Eelkesweblok

Een reactie plaatsen

10 06 2020

Net eamelje

De provinsje Fryslân hat, omt se net iens klearkrije koene dat it in nasjonaal stânpunt waard, in bryf stjûrt oan Portugal. Dat moat dêr gjin fleanfjld delsette, want dan reitsje miskien wat fan ús skrieskes fan de lech. Mei it skriuwen fan dy bryf en de publisiteit dêrom hinne rûn it wetter by my oer de rânne fan de tobbe. In brede grutte tobbe, want ik kin in soad ha, mar dit wie echt tefolle.

De Fryske boeren fermoardzje jierliks sa’n 5.000 jonge skriezen, om’t se goedkeape molke yn de winkel ha wolle. De provinsje Fryslân, dy’t dat boerebelied stipet, fermoardet dêrnjonken noch sa’n 5000 skiezen, omt se de stienmurd, foks, greidekatten, ratten  en muzebiters hilliger fine as harren nasjonale fûgel, de skries. Wy meie net op dat ûnrant sjitte. Wy moat oantoane dat it der is em dernei wurdt der noch jieren oer eamele. Dêr ha’k, net allinnich by de skriezen, fierhinne myn nocht fan. Hâld op mei eameljen.

We hearre de lêste wiken oars neat as geeamel oer ûnbenullichheden. Smyt dat no ris oan de kant, en meitsje ien grut goed ferhaal oer de takomst fan Fryslân. Net dat sielige gedoch wat jim altyd dogge mei fizys en lytse dielplantsjes oer dit en dat. Ien ferhaal wat mei elkoar te krijen hat, sûnder geeamel. Us takomst.

Moarn wurdt dus it wetterskip opdûkt. Wetter falt tenei ûnder provinsiale wettersteat, en dat bestjoere wy demokratysk. LTO-bestjoerster Trienke Elshof seit dêrtsjinoer dat it wetterskip demokratysk is en wol dêrom dat de geborgde sitten bestean bliuwe. Tuurlik wol se dat, sa hâlde de boeren it wetterskip yn hannen. Mar se ha no sûnt 1255 sjen litten dat se dat net kinne, opsoademiterje.

Trije nije akwadukten foar de brêgen yn it Prinses Margrietkanaal. Net mear eamelje dat it kanaal fan it ryk is, hup oan de gong. Moarn. It is toch te idioat dat in oerdwealske Dútser dy’t troch read hinne fart, der foar soarget dat Spannenburg in hiele middei iepen stean bliuwt en ús ambulanses omride moatte.

We hâlde op mei it Frysk. We bin sûnt Kneppelfreed al oan it prutsen.  Altyd dat geeamel dat de minister soargje moat dat wy Frysk prate. Ophâlde. We behannelje it Stellingwerfsk dochs presies gelyk sa’t it Frysk troch Den Haach behannele wurdt. En al dy groepkes. Sis Tsiis wol no de pakes en beppes al freegje at it Frysk ûnderwiis wol goed jûn wurdt. Hâldt op. Smyt it Frysk mar yn de skytpot. De ûnbidige bakken jild dy’t we der ynstekke, kin we better earne oars foar brûke.

Wis, we krije in skeintsje foar ús kultuer yn ferhâlding ta wat Amsterdam krijt. Prima. Net seure. We rêdde ús sels wol. Ik garandear dat der in kultuerplan te meitsjen is foar ús sels wat folle minder kostet as no. Want we eamelje der net mear oer.

Lutz Jacobi hat it foarbyld al jûn. Se stapte út it waddenoerlis, strontsiik fan it geeamel. Fryslân sprekt moarn út dat we alles oer it Waad freegje oan de Waddenferiening en dat is dan daliks it provinsiaal stânpunt. Simpel. Skilt fiif jier geeamel.

De provinsje eamele ferline wike dat se sinnefjild oant sinnefjild beeamelje sille en dan dêrnei eamelje oer al of net de oanliz fan sinnefjilden yn Fryslân. Freeslik. Hâldt dermei op. Der bin hjir tûzenen lizboksen werop dy dingen pleatst wurde kinne. Aanst like populêr as ûleboarden.

En se moat op Thialf fansels. Dat leit no op de knibbels foar NOC en KNSB. Ferdikke, gean stean. Wy knibbelje inkeld foar God. Der bin  wol tûzend boufakkers dy’t altyd mei nocht op Thialf reedride. At dy no allegear daliks dêr trije sneonen beune is alles klear, ynklusief nije sinnepanielen. Dêrnei mei inkeld ús jonges en famkes der noch trene, de oaren moat mar nei Enskedé of sa.

Sa kom je de hiele dei berjochten tsjin oer saken wêr’t inkeld mar oer eamele wurdt. Oer elke skeet wurdt eamele. Fannewike eamele de Ljouwerter dat der temin minsken mei-eamele ha soenen oer in kloaterich fytspaadsje yn Dokkum. Hâldt op. It kostet allegear in knoarre jild en tiid. Der bin fierstentefolle ynstânsjes mei it selde doel oprjochte. En der eamelje fierstentefolle lju mei, dy’t inkel mar ferstân ha fan eameljen. Dy dogge it, krekt as ik, sels al foar de kofje.

 

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Google photo

Je reageert onder je Google account. Log uit /  Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s