Eelkesweblok

Een reactie plaatsen

20 05 2020

Krijger

Meastal docht in krijger it goed yn in oarloch. Marinus Krijger wie yn de twadde wrâldkriich lykwols boargemaster en dan ha je it dreech. Marinus Krijger wie boargemaster fan Lemsterlân, sûnt 1935. Doe wie syn heit Jan ek al boargemaster. Yn Vriezenveen. Dernjonken wie  Jan Keamerlid foar de Christelijk-Historische Unie. Ferwar dy partij fan doe net mei de ChristenUnie fan no. Dy âlde CHU is letter opgien, mei KVP en AR, yn it CDA. Dat wie Jan Krijger min nei’t sin, hy koe Roomsen net snúven hearre.  Hy rekke 1946 wer út de Keamer by de ferkiezings. Dat jiertal is foar dit ferhaal net ûnbelangryk. Dat ferhaal giet lykwols oer syn soan Marinus, de SDAP-boargemaster fan Lemsterlân.

Ik sei al, in boargemaster yn oarlochstiid hie it dreech. Je moasten   dwaan wat de Dútsers seinen. Sybrand Marinus van Haersma Buma, doe boargemaster fan Wymbrits, pake fan de hjoeddeiske boargemaster fan Ljouwert, die dat bygelyks net en waard al rille gau ôffierd en is Neuengamme ferstoarn, yn 1941. Fryslân krige op dy wize in soad NSB-boargemasters. Oaren bleauwen lykwols sitten, dienen wat de Dútsers seinen, mar koenen dêrtroch yn it ferset in wichtige mar o sa geheime rol spylje.

Dreech wie dan nei de oarloch yn alle emoasje fan doe, dat oer soksoarte mannen oardield wurde moast. Marinus Krijger waard yn 1947 feroardield ta in heal jier foarwaardelike finzenisstraf. De eask wie fiif jier sitte, der wiene ommers telefoanfroulju dy’t him mei de Dutsers praten heard hiene. Dêr ha se blykber net nei harke. Of hat ynfloedrike heit Jan in rol spile? Yn elk gefal wie ien fan de lieders fan it ferset yn Fryslân Piter Wybenga dêr tige lulk oer. Yn ien fan syn fersetsboeken stiet dat beskreaun. No hie Piter sawat mei elkenien yn it ferset spul, dus we witte net alles.

 

Mar no it frjemde oan dit hast 75 jier âlde ferhaal. Marinus Krijger hat in heal jier skorst west as boargemaster. Hy kaam nei de skorsing gewoan it gemeentehûs fan Lemsterlân wer yn en gie efter it buro fan de boargemaster sitten. Singelier dat immen dy’t wol feroardield wie, gewoan wer boargemaster waard. In jier letter waard hy ek noch werbeneamd. As wie der neat oan de hân west.

Yn de nacht fan 4 desimber 1957,  hy wie noch altyd boargemaster sette hy, nei in gearkomste yn Snits syn auto tsjin in beam yn Follegea. Dat hat hy net oerlibbe. De ried fan Lemsterlân wie der sa oandien fan dat se de namme fan it plein wêr it gemeentehûs op stie, de Markt, feroaren yn it Burgemeester Krijgerplein.

No, 62 jier letter, sette de Lemsters dêr pas fraachtekens by. Hienen we dat plein wol nei Krijger neame moaten. Se witte noch altyd net werom at hy 77 jier lyn, yn 1943, frou Frankema fan Ychten net warskôge hat dat de oare deis plysjes komme soenen om har seis joadske ûnderdûkers op te heljen. Dat waard him nei de oarloch letterlik ferwiten. Hie wat dien. Fan oare boargemasters is bekind dat dy soks wol dienen. De ophelle ûnderdûkers bin allegear dea makke.

In dokumentêre fan Omrop Fryslân joech oan dat Krijger faak út eigen ynisjatyf dingen nei de Dútsers oerbrocht. Sa wie hy wol wat.  Mar hat hy no sels de opdracht jûn yn ’42 om it kommunistysk riedslid Jacob de Rook op te pakken en nei Buchenwald te stjoeren? Wit we net. Hat hy sels Jouke Bootsma oanjûn fanwege de maaiestaking yn ’43. Wit we ek net. Der is al in bryf út 1937, werby’t hy in list fan Lemsters opstjoert, wêrfan hy ferwachtet dat dy wol tsjin de mobilisaasje yn opstân komme sille. In fan-te-foaren-klikspaan. No bin je foar de oarloch net skuldich, mar it jout argewaasje. Seker by de Lemsters wêrfan guon heit of pake op dat listje stean sjogge.

Se wolle dus fan de namme burgemeester Krijgerplein ôf. Wethâlder Roel de Jong fa De Fryske Marren hat it NIOD al ynskeakele. Dy moat no ûndersykje wat se yn 1946 net útfine koenen.

Ik soe, yn tsjinstelling ta de Lemsters, de namme mar sa litte. Op dat plein kin de Lemsters dy’t dêr sitte har tenei ôffreegje werom at yn fredesnamme harren heiten en pakes as Lemsters dy man yndertiid dochs wer gewoan boargemaster wurde lieten.

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Google photo

Je reageert onder je Google account. Log uit /  Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s