Eelkesweblok

Een reactie plaatsen

22 04 2020

Oardelmetermienskip

Rutte wie juster dúdlik. Hy begrypt o sa dat jo je heit fan 98 noch in kear moetsje wolle. En dat jo nedich nei de kapper moatte. Mar it kin net. Der kin net sa folle mear dit jier. Rutte sei earst hou vol. Dat ha we dien. Mar no moat we linkendewei nei in oardelmetermienskip. In skets fan takom jier, 2021.

In skûtsje is 19 meter lang en trije meter breed. Dus der soenen noch sa’n sân bemanningsleden oardel meter fan elkoar op in skûtsje sitte kinne. Dan moat de âlde swurdslierkes der wer op. Seil en fok swier reve, oars kin se it net sjorre. Foar my as sjurylid by de SKS wurdt it makliker. At de skippen net tichter as oardelmeter by elkoar lâns meie, ha wy neat te dwaan.

Yn Ealahuzen is in pear jier lyn in lyts restaurantsje kaam. Yn it kantoarke fan de âlde molkfabryk. Dus hjit it restaurantsje ‘de nieuwe Melkfabriek’. Dêr kin je ite yn in romte fan pak’m beet fiif by fiif. Yn de oardelmetermienskip kin dêr dus mar trije minsken ite.

Ek gâns oare restaurants ha aanst swirrichheden. At it iten serveard wurdt, gean de gasten der nei it slokje earst wer út, at se de ober teminsten ferstean efter syn mûlkapke. Dan set dy ober it iten op tafel en dan komt it duo iters, want mear mei net oan ien taffeltsje, wer werom. Yngewikkeld.

Foar guon minsken wurdt it lykwols fleurich. Wat moai dat jo kapper aanst in mûlkapke foar ha sil. Dan hâldt er einliks in kear de mûle, ynsté fan allerhande domme fragen te stellen oer je bern of oer de fakânsjes. Dy’t je ek al net mear ha.

De oardelmetermienskip hâldt yn dat we aanst altyd op syn ingelsk, dus netsjes op oardel meter fan elkoar, yn de rige stean moatte. Stel,  Hearrenfean-Ajax lûkt 20.000 taskôgers. At dy yn de oardelmeter rige stean, dan is dy rige 30 km lang. Jim begripe it, dan starte by it Cambuur stadion.

Elkenien moat fan Rutte sykje nei syn oardelmeter. Myn acupuncturist  is al oan it oefenjen mei prikkers fan oardel meter. Plus it fiif sentimeter nuddeltsje

De dûnslearaar hat no in plestik poppe. Dêr dûnset hy mei om sjen te litten hoe’t dat moat. Net mear oan de echte klanten komme. Gean sa mar troch.

Oan de oare kant is it ek wol goed. Dat we ús de hannen faker waskje. Dat we net altyd oan elkoar sitte te griemen. De winkels giet no dochs prima. It is ek net mis dat je no as bijfertsjinste  karkeferskjinnen ha kinne. En dat dy grouwélige buorfrou fan 200 kilo jo net mear oan de kant reaget.

Prima dat grutte bedriuwen de freeslike kantoartunen ôfskaffe sille. Ik ferjit noait wer dat ik der by de Omrop ynkaam en dat der net in plak mear foar my wieyn sa’n tún. Keapje mar wat fan dy winkels dy’t leech stean omt se alles fia ynternet dogge, en meitsje dêr kantoaren fan. En splits jim grutte direksjekantoaren mar yn tsienen.

We bin ek ôf fan it probleem dat guon wrede âlden har bern tsjin de holle slagge. Mei net mear, dan is de oardelmeter fuort. Bankiere, parkeare en wat al net, it sit aanst allegear yn appkes op ús telefoan.

Boufakers woene earst allegear mei eigen auto nei de klant, mar dat is tefolle CO2. Nee, se moat aanst folle bredere auto’s meitsje, dan kin se oardelmeter fan elkoar ôf sitte. It betsjut wol dat we oeral ienrjochtingsferkear krije, der kin mar ien sa’n breden oer de dyk.

Ien ding ha’k noch net oplost. Echte mienskip. De seks dus. Rutte en Van Dissel hear je dêr  noait oer. Hou vol sizze se, mar dat slacht neffens my dêr net op. At je no op ien plak de sykte oerdrage kinne, is dat mei seks. Dat kin je net dwaan op oardel meter ôfstân. Mei in mûlkapke wol ek net. En je kin seker net mear oeral en mei elk seks ha, sa’t ek wol in soad bard.

Hoe regelje we de seks yn de oardelmetermienskip. Aah natuerlik, in stikje pleksiglês der tusken yn. Ek wer oplost. We bin der klear foar.

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Google photo

Je reageert onder je Google account. Log uit /  Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s