Eelkesweblok

Een reactie plaatsen

29 04 2020

Wekker wetter

It wie suver ferline wike wat mearke-eftich. Der barde wat geweldichs yn Fryslân: wetterskip Fryslân is wekker wurden. Dat wetterskip hat nammentlik, ek doe’t it noch net mear wie as alve lytse wetterskipkes, altyd salich lein te sliepen. No ja, Henk Kroes hat se op in gegeven stuit hiel efkes wekker skodde. Want at it begûn te friezen, fûn hy, dan moasten se de útlaatgemaaltsjes efkes útsette. Dan waard it wetter wat rêstiger en kaam der wat earder sterk iis. Koe wol seinen se, setten dat op it automaatsje en foelen wer yn sliep.

Se bin yndertiid yn sliep brocht troch it CDA. Doe’t dat noch bestie út trije partsjes. Dy seinen ‘jim moat presies dwaan wat dy âlde grize mannen sizze. Jim witte wol, dy heareboeren, dy’t hjir ien kear yn it jier komme en dan dikke segaren smoke en jenever sûpe. At jim no presies dogge wat dy sizze, dan bliuwt dizze fierder oerstallige organisaasje bestean’. Se learden in pear soannen fan dy heareboeren hoe’t se de knopkes betsjinje moasten en foelen yn sliep.

Se harken dus ek net nei Piet Paulusma. Rein of droech waar, it ynteressearde harren net. Se hearden ek net dat de fûgels yn de greide skriemden om wetter foar har berntsjes. En wittenskippers dy’t seurden oer sike, droege feangreide smieten se yn diskusjes mei dy heareboeren. Dy seinen neat oars as ‘kin wol wêze, mar we dogge it sa’t we it altyd dien ha’. Klimaat, dêr hienen se by it wetterskip noch nea fan heard.

De boeren krigen in pear jier lyn tefolle mûzen. ‘Ach’, seine de heareboeren, ‘doe en doe hie ús heit ek lêst fan mûzen. Dy gean fansels wer fuort’. Mar de jongere boeren lieten de mûzen fersûpe. En seagen fernuvere dat de greide it pûrbêst die yn dat mûzeswimwetter. Se rôpen dat ek wol, mar it wetterskip sliepte. Of die krekt of it sliepte.

Nei de droechte fan 1975 en benammen 1976, en de drokte doe oer dat alsmar sliepende wetterskip, kamen der ek gewoane lju njonken de heareboeren yn it wetterskip. Mannen mei burden , stikkene spikerbroeken en bleate fotten yn de sandalen. Natoerminsken dus. It CDA sei lûdop dat it nedich wie dat der in pear sokken yn it wetterskip kamen, mar makke stiekem de rigeltsjes sa dat de heareboeren altyd baas bliuwe soenen. En it wetterskip sliepte lekker troch.

No ha we wer twa droege simmers hân, it wetterskip waard der dus  net wekker fan. Se skrokken net iens doe’t der hieltyd wat mear natoerminsken yn kamen. Fia de wenstige verdeel-en-heers praktiken, der is gjin partij dy’t soks better behearsket as it CDA, koe it wetterskip trochsliepe.

Fannewinter, of dus eins fannehjerst, klettere de rein wol hiel lang en bot op it dak fan de wetterskipssliepkeamer. Wat in wetter. De slieprige wetterskipshân drukte efkes op it Woudagemaalknopke. Weg ermee. Wy sjoernalisten tikken it wetterskip fersichtich op it skouder en fregen oft it lijen fan de droechte wol foarby wie. ‘Nee, lokkich, (mar dat seine se net lûdop), it wetter sakket net djip genôch, we kin der neat mei.

En no is it dus wer droech. We moat wetter ha. En mei de krisis krigen de heareboeren net safolle drank mear of sa, mar ynienen is it harren te droech. Dus nei harren eigen wetterskip. Dêr ha se alle alarmbellen dy’t se mar betinke kinne ôfgean litten. Se rôpen: wetter, wetter, wetter. En dêr is it wetterskip dus no wekker fan skrokken.

En se sjogge no ferslein nei de grutte foarried wetter dy’t se fuortstreame litten ha. Se ha neat yn de sleaten stean litten. Dêr hienen se wol wat mei kinnen. En de boeren hiene der gjin lêst fan hân, dat wit wy al lang. Se ha ek neat yn reserve stean litten. Wylst se sjogge, no’t se net mear sliepe, dat it inkeld om de plasdras hinne noch goed giet.

En doe is dus dat mearke bard. Doe hat der immen fan it wetterskip syn ferûntskuldigingen oanbean en sein dat we dat wetter hâlde  moaten hiene. No moat we wetter keapje. Mar ja, it wetterskip hat sliept. Dus neat fertsjinne. En leit no tsien miljoen euro en noch folle mear mingels wetter efter.

 

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Google photo

Je reageert onder je Google account. Log uit /  Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s