Eelkesweblok

1 reactie

15 04 2020

Frij

Hjoed is it 15 april. In bysûndere dei. Us befrijingsdei. Dat wist ik lykwols pas doe’t ik  tweintich waard. Us âlden ha ús noait wat oer de oarloch ferteld. Dat wie net sa frjemd hear. Ik ha gâns oare leeftiidsgenoaten heard, by wa’t it presies sa wie. Je learden pas op skoalle wat der oan de hân west hie, lykwols saken út in boekje bin altyd lichter te fertarren as it echte ferhaal. Mar goed, ik hearde dus pas doe’t ik tweintich wie dat der in flagge op de Aldehou kaem op 15 april. Doe wie it 25 jier lyn dat de Canadezen de flagge hysten yn Ljouwert.

Fryslân frij. Dat wie yn de 70-er jierren in kreet dy’t neat mear mei de oarloch te krijen hie. It wie de slachsin fan in hantsjefol oerdwealske djip-Friezen, dy’t frij fan de Rânnestêd woenen. Troch harren krewearjen waard 15 april ynienen ús bysûndere dei; wichtiger as 5 maaie at we fiere dat hiel Nederlân frij kaam.

We fiele ús hjoed frij. We bin fansels hielendal net frij. Ik tink dat Pake Sytse, ien fan de haadpersoanen út in boek fan Rink van der Velde, de lêste man yn Fryslân wie dy’t hielendal frij wie. Benammen frii fan alle formalisme wat yn dy 75 jier oer ús kaam is. Der bin noch wol lju dy fechte har dea tsjin dat formalisme, mar se gean de boat yn.

Fryslân as provinsje hat ferplichtings ten opsichte fan de sintrale oerheid en mienskip. At we alle ferplichtings oerboard smite, soenen we net bestean kinne. Wat dy lju fan de FNP ek sizze. Ek al wol dy optheden net mear Fryslân Frij, mar wol se foech ha. Foech is lykwols ek formalistysk. Der sjitte we gjin soademiter mei op. Boppedat ha we al sjen littten, dat we dêr ek net mei omgean kinne.

Fryslân is in hiel lyts stipke op de wrâld-ierdbol. In bytsje minder read as de rânnestêd, dus wy wenje blykber noch net hutje mutje. Likegoed fuotbalje en fytse de Fryske sporttopppers yn it bûtenlân. Likegoed ha boeren pleatsen yn Ruslân, Canada en Denemarken. Likegoed ferkeapje we ús kij rûnom yn de wrâld. Likegoed lit we ús sipels yn Poalen yn in netsje flechtsje. Likegoed litte we ús garnalen yn Marokko pelle. Likegoed gean we op fakânje nei Thialân, Bali, Egypte of wêr ek op de wrâld. Likegoed ha flechteligen út Syrië of Iran hjir in gol plak. Likegoed studeare wy yn Tokio of Peking. Likegoed helje we ús Oerolstunts út Brazilië of Guatamala. Likegoed wurde de yn Colombia en Ecuador makke drugs op it Waad oan lân brocht. Likegoed ferplege ús susters de siken yn Mali en Congo. Likegoed bin der op Amelân altyd mear Dútsers as Friezen, ek 75 jier letter. Likegoed….  Ik kin noch oeren trochgean. Koartsein: Fryslân is in foar harsels wêzenlik ûnderdiel fan de hiele wrâld.

En dat jild foar de measte minsken yn de measte lannen. En at je earne ûnderdiel fan binne, ha je ferplichtings nei elkoar ta. Dus bin je net frij fan elkoar. Fryslân Frij bestiet net.

Wat fiere we dan hjoed? No dat we doe los kamen fan ôftwongen net-frij wêzen. Dat de ferplichtings je mei in gewear yn de oanslach ôftwong waarden. En at je “frij” rôpen en dienen, waard der echt sketten. Dat wie op dy 15e april foarby.

De ferplichtings dy’t we no ha, ha we oer ússels ôfroppen. Jawis, we sputterje noch wolris tsjin, want we wolle eins yn dit gekke stikje wrâld alles sels betinke en útfine. Wetter, witte we alles fan. Fine we sels út. Mar at der in Fries komt en dy lit in finne wetter fan A nei B streame yn Timboektoe, dan ha dy timboektoenezen der miskien net oer meipraten. Dy bin noch net frij.

Dus at der hjir yn Fryslân ris sân, wyn of sâlt wûn wurdt en we wisten it net en we ha der net oer mei âldehoerd, dan wurde we dwers. Hiel dwers. Dat is goed. Mar hoe lang bin we dat noch? Doe’t ik 20 wie stie in hiele seal oerein at der immen wie, dy’t sei kin jim ek gewoan hollânsk prate. En no? No helje we de skouders op.

One thought on “

  1. Akke de Ka hie der eartiids yn Frysk en Frij in oare miening oer. Mar de tiid hâld gjin skoft , Tetman hie it al troch. Komt noch by, yn’e 60- stiger / 70 – tiger jierren hiene we te meitsjen mei in oare generaasje . No’t jo radio oan smots is en der tiid is om te lêzen : yn Bokwerd Omhoog ! (1977 ) bls. 15 en 16 , hie de sktiuwer al in foarútsjende blik mei syn ” Fies Blinder ” en ” FNP ” . Der binne fansels wol mear skriuwers en prefesters sneuvele op plagiaat , mar it wurdt oppassen wannear ’t jo kollums útplúze wurde .
    We binne oan it keatsen en sylen ta , fijne dei noch, Frâns

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Google photo

Je reageert onder je Google account. Log uit /  Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s