Eelkesweblok

Een reactie plaatsen

24 06 2020

Mienskipsfentiel

Yn  de nacht fan sneon op snein bin der twa heakekruzen skildere op it Alde Hearehus. Dat stiet oan it Hellingspaad yn Starum. Omrop Fryslân neamde it net skildere, mar kladde. No, dat fûn ik net. Ik fûn it foar in amateur noch net iens sa gek. Moaie foarse heakekruzen, dúdlik wat it wie.

Twa man oan it skilderjen west tink, want de kruzen stiene netsjes op oardelmeter fan elkoar. Ien mei in grutte sirkel der om hinne. De oare in keal heakekrus. Mar se hiene de kwaste efter litten. Dan koe der om dy oare ek noch wol in sirkel skildere wurde, at men dat woe.

Dy houten muorren fan it Hearehûs, dy’t eartiids helgrien wiene en no tsjin it swarte oan, dy noegje ek wol út om der wat op te skilderjen. Oars springt dy muorre der wol hiel bot út yn de fierder stieneftige rêstige winkelstrjitte fan Starum.

It âlde hearehus fan Starum is in restaurant. It heugt my dat der in hiel soad lju dêr in restaurant yn begûn binne. Mear sis ik net. Der sitte no al wer nije lju yn. Dy woenen de kruzen der daliks wer ôfhelje, mar dat slagge net. De skilders hienen in âlde bus terpentynferve brûkt. Tsjintwurdich is de ferve op wetterbasis, dan kin je makliker skjin meitsje. Dat woe no net. Dus hienen se earst de starumer flagge der mar oerhinne hong.

Eins wie dát wat frjemd. De eigners fan it hearehûs bin nammentlik no Bas Kruidhof, dy swaait mei de Grinzer flagge, en Bohdi Niermans, dy wappert mei in heal yndysk flagje. No, jim begripe it fierder wol.

Tagelyk waard op’e Jouwer in monumint fernield. Dat wie op 4 maaie delset troch in pear minsken op oardel meter ôfstân. De o sa moai troch lytse paadfiners by elkoar sochte kleurde stientsjes wienen alhiel as symboalen yn elkoar prutst, jierren wurk hân. De betinking dat we 75 jier lyn yn frijheid kamen fan de oarloch. De Jousters dienen de pet efkes ôf at se troch it parkje Te Huivre kuieren, want dêr lei it monumintsje. Dat hoecht no net mear, want fan it monumint wie in stientsjemjuks makke.

“Wy hoopje echt dat dejinge dy’t dit dien hat, spyt krijt. Dit moat in learmomint wêze yn syn of har libben”. Dat sei foarsitter Jan Vermaning fan de Betinkingsstifting fan de Jouwer nei oanlieding fan it fernielen fan dat monumintsje. Dat sintsje ha’k útskreaun. En ik sit der no al oeren nei te sjen.

Want ik wit it net. Ik wit inkeld dat beide berjochten mei in skouderopheljen heal lêzen binne troch in ferrekt lyts bytsje minsken. Lit stean dat dêr ien fan betocht hat hoe’t je de lju dy’t dat dienen  oan it ferstân krije kinne dat se der spyt fan ha moatte. En dat der wierskynlik in soad bier yn sitten hat, dan doch je soksoarte dingen.

Je sitte mei dit waar gauris mei in pear minsken jûns wat te keuveljen. Under it genot fan ek in pilske. Sa lang net by elkoar west. En elk is it o sa iens: diskriminaasje is net goed. Mar dan hoecht noch net elk de strjitte op te gean yn Amerika of hjirre nei elke deade swarte. En se moatte net oan ús swarte piet komme. En se moat ek fan ús bylden ôfbliuwe. Is der noch in pilske.

Foarsichtich freegje: moat wy ek net wat dwaan. It kin toch sa net mear. We moatte al dy minsken dy’t soks dogge dochs oan it ferstân bringe dat it sa net langer kin. Dat alles útrint op fernielen, slaan of noch slimmer. Of sa’t D66er Roger van Boxtel fannewike sei: ach, dat is het ventiel van de agressie in de samenleving. No it is krekt of sit it fentiel ferstoppe. Of sa’t buorman seit: sa sit de wrâld no yn elkoar jong.

Yn Starum bjinne se har dea om dy terpentynferve heakekruzen fan de muorre te krijen. Op de Jouwer bringt Jan Vermaning in bak stientsjes nei de mileustrjittte. En foar it provinsjehûs springe se as idoaten om de Regenboogflagge hinne, yn de gedachte dat dy wat feroare ha soe yn it tinken en it noait sels wat dwaan fan de mienskip.

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Google photo

Je reageert onder je Google account. Log uit /  Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s