mar in trajektkontrôle op de A7.

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Google photo

Je reageert onder je Google account. Log uit /  Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s