Eelkesweblok

Een reactie plaatsen

27 05 2020

Betelle frijheid

Wy Friezen bin in frij folk. Untstien fanút boeren en skippers. De rest fan it folk hat dat meikrigen. Frij wêze, ûnôfhinklik. Dêrom is it logysk dat de wethâlders fan Dantumadiel sels wer wat amtners ha wolle. Se diele dy amtners no mei de gemeente Noardeast-Fryslân. Dan ha je dus net altyd alles oer harren te sizzen. En boargemaster Klaas Agricola wol in eigen alcoholamtner, want se sûpe dêr nochal wat, en ien dy’t de riedsleden wat fetsoen by bringt.

Dantumadiel smiet de amtners in pear jier lyn yn de noardeastelike fúzjebak, de bestjoerders gienen har eigen frije wei. Bestjoere wol  net at je amtner seit dat je efkes wachtsje moatte, want hy is dwaande mei de romtelike oardening fan Holwerd oan See, dat kin noch wol in pear jier duorje.

Eigen amtners. Dat kostet per jier dik trije miljoen. Wêr’t soks fan betelle wurde moat is net dúdik. Der is mar ien ding echt dúdlik: dat elkenien bûten Dantumadiel yndertiid sein hat dat it net wurkje soe. En dat is ek sa. It blykt mar wer dat we hjir net mei soksoarte frijheden omgean kinne. De provinsje hie yndertiid sizze moatten dat dit in ûnlogyske, net wurkbere en dus net tastiene kar wie.

Frjemd foar it oare dat de FNP-er yn de ried, Ferry van der Ploeg, nét wol dat Dantumadiel sels wer amtners krijt. Wylst de FNP dochs altyd tsjin fúzjes west hat, dus soks hie him as it Frysk folksliet yn de earen klinke moatten. Dat is net sa. Gjin idé wêrom at dy man dwers tsjin syn eigen partij stiet. Of miskien inkeld omt de lju dy’t foar de fuzje wienen no ynienen dêr wer dwers op stean. Dwers tsjin dwers, de ried fan Dantumadiel eigen.

We ha it no dochs oer de FNP. Dy hie net yn de provinsje of yn de ried fan Dantumadiel sitte moatten, mar yn de Twadde Keamer. Dêr wurdt nammetlik hieltyd wer oan Fryslân omklaut. Sa wol minister Slob no de subsydzje oan Tresoar stopje. Ik soe sizze logysk, Tresoar is by útstek in provinsiaal orgaan, dêr moat de provinsje, wy dus, sels mei rêdde.

At je oan Tresoar freegje wat se dogge sizze se: wy bin it bewarplak fan de Fryske skiednis. Dêrmei dogge se harsels tekoart, of se moatte sizze dat de skiednis ek juster healwe tolven wie. Je kin der alles fine.

Bygelyks dat Dantumadiel, mar ek hiel Fryslân, net mei frijheid omgean kinne. At we it oars ha wolle as it gewoanwei giet, dan rjochtsje we sels in kommisje, feriening, partij, stifting of wat dan ek op. Benammen yn de taal ha we der safolle fan dat we it sels noait mear iens wurde en dan bin je foar it ryk maklik út te skeakeljen.

Tresoar hat de tsjinstridige hâlding. Dy ha fan it begjin oan alle ferskillende dingen by elkoar socht en dêr in sintraal gehiel fan makke. Inkeld de Akadeemje woe noait meidwean en dy kin dan ek hast begroeven wurde.

Yn de eagen fan Slob is Tresoar lykwols neat oars as in hoeder fan de skiednis. Dan komme dy frije Friezen en sizze dat Tresoar ek soarget foar taal en kultuer. Ja, je kin alles wol mei dy Fryske taal begrieme. En alles útsein sport is kultuer, dus dat kin ek wol. Fine se dan dat Slob no neitinke moat oer “de Skiednis fan Fryslân”, in boek út 1953 fan Douwe Kalma. Hy hat it yn it Frysk skreaun, moat Slob dêrom no Tresoar bestean litte. En hoe moat dat mei de notulen fan de Alvestêddetochten, dy lizze ek yn Tresoar, mar dy bin allegear yn it hollânsk.

Frijheid, ûnôfhinklik wêze is it goede wurk fan Tresoar net op te hingjen oan petearen tusken Sietske Poepjes en Arie Slob. Dêr komt inkeld mar in ferkearde heale tuskenoplossing fan. Frijheid betsjut dat je mei it boarst foarút sizze kinne: wy bewarje ús eigen skiednis, en om my ús taal en kultuer. Mar we dogge dat op ús eigen wize. De wize fan Tresoar. En dat betelje we sels wol.

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Google photo

Je reageert onder je Google account. Log uit /  Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s