Eelkesweblok

Een reactie plaatsen

08 04 2020

Yn’ e kelder

Ik ha Jort Kelder noait lije mochten. Mar der wie gjin reden om it dêr mei jim oer te hawwen. Ik tocht dat we hjir yn Fryslân noait wat mei sa’n grachtegordelman te krijen ha soenen. Dat geaffektearde stimke kin ommers nea in Frysk wurd fetsoenlik útsprekke. Boppedat fyn ik at je it nea oer persoanen ha moatte. Net Rutte fertelt ús dat it ea 28 april wurde sil, mar de regearing. Wêr’t Rutte wer tafallich foarsitter fan is.

No moat ik in bytsje earlik wêze, ik doch dat ek wol en ha it ek dien: de polityke saak yn de skuon fan in persoan triuwe. Ik skriuw ek dat Sietske Poepjes wol dat der in nije Fryske kultuer komme moat, wylst dat de algemiene polityke opiny is, dy’t Sietske útfiere moat en miskien sels wol net iens sitten sjocht. Derby komt dat Kelder radio en telefyzjeprogramma’s makket. En dy makket hy op syn wize sa ynhâldik dat ik it bêst efkes oer de persoan Jort Kelder ha kin.

Dy Jort Kelder tinkt dat hy in bûtengewoan geweldige man is, dy’t alles better wit as in oar. Dat tinke wol mear radio- en telefyzjeminsken. Dat makket de wrâld fan radio en telefyzje en wit ik wat foar sosiale en ûnsosiale media ek, ta in ferkearde wrâld. Dat sjoch je ek op dit stuit fan de corona. Elk haffelt der op syn of har wize mar yn om. De harkers en sjoggers lêze of heare dat en sizze: it komt sa en sa. Nee. Sa tinke dy radio en telefyzjeminsken dat it komt. En dy sizze dat op in toan dy’t Ruttiger is as Rutte sels.

Werom nei ferline wike: In medium, Omrop Fryslân, ynterfjoet in oar medium: Jort Kelder. Want dat is in medium op himsels. Krekt sa’t de Ljouwerter Krante de oud-Leeuwarder Wilfried Genee ynterfjoede oer in plaatsje-lulkoek programma wat dy Genee presenteare sil. It is al slim dat der guon minsken nei harkje wolle, skriuw der asjeblieft net oer. En seker net mei in man dy’t de bek noait iepen dwaan wol en dus ûnfersteanber troch alles en elkenien hinne jeuzelt. In wûnder dat minsken sizze dat hy sa goed is: ik ha noch noait ferstien wat hy sei.

Jort Kelder. Hy hat in hûske op Skylge, al tinkt hy dat it op Terschelling stiet. Minsken dy’t in hûske op Skylge ha bin toeristen, rekreanten, twadde hûs besitters en -brûkers. Rike lju dus, mar gewoane rike lju. Kelder is bysûnder, fynt hysels. Dus de gemeente Skylge moat him, sa fynt hy, behannelje as in ynwenner fan Skylge as him dat better past.

Want  hy wol hin en wer reizgjen bliuwe nei en fan it eilân. Hy wie deabenaud dat de Waadboargemasters beslisse soenen dat toeristen net komme meie en seker net hin en wer reizgje kinne. Want hy wol sa no en dan wer nei de Skylger dúnen, want dêr prate de kninen him noait tsjin. Dus hy wol no ynienen Skylger wêze. In Fries dus. En gjin toerist.

Dat mei fan my allegear. Dat bin inkeld mar oantsjuttingen fan de individualiteit. Dat is wol ferskriklik, mar dat dat kin we net mear keare. Kelder praat altyd troch oare minsken hinne en dat die hy doe ek. Hy sei ynienen dat al dy maatregels hielendal ferkeard foar de ekonomy binne. Elkenien moat fan him hin en wer farre kinne, dan wurdt hy ek wer gewoan toerist. Hy sei der efter oan dat it dochs dwaas is dat we no miljarden ferspylje om in pear âlde núten dy’t smoke en te swier binne en dochs binnen twa jier dea binne, te sparjen of fersoargjen tsjin corona.

De logyske reaksjes (fan respektleas oant walchelik) op dy útspraak fûn hy sneontemiddei yn syn radioprogramma oerdreaun. Letterlijk ”ik wil echt niet alle bejaarden dood  hebben”. Niet alle. Ik ha in stien troch de radio soademitere. En ik fyn dat de boargemaster fan Skylge, of nee dy is wethâlder yn Ljouwert wurden, dat Arno Brok dy Kelder met in oardel meter lange stok fan it eilân ôfjage moat en as net-winske frjemdling oer de grins sette moat. Ja, dy meie altyd noch yn dit lân bliuwe. Kelder net.

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Google photo

Je reageert onder je Google account. Log uit /  Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s