Eelkesweblok

Een reactie plaatsen

13 05 2020

Wardenier

Je soenen it hjir no ha moatte oer it bestjoer fan de Slachtemarathon, dy’t de ynskreaune minsken mar foar de helte werom betelje wol en  dan is it net wis at se de oare kear wol meidwaan meie. Unfreonlike arrogânsje. Of je soene it ha kinne oer Yntze de Vries, de man dy’t de polityk feroarje soe yn Smellingerlân. Dat hat hy dien, it is no  folslein ûnbestjoerber. Of oer it provinsiaal bestjoer wat ús ta klikspanen meitsje wol oer it Frysk, krekt as wurdt dat better at de provinsje dan elk op de flikker jout.

Myn tinzen gienen lykwols nei de haadtribune fan it âlde stadion fan Hearrenfean. By de sintrale opgong stie yn de 70-er jierren in suppoost. Hy hie noch gjin opfallend heske oan, gewoan in lange jas. Hy hie it net sa op sjoernalisten, mar ik krige wol elke kear in freonlik wurdsje. Soms ek in ferhaaltsje; dat gie altyd oer dat it âlde Hearrenfean fan Abe better wie as it Hearrenfean fan doedestiids.

Der kamen in kear wat bolbjirken lju de tribine op. Foardat je wat sjen koenen hie dy suppoost in rubber knuppeltsje út syn lange jas skuord. Ferbean, mar hy sloech der omraak mei. Frjemd, sa’n agressy. Dus ik frege ris, wa is dy suppoost. Wardenier! Kinst dat ferhaal net? En doe krige ik it ferhaal fan Wardenier syn heit.

Dy kaam fan Stienwikerwâld, wenne letter yn Wolvegea. Yn 1934, hy wie doe 22, soe hy dêr de brânstofleaze automoter útfûn ha. In soad lju hellen de skouders op, mar dat wie oer doe’t like dat Philips dy moter boue soe. Yn in fabryk yn Wolvegea. Wardenier hie mei wethâlder Muurling grutte plannen. Dy wiene ynienen oer. De boargemaster sette Wardenier yn Frentsjer. En Wardenier syn moter en de tekeningen dêrfan waarden stellen.

De dokters seine lykwols dat him neat oan de harses mankearde. Wardenier kaam tús. En hy hat noait wer in slach dien. Neffens de ferhalen hat Philips him altyd rynsk bettelle. Sa wie dan in gefaerlike fijân fan de oalje- en benzinefrettende auto oan de kant. Wardenier hat der noait wer oer praat.

Syn soan ek net. Dy hâlde him stil doe’t ik der in kear nei frege. “Niet voor journalisten”, sei er en prate oer Abe. Ik tink dat se yn it gesin Wardenier in soad lêst fan sjoernalisten hân ha. Muurling is ek altyd stil bleaun. De skiednisskriuwers ha net folle mear ûntraffelje kinnen as wat ik jim no fertel. It bliuwt dus in ferhaal. Mei in hiel soad  fraachtekens

Miskien wurdt it no oplost. Want ferline wike sloech de âld Boalserter  Willibrordus van der Weide op deselde trommel. Hy hat de moter fan Wardenier wer nij libben ynblaast. Hy sei derby dat Wardenier syn moter ek net brânstofleas wie, je moasten der wol wat ynsmite.  Van der Weide, dy’t no yn Arnhem tahâldt, en al bekind wie fan syn útfiningen oangeande de suvel en plantaardige oalje en sa, hat tegearre mei in Oekraïnse technikus in Wardeniermoter makke.

Wit jim wêr’t dy moter op rint? Stront! Yn stront sitte neffens him allegear heechweardige produkten wêr’t genôch enerzjy útkomme kin om der in moter op rinne te litten. Dêr lit ik it by, want ik ha gjin lover technysk ferstân.

Stront. Reedrider Hans van Helden dronk as hy siik waard syn eigen urine op. Dêr sit antistoffen yn sei hy. Ik ha my tidens de koaroanakrisis wol ôffrege werom at dokers dat net foarskriuwe , mar miskien bart dat ek wol. Dat wit we net. We witte ek net at Van der Weide syn ferhaal en moter wol doge.

Want ik moat der net oan tinke dat at aanst ús tank yn de auto leech is, we de auto oan de kant sette, der efkes yn skite en dat dy auto dan trochride kin. Of dat we it lân yn kuierje en oan de ko freegje at sy efkes skite wol.

At it ferhaal fan Wardenier al doocht hat, hoop ik net dat de oaljeyndustrie no op’e nij soksoarte fratsen úthelje sil mei Van der Weide. Ja fansels, Van der Weide wol ek wol binnen wêze. Mar al dy jierren autoyndustry op grûn fan oalje hat de wrâld der ek net better op makke. Dan moat we it mar mei stront besykje.

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Google photo

Je reageert onder je Google account. Log uit /  Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s