Eelkesweblok

Een reactie plaatsen

03 06 2020

Twifels

Somtiden ha je twifels oer saken dy’t der barre. Twa stienen dit wykein njonken elkoar op de app fan Omrop Fryslân. It iene wie dat steatelid Marten Dijkstra fan de VVD soargen hat oer de wolf. Neffens him komt dy ek yn Fryslân foar en hy fynt dat it provinsiaal bestjoer dêr op jeije moat. Dy moat soargje dat de wolf bûten Fryslân bliuwt.

No sjoch ik Sietske Poepjes noch net yn it tsjuster, langút efter in dûbeldloops yn de dúnen fan Appelskea of Bakkefean lizzen te wachtsjen op Bor. Ik  tink dat, yndachtich sa’t it CDA altyd polityk fierd, it earst noch mar ris wis wêze moat dat de wolf yn Fryslân is en dat dêrnei omraak besprutsen wurde moat hoe’t je dêr dan mei omgeane.

Ja, sa moat it dus net, seit Dijkstra. Hy fynt soks teloarstellend. Mar goed, dan moat der wol gau in meldpunt komme. Sadré at in wolf je yn de hals hinget moat je belje. En jagers moat frij spul ha om te sjitten, de wolf moat net mear in beskerme bist wêze.

Mar dêrmei kom je op de twifel. Ik fyn it eins wol moai dat de wolf yn Fryslân wer werom komt. Ik soe bêst ris sa’n bist yn libben sjen wolle en folgje. Mar ik begryp ek bêst dat de skieppeboeren dêr in hekel oan ha, want at aanst krekt as yn Heusden oates en toates deade lamen yn de greide lizze is ferskriklik. Twifels. Elkenien hat dat. We hearre hjiroer ek neat fan de Partij voor de Dieren, want dy ha fansels ek twifels en doare der net iens in kongres oer  te hâlden.

Twifels bin der ek oer Skiermûntseach. Nee, net oer dat gefal fan wethâlder Johan Hagen. De dyk wêr’t de bus lâns moat kin oer syn terrein foar boerebedriuw en groepsakkomodaasje útwreide wurde. Of se moat in nije wei oanlizze, dy’t in hiel soad oaren net ha wolle. Hy seit dat er net mear mei praat, mar dat ha’k fan gjin inkele eilander ûndernimmer ea leaut.

Nee, it giet oer de grins fan Skier. De eastkant fan it eilân skood hieltiid fierderop yn de rjochting fan de Grinzer gemeente Het Hogeland. It bin mar sintimeters, mar at je in pear jier wachtsje is it in meter. Der moat elke pear jier grinskorreksjes komme. We ha nammentlik yn Nederlân formalisme as útgongspunt en dat betsjut at der ien dea gean soe op dy meter, dan moat dy Grinzers der mei rêdde. Soksawat. Unsin, mar yn ús amtelike sfear bard soks. At je no earne opskriuwe soenen dat Skier in eigenstandige gemeente yn Fryslân is, dan is it dochs klear soenen wy gewoane minsken sizze. Mar nee, formalistyske grinskorreksjes.

Dêr kin je, tiid- en jildferspillend, hearlik oer âldehoere, want politisi op Skier ha dochs neat oars te dwaan. Boargemaster Van Gent sei, let op, “dat ik gelukkig nu weer baas ben over het hele eiland”. En Bart Pastoor, Grinzer fan komôf, sei dat je dochs fersichtich wêze moatte, want der bin oarlogen foar minder ûntstien. No, oarloch mei de Grinzers, it kin my net gau genôch barre. Hup Sietske, mei dy dûbeldloops ek mar nei it strân fan Skier om dy Grinzer wolven ôf te sjitten.

Dy beide berjochten stienen om in serieus berjocht hinne: dat hjir ek yn Fryslân minsken protesteare tsjin de coronamaatregels fan de oerheid. It regear hat, alsmar twifeljend, noait goed wittend hoe as wat, ôfhinklik fan de wittenskip, dochs ien goed belied útsette moatten. Fansels doch je mei sa’n belied guon minsken sear. Mar at we de sykte gewurde litten  hienen, hiene der noch folle mear minsken it hiel sear hân.

Efterôf kin je in soad sizze oer dat hie sa moatten en dat en dat hie net hoecht. En je meie bêst bliid wêze, dat je wer op in terraske sitte kinne, neat mis mei. Mar dy  protestearders sizze “verzet is een plicht”. Ja, doe’t de Dútsers kamen. Of de Grinzers aanst komme. Of tsjin de krúsraketten. Of no yn Amerika tsjin wite plysjes en hun baas Trump.

Of hie dat lêste toch mar efkes net mear moatten. No mei dy corona. Ferdomme, no begjin ik dochs wer te twifeljen.

 

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Google photo

Je reageert onder je Google account. Log uit /  Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s