Eelkesweblok

Een reactie plaatsen

25 03 2020

Reprise

Al moannen foardat it wurd corona bestie, rûnen der alle dagen, at it net reinde teminsten, twa manlju troch Heech. Tachtigers sa te sjen. It nuvere fan dy mannen wie dat de iene tsien meter efter de oare rûn, wylst de stoepe breed genôch wie. Ik tocht earst at de iene de oare ynhelle hie, mar it blykte dat se ûnderweis ek wol dingen nei elkoar rôpen. En se hiene itselde jaske oan, tagelyk kocht. Se hearden by elkoar. Mar werom dy tsien meter dan.

Ik kaam se fannewike wer in pear kear tsjin. Ik ha’t net frege, mar tocht moai, dizze risikogroep hat de oardel meter al ta útgongspunt naam foardat de corona der wie.

Corona dus. Ik wie frege troch de freonen fan de Omrop om op 22 april wat te fertellen oer de fjirttich jier dat ik by de Omrop wurke ha. Fansels fregen se derby om spesiaal efkes omtinken te jaan oan de sniewinter fan 1979.  Prima, want dêrtroch is dy freoneklub úteinlik ek oprjochte.

Dy byienkomst giet fansels net troch. Oars hie’k dêr fertelle kinnen dat we doe yn ’79  in wike itselde hienen wat we no al tiden ha en noch ha sille. It wie wol wat in folsleinere lockdown, de bergen snie behinderen alle ferpleatsen. Mar fansels is it no folle slimmer mei dy freeslike sykte dêrby. Doe foelen der gjin deaden. Al ha we der op de earste dei wol oer ynsitten, wie elk op tiid út syn ynsneide auto kropen. Ja.

At je noch in fergeliking dogge, doe wie de mienskipssin wol hiel wat goller as no. We spuie no raar guod op Facebook at pasjinten út de oerfolle Brabânske sikenhûzen nei it noarden brocht wurde. En it optreden fan kriminelen dy’t de sjippe en hân-gel fan de winkeltaffeltsjes rôfje sadat in oar neat mear skjin meitsje kin, is de inktswarte tekening fan ús yndividualiteit.

Dat hienen we in 79 net. Der waarden krekt as no allegear dingen betocht om oaren te stypjen. In plastik tas oan de doarkruk joech oan dat je graach woenen dat immen  foar je boadskippe. Elkenien holp mei. We dienen alles sels. De polityk die net mei, want dy koenen elkoat net berikke. Inkeld fia de radio en wy stjoerden dat allegear út, fiif dagen lang. Foar ús wie alles nij, sa’t it no foar Hilversum nei is. Alles gie fia ús. It wie de berte fan Omrop Fryslân.

Der bin no ek allerhande aksjes dy’t prima binne en weryn de echt mienskip te werkennen is. Miskien dat soks wol mear betsjut as de minne dingen, dy’t no nei foaren komme omt elk syn of har miening jaan kin op de sosiale media en dat ek docht. En dy miening moat heaks stean op de wenstige gong fan saken of op it oerheidsbelied. Want je ha toch inkeld mar sels gelyk, in oar net.

At je wat âlder binne en je bin yn tinzen oer wat der allegear optheden bard, sjoch je noch mear nei it ferline. Nee, ik ha 1866 doe’t de PC net trochgie fanwege in goalera-epidemie, net meimakke. De Spaanske griep fan 1918 ek net. Ik kom pas op’e proppen mei de oaljekrisis fan 1973. Doe’t we autoleaze sneinen hiene. Mar ik siet yn de organisaasje fan in wrâldkampioenskip moderne ritmyske gjimmestiek yn Ahoy Rotterdam. Presies, dêr wêr’t Hessel no net yn koe en ek it Eurovisiesjongfestival net trochgiet. Doe gie alles troch en ik mocht dy sneins ek gewoan ride. Dus ik murk it net.

By de MKZ-krisis yn 2001 waarden we ek net feraltearre. Ja kollega Sjouke Lousma moast troch in tobke desynfetktearend wetter bargje  as hy syn deistige ferhaal opnaam mei de doe allinnich noch boer wêzende Sjoerd Galama fan Hartwerd. Wol in soad ach en wee, mar hiel slim wie’t no ek wer net.

Mar no. Ik riidt troch Wâldsein. Moat wachtsje op in fytser. In 60-er sa te sjen. Dúdlik ien dy’t ferlegen is mei syn opleine frijheid, want dêr kin we net oer. Hy set de fyts del en skuord oan de doar fan de snackbar, it is ommers tsjin de middei. Ticht. De man skoddet de holle en stapt wer op de fyts. Hy begrypt der neat mear fan.

 

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Google photo

Je reageert onder je Google account. Log uit /  Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s