Eelkesweblok

Een reactie plaatsen

04 03 2020

Wiet

Kollega-kollumnisten Nynke en Botte ha ferline wike reageard op myn kollum fan twa wike werom oer de Reinbôgeflagge. De earste twa ha my ôfskildere as in te ûnferskillige hetero. Der wienen al lju op twitter dy’t woenen dat ik dêr wer op reageare soe. Dat doch ik amper, want de harkers fan Omrop Fryslân ha neat oan kollumnisten dy’t wat mei elkoar hottefylje. Inkeld, omt Nynke en Botte myn, blykber te rûch delsetten wurden, ferkeard ynterpretearre ha, efkes ien rjochtsetting:

Ik fyn it tige tige wichtich dat hiel Fryslân folslein iepen stiet foar de seksuele geaardheid fan alle minsken. Ik fyn it lykwols net wichtich dat dêrfoar in flagge oan it provinsjehûs hong wurdt. Dat jout gjin inkelde wissichheid. At je in soad lju nei trije pilskes op in jierdei heare, dan is it net mear as in flagge op in strontpream. Ik bin foar it oare folledich ynsetber om mei Botte alle Fryske flaggen te striken. Dy bin yndied gjin garânsje dat dêrmei de Fryske eigen- en eigenaardigheden bewarre bliuwe.

Lykas it ir. D.F.Woudagemaal yn Teakesyl by Lemmer. De flagge hinget dêr altyd út. Want dy izer- en koperbulte yn dat ûnsjogge gebou lit we sjen oan wa’t dat mar wol. We bin der grutsk op. Dat is terjochte. As je optheden troch Fryslân ride sjoch je it wetter oeral heech stean. Net inkeld yn kanalen en marren, ek yn de sleaten. Rûch sein wie Fryslân altyd it lân wat yn de winters, sa’t we dy no ek ha, folslein splis kaam te stean. En no drukke we op de startknop fan de âlde Wouda en floep, dy mealt it wetter fuort. Moai dat je sa’n monumintsje ek noch goed brûke kinne.

It reint noch alle dagen. En it wetter giet net iens hurd fuort. De wyn, oars in moaie droechtepomp, stuwt it wetter no hieltyd heech de provinsje rjochting it noardeasten yn. En dochs is der wat feroare. Ik hear sizzen dat op it boerelân it wetter noch noait sa heech stien hat, sûnt der dykjes en kearingen oanlein binne. Oeral stean lytse markes op it gêrs. Boeren gnize , de mûzen ha gjin swimkapkes genôch. Dy fersûpe optheden massaal. De boeren bin ek wrantelich. Se meie jarre útride, mar se kin neat. De trekkers kin wol nei Den Haach, mar hjir sûgje se fêst yn de weake grûn. Se bin no al benaud foar at aanst de earste snee meand wurde moat. Mei de seine, mannen.

De fûgeltsjelju stean oan ien kant ek te gnizen. Dit bin de foarboades  fan in gouden fûgelmaaitiid. Fûgels fine it hearlik om mei de poatsjes yn it wetter stean te fretten. Sa wiet ha dy fûgeltsjelju it no altyd wol ha wollen. Likegoed belûke se ek wer, want der kin fansels ek gjin rûge dong útriden wurde.

It meast ferwûnderlike is dat je by al dy millimeters rein tinke dat we no gjin lêst mear ha fan de droechte, sa’t dy de lêste twa simmers ús grûn toar makke ha. Yn it easten fan it lân ha se sjoen dat it boppewetter noch in meter boppe it ûnderwetter sit. Dêr bliuwt it dus droech.

Hjir yn Fryslân is it wat better wurden, seit wettermeester Henk Flikkema fan it wetterskip. Mar ien droege wike yn maaie en it is wer mis. De boppelaach, tige ynklonken fanwege de droechte en it boerewurk, lit net genôch wetter mear troch. Dat rint nei de sleaten en dy moat Wouda dan leechpompe, oars ha de einen en reidhintsjes gjin plak mear foar har nêst. En rint it wetter wer oer it lân en dan groeit it gêrs net, want der komt ek gjin stront oer.

At je it iene oplosse, of at it waar dat docht, bin der oare saken dy ’t fuort wer net doge. Dat betsjut dat elk ûntefreden is. Alles bart heal. Hiel stadich komme oerheid, boeren en natoerminsken tichterby elkoar. Elk begrypt ommers dat it sa net trochgean kin.

Dus it reint. It waeit. It is kâld. It earste ljipaai is der hjir noch net. Dus praat noch mar efkes troch. Mar ek wer net té stadich, want dan komt it net klear. Pas at it dat al komt, hingje ik de flagge út.

 

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Google photo

Je reageert onder je Google account. Log uit /  Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s