Eelkesweblok

Een reactie plaatsen

17 06 2020

Byldenstoarm

Op it Hofplein yn Ljouwert stiet it byld fan ús heit. Willem Lodewijk van Nassau Dillenburg, stêdhouder yn Fryslân en letter ek yn Grins en Drinte. Net dat hy sa foar noardelike gearwurking wie, mar it soarge  dat hy foarop rinne koe yn it Nederlânske leger.

Hy hat safolle Spanjaarden dea makke dat dy hun neisaten al ûnderweis binne om no syn stânbyld del te heljen. Se sille holpen wurde troch  tsjinstwegerers, want hy hat de discipline ynfierd yn it leger. No en dan helje wy as wraak Caspar di Robles, de Stienen Man fan Harns, ek del. Dy siet by de Spanjaarden.

Byldenstoarm. No bin de measte bylden yn Fryslân ûnskuldich of abstrakt. En we ha hjir bylden wêrfan we yn de provinsje net witte wat foar lju at it wiene. Sa moat we Brechtsje, Teuntsje en Tsjotsje yn Iisbrechtum mar stean litte. Lykas Tryntsje en har soanen yn Oentsjerk. En lit Afkes Tsiental yn Wergea ek mar stean, lykas Sybren de Jong yn Koudum, Sibbeltsje Gjaltema fan Gauw. En fansels meester Lok fan Ravenswâld.

En de hillige Friezen komme we ek net oan: Titus Brandsma, Eise Eisinga, Hendrik Bulthuis, Bintsje, Menno Simons, Pim Mulier, Gysbert Japicx, Hotze Schuil, Hotze de Roos, Waling Dykstra, Abe Lenstra en de Elfstedenrider.

Mar wat moat we yn Hylpen mei Peter Tazelaar. It wie ien fan de earste Engelandvaarders, mar letter assistent fan keninginne Wilhelmina. Har eigen oerbeppesizzer sei lêsten dat dy har temin oanluts fan de minsken dy’t hjir weihelle waarden yn’e oarloch. Dus del dat byld.

En doch dan dy oare fasal fan Wilhelmina, Piter Sjoerds Gerbrandy, dy’t yn Snits stiet, der ek mar by. Dy gie ea ek noch swier bewapene nei Den Haach om de revolúsje fan Piter Jelles Troelstra tsjin te hâlden. En helje yn Ljouwert dan fuort dy Troelstra mar del, want dy elitêre sosjalist sette doe net genôch troch.

Anton Wachter yn Harns ha’k sûnt de literatuerlist op skoalle in etterke fûn, delhelje. En de dichter Herman Gorter dy’t yn Balk stiet, waard as mennist letter kommunist. Der bin sat lju dy’t dêr net oer kinne: yn de Luts. In oare dichter, Jan Jacob Slauerhoff dûkt yn Ljouwert en Flylân op, delhelje. Dy skreau dichtbundels mei as titels Mo yang ke en Yoeng poe tsjoeng. Chinees, dat kin nei de corona dochs net mear. En Havank wie in sûplap, dy wol we ek net mear sjen.

Mata Hari siet doe’t se krekt troud wie as grand lady yn Indië. No dan profitearden je fan je posysje. Sa ek Egbert Douwe de Jong fan de Jouwer, dy helle yn 1773 al oasters guod op. Dat gie fêst ten koste fan dat earme folk dêrre. Sa ek ûntdekkingsreizgers as Willem de Vlaming fan Flylân en Willem Barendsz fan Skylge. Dy lêste wie sa wreed dat hy in hûs boude foar syn folgers, sûnder sintrale ferwaarming.

Kardinaal De Jong fan Amelân soe ûnderskieden wurde foar it rêdden fan minsken yn de oarloch, mar doe blykte dat syn neiste meiwurker syn oarlochsmisdiedige neef rêdde woe. Miskien hat De Jong dat wol witten. Gjin ûnderskieding. Wol in byld op Amelân. Dat kin de Waadsee wol yn.

Op Skylge stiet de plantkundige Victor Westhoff, dy socht helmgêrs by peal 8. Mar dy doogde alhiel net. Hy sei dat protestanten better op de natoer pasten as roomsen, want dy frette alles op.

Dêr hie Fedde Schurer, dy’t no noch dreamerich op in Hearenfeans terras stiet, ek lêst fan. Hy siet sawol foar de kristliken as foar de sosiaal-demokraten yn de polityk. Dûbelfluiter. At we him delhelje, wurde we holpen troch alle net-Frysk fersteande rjochters. En Bonifatius yn Dokkum ha we yn  754 al delhelle.

It froutsje fan Starum wie in kribbich deun wiif, de haven yn. Grutte Pier en de stien fan Warns kin ek wol fuort. We skamje ús dochs dea dat we doe dy Hollanders sa te liif gienen.

Uteinlik bliuwt der mar ien byld oer wêr’t niet ien oankomme mei. Dat fan Anne Woudwyk oan de Gauke Boelenstrjitte yn Drachten. It anti-apartheidsbeeld.

Of litte we Pieter Stuyvesant yn Wolvegea ek stean. Om de Amerikanen dúdlik te meitsjen dat je de tiid fan no echt net fegelykje kinne mei de tiid fan doe.

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Google photo

Je reageert onder je Google account. Log uit /  Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s