Eelkesweblok

Een reactie plaatsen

18 03 2020

At

At ik mei Oerol op Skylge bin nim ik dêr wolris in meksikaansk pilske. In Corona. Likegoed kin je aanst dêr net roppe ‘jou my mar corona’, dan giet it hiele terras leech fansels. Sneu, dus moat we it mar efkes oer it coronafirus ha.

At de lju alle skytpapier út de winkels klauwe en je sjogge dêrnei nei de grappen dy’t dêr oer gean, dan wit je dat wa’t noch net siik is de earnst fan in pandemie net befetsje kinne en dêrtroch siik gedrach fertoand. Da’s net besmettelik, mar at je de sosiale media besjogge,  tink je dat it wol sa is. It soe goed wêze alle sosiale media ôf te sluten foar elkenien salang at dizze epidemie der is. En at it goed foldocht, it sa mar te hâlden.

At je tús sitten bliuwe moatte omt je wat snotterich binne, dan belje je in pear coronafrije maten op. Klaverjasse mannen. Dat kin net. Omt elk dy kaarten yn hannen hat en we der net hieltiid mei in ûntsmettingsdoekje oer hinne strike kinne. We ha dus noch gjin inkelde noasje fan de maatregels dy’t je echt nimme moatte as de sykte trochset.

At it gemeentebestjoer fan Achtkarspelen in berjocht nei bûten bringt weryn stiet, wylst der tsien gefallen fan corona yn Fryslân binne, wy ha it hjir by ús yn Achtkarspelen noch net. Dan is der wat mis yn de holle fan dejinge dy’t opskreaun hat, want inkeld as je siik binne tink je yn dizze wrâld noch oan je sels.

At FNP-er Sybren Posthumus op twitter de ûndernimmers yn Fryslân fertelt dat at se finansieel lijen ha dat se dan op de burokratyske helpregelingen fan de nasjonale oerheid sjen kinne, tink ik: kom no, corona is gjin regionale sykte, fnp.

At Rutte seit dat de skoallen net ticht geane, dat die hy ferline wike noch, omt de âlden nedich binne by de soarch of plysje en dus net op harren eigen bern passe kinne, tink ik dat Rutte en syn ministers wat op’e doele binne. Oars tink je net dat elk skoalbern in plysje as heit en in ferpleechster as mem hat. Mar no traapje ik yn deselde falle weryn alle radio en telefyzjeprogramma’s foelen doe’t se Rutte syn taspraak allegeare beâldehoerden, ynsté fan der nei te harkjen.

At de regearing alle musea slút dan is it Museum Drachten sa siik dat se iepen bliuwe. Der bin wol mear musea dy’t sizze koenen: we litte der net mear as 100 besikers yn. Se kinne yn Drachten it wurd mienskiplik net.

At ‘geluidsmeetnet rond de vliegbasis’ sjocht dat oeral yn de wrâld de fleantúgen oan de grûn bliuwe, mjitte sij dat op de fleanbasis gewoan noch altyd de fleantugen mei tefolle leven de loft yngean. Kin dy dingen gjin corona krije.

At benammen horekabedriuwen al begjinne te skriemen at se in pear dagen tsien minsken minder oan tafel ha, en se wolle stipe ha yn harren bedriuw, dan binne harren marzjes wol hiel smel. Dan is in  part fan de horeka goed siik, ek bûten it coronaseisoen.

At by in epidemie de earste wurden fan ûndernimmers net binne ‘hoe hâlde we elts sa sûn mooglik’, mar ynsté dêrfan ‘hoe kin we wurktiidferkoarting oanfreegje en wannear barre we stipe fan de oerheid’, dan is ús mienskip wol hiel siik. Dan bin we allegear de Grinzers wurden fan de sniewinter ’79. Wylst wy hjir seine ‘hoe kin we elkoar stypje’,  seine se dêr ‘wie sol dat betoalen?’. As hear ik it wer.

At je in winkel of sikenhûs ynkomme en it fleske mei ûntsmettingsmiddel, de plastiken mofkes en de sjippe binne fan it taffeltje by de yngong stellen, dan wit je dat dizze mienskip sa yndivualistysk is, dat se gjin corona nedich hân hienen om siik te wurden

At reedrider Hans van Helden, hy wie goed yn de 70-er jierren, gryp krige dan dronk hy syn eigen urine op. Dêr sieten de afweerstoffen yn sei hy. Hy wie altyd mar hiel koart siik. It wie in gebrûk wat eartiids wol wat mear hiem wie, al prate nimmen der oer. Ik drink corona. Ik ha’t noch net. Mar at ik it al krij dan moat ik yndied mar efkes wat oars drinke.

 

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Google photo

Je reageert onder je Google account. Log uit /  Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s