Eelkesweblok

Een reactie plaatsen

06 05 2020

Geiten

“Een ongekende aanslag op het mooie Friese landschap door de schaalvergroting in de melkveehouderij”. At in Keamerlid dat seit moat je wach wêze. Selfs at dy man Tseard hjit, foarsitter west hat fan de suvelorganisaasjes, D66er is en kollega Ferdinand de Jong him net iens snuven hearre wol, dochs moat we rekken mei him hâlde.  D66 is in regearingspartij, en at in regearingspartij fynt dat de molkfeehâlderij in oanslach dien hat op ús lânskip dan moat wy ús efkes yn it hier klauwe. Dat kin we net ôfdwaan mei te sizzen dy Tjeerd de Groot doocht net. Of D66 doocht net. Krol en 50plus kin we noch om gnize, D66 is wat serieuser.

We ha dat net sa yn’e gaten, mar dy man wol ús behoedzje. Foar longûntstekking en geiten. Earst dy geiten mar. Hjir en dêr sjoch je noch ien yn de bleek stean. Fierder sjoch ik noait in geit, útsein myn eigen dy’t ik sa no en dan ferstekke moat. Mar der bin sa’n lytse 25.000 geiten yn Fryslân. Tsjin 600.000 yn it hiele lân. Dat ferskil wie eartiids lytser, want doe stienen de gemeenten de Fryske Marren en Súdwest-Fryslân noch as earsten yn it rychje geitegemeenten yn hiel Nederlân.

De massa geiten wennet no yn Brabân en Gelderlân. Dy hoeke. Wy molken se noch, dêr is it no yntensive feehalderij. Dat hat fansels te krijen mei de de minsken út islamlannen, dy’t hjir inkel hinne woenen at se sa no en dan in geit opite koenen.

Dat soarte feehâlderij woe Fryslân net. We krigen in geitestop. Mar no wol it provinsiaal bestjoer dochs wer mear geiten tastean, der is ommers oan te fertsjinjen. VVD, CDA fansels, mar ek ChristenUnie en Foarum voor Democratie wolle de geitestop opheffe.

Der is in hiel oar aspekt by kaam. Dat is fansels de corona fan optheden.  Hieltyd mear ûndersiken wize út dat de corona it earnstichst is yn de gebieden wêr’t yntensive feehalderij is. Dat liket in UFO-ferhaal, it is ek noch net bewiisd, mar it is wol opfallend. Want der is in ûndersyk oan taheakke. Mei as útkomst dat der mear longûntstekking is yn dy gebieden. Mear geiten is mear longûntstekking seit Tjeerd, en lju mei longûntstekking bin fetberder foar corona. Dus de geitestop moat geitestop bliuwe.

De oare partijen twifelje dus oer dy geitestop. Want de corona yn Brabân kaam miskien fan it karnaval yn de geitehokken, mar no ha Gelderlân en Utrecht it ek mear. En komt dat net fan dy geitehâlderijen en oare yntensive lânbou? Soe it dan dochs better wêze om de geiten mar earne oars del te setten. Yn Italië en Spanje bygelyks, ek swiere coronalannen?

It andert is hiel simpel. Fansels is it sûner om efkes mei in sylboatsje oer de Fluessen te farren, as in middei yn it geitehok te sitten. Dat witte wy ek wol. Mar dy geiteboer komt wer tusken de geiten wei , stapt it hiem op en snúft de Fryske frisse lucht wer yn syn ieren en sinen. En sjocht mei ferhearliking nei it Fryske boerelânskip. Wat we yn al dy jierren sa makke ha, fanút in lykwicht tusken ferkeard en goed. En miskien is it yn en ûnder de grûn allegear net likegoed beteard, miskien wie de produkskje hjir en dêr wolris oan de te hege kant, mar dat bin we no allegear al lang oan it ferbetterjen. Mar der is noait ien boer en of ko wêzentlik oan it lânskip kaam.

At De Groot seit dat wy ús lânskip fertuteazjen litten ha fanwege de molkfeehâlderij, dan wit hy echt net wer’t hy it oer hat. Mei ‘ongekende aanslag’ toant hy gjin inkeld respekt foar it lânskip. Us lânskip, wêr’t ek de measte, miskien wol alle, Fryske boeren har wille oan belibje. Ryk, sizze se altyd.

Dat makket daliks dat nei it oare boadskip fan De Groot, tink der om jonges, dy geite- en oar yntensive feehâlderijen bringe mear longûntstekking, net harke wurdt. Singelier, dat je as politikus sa’n saaklik boadskip ferminge mei jo eigen ek noch ferkearde miening. Dan ferlies je. De geiten komme wer. Al soe’t inkeld mar wêze omt Tjeerd de Groot dat krekt net wol. Ja, dan moat je ús lânskip mar net sa misledigje.

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Google photo

Je reageert onder je Google account. Log uit /  Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s