Eelkesweblok

Een reactie plaatsen

11 03 2020

Alderein

We ha yn Nederlân twa planburo’s. Ien dêrfan is it Sintraal Planburo, it CPB. Dat sjocht nei de ekonomyske ûntwikkeling yn it lân. Se sizze al jierren dat we it hjir poerbêst ha, en dat alle persintaazjes wer omheech geane. Dy donderje no yn elkoar, dus dêr kin je ek net fan op oan. Ik sil it ha oer it Sosiaal Kultureel Planburo, it SCP. Dat docht sosiaal wittenskiplik ûndersyk en dat jout ús, frege en net frege, allerhande advyzen.

De baas fan dat bureau is Kim Putters. Hy joech ferline wike by Max in advys. Dat is by my hingjen bleaun. Ik tink ek wol yn de measte noardeastelike fryske holtsjes. Hy sei nammentlik dat der in Deltaplan komme moat. Foar meardere gebieten yn it lân, foar Fryslân it noardeasten.

Noardeast-Fryslân krimpt. En Putters seit no dat soks komt troch de fergrizing. Alle âlderen wurde hieltiid âlder, mar se gean net út harren wente wei. Dat moat neffens Putters al. Syn Deltaplan bestiet der út dat de jongeren net mear nei Grins of Amsterdam gean, mar nei in ferbouinkje yn de hûskes fan dy âlde lju krûpe. At de jongeren der wenjen bliuwe komt der gjin krimp. Seit Putters.

Wêr moat dy âlderen hinne?  Putters hat it oer lytser wenjen. Murmelt wat oer apparteminten of sa. Sjoch Putters, eartiids, yn myn jeugd, wienen de âlderen at se 65 waarden der klear foar. Nei it bejaardenhûs. Dy stiene oeral, oant yn de lytste doarpen ta. Drees die wol mear as in pensioentsje regelje. Efkes wachtsje op de folgjende griepepidemie en dan koenen se dêr terjochte.

Fansels wienen der ek genôch âlderen dy’t der hielendal net yn woenen. Dy seagen it mienskiplike gedrach besteande út biljerten,  kaartspyljen, bingo, breidzjen en foaral mei elkoar jeuzelje, net sitten. Mar de measten giene graach, en harren hûs kaam frij foar de bern.

Dy âldereinhûzen bin der net mear. Dy ha wý ôfskaft. De grutsten ha we ferboud ta fersoargingshûs. We ha de âlderein wiis makke dat se sa lang mooglik tús bliuwe moatte, ek al ferfele se har dêr dea. Sjoch nei dy iene moarn jeu de boule efter it doarpshûs. Dêr komme se op ôf. Of oare sportaktiviteiten. Of ien kear yn de wike nei it  fersoargingshûs om mei âlde kunde té te drinken.

Mar dat is it dan ek. En de sûnenssoarch yn de fersoargingshûzen kin har hielendal net dwaande hâlde mei lju dy’t inkeld de steunsokken oan hoege en har fierder sels wol rêdde kinne. Dat moat de bern mar dwaan. Mar dy wenje yn Amsterdam.

En no seit sa’n man fan it Deltaplanburo dat we wer nei it ferline moatte. Foardat Putters it sei, wiene se dêr ek al mei oan de slach.  Grutte gebouen dy’t om wat foar reden leech kamen te stean midden yn doarpen en stêdden wurde no ferboud ta apparteminten. Hiel wat oars as it bejaardehûskeamerke mei in bêd yn de hoeke fan de keamer.

No bin it faak wat útwrydske dingen. Want soks wurdt net oanpakt troch oerheden of wenteboukorporaasjes, mar troch ynfestearders. Dy wolle der oan fertsjinje. At je jild ha, kin je te plak, dus der hoege ek net sa folle boud te wurden. De rest fan de âlderein heukert yn eigen hûs om, of soarget gau yn it fersoargingshûs te kommen nei de earste beste oerhaal.

Ik skets wat in rûch byld, hjir en dêr is it bêst goed. Mar ik sit wol yn de put mei it ferhaal fan Putters. Der is net ien dy’t sa’n fjouwer apparteminten op it alde kleasterterrein fan Nijewier boue sil. Der wolle de alderen net hinne. At se der al hinne gean soenen, is der miskien ien jong stelsje wat wol wenje wol yn sa’n âld hûs. Tinkt Putters no echt dat dêrmei de krimp oan Nijewier foarby giet?

Wis, âlderein  moat in goed plak ha. En sels bepale. It gedoch, krekt as mei Nij Ylostins yn Drylts, moat net mear hoege. Foar it tsjingean fan krimp moat we lykwols in hiel nij belied ha. Yn Fryslân in apart belied omt we safolle doarpkes ha en hâlde wolle. Dat belied moatte provinsje en gemeente betinke litte. Net troch it Sosiaal Kultureel Planburo. Want hjir hiene we net om frege.

 

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Google photo

Je reageert onder je Google account. Log uit /  Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s