Eelkesweblok

Een reactie plaatsen

01 07 2020

Nei Grins

Lutz Jacobi fytste snein fanút har Wergea nei Warten. Doe it Leechlân yn, rjochting Grou. Ynienen seach se hege, grize, beweegjende bergen boppe de toarre greiden útstekken. Lutz skrok har it lazerus, skille daliks nei steatsiktaris Stientje van Veldhoven en rôp “se ha de MSC Zoe loslitten. Dy fart hjir troch it kanaal”. Jim begripe dat de Waadferieningsdirekteur noch altyd lêst hat fan nachtmerries oer dat kontenerskip.

Stientje riidt hurd nei de Foanejacht en seach dat it net de MSC Zoe, wie mar de CarinAlexander. Twa nammen, mar dat mei ek wol foar sa’n grut skip. It earste 135-meterskip wat ea oer it kanaal kaam. Grint foar de Tille. Stientje knikte, dat hiene se ommers ôfpraat. Goed outilleerde skippen fan 135 meie tenei ek op it Prinses Margrietkanaal.

Je ha rûchwei trije maten binnenfeartskippen. Doe’t Hylke Speerstra en ik begjin 70-er jieren by it skipperswykblêd Schuttevaer sieten, fûnen we de nije 86 meterskippen al hiele jûkels. Logysk, we wiene grutbrocht mei de ferhalen fan de âlde skûtsjeskippers en opgroeid mei lytse moterskipkes. Spitsen fan 40 meter, oars koenen se net troch de Belgyske slûzen. Letter de Kempenaars, dy wiene sawat 50 meter. Dus de 86 meters wiene bakken. Letter kamen de 110 meterskippen. Earst fan Dútslân nei Rotterdam, mar úteinlik bin se ek op de rûte Lemmer-Delfsyl kaam.

De provinsje Fryslân makke yn dy tiid hastich alternative rûtes foar de rekreaasjefaart. It blykte lykwols dat fakânsjegongers omfarre net oan tiid ha. Boppedat hat rykswettersteat it kanaal oernaam. Dy tinke hielendal nearne om. Sterker, wit jim dat der net iens kriteria sa as breedte en djipte binne foar in kanaal om dy 135 meter skippen hawwe te kinnen. Dat bepaalt rykswettersteat gewoan út de losse pols. Ekstra fergunnings.

De Iselmarslûs by Lemmer is 260 meter, dus dêr kin mar ien 135-er yn. Dat betsjut dat frijwol alle rekreaasje aanst troch de Lemster gemeenteslûs moat, dat wurdt in pandemonium troch Lemmer. Dizze CarinAlexander is hast 12 meter breed, dat kin krekt. Mar 135 meter skippen bin der ek fan 14 meter, dy wol se hiir aanst ek ha. Dy farre alle brêgen der dus út. Hy hie no 2750 ton split yn, mar kin der 3800 yn ha. Dan stekt er al gau mear as trije meter. De saak sil dus ek wer útbaggere wurde moatte, at der aanst mear fan dy jûkels troch Fryslân farre.

Nee, ik sis net fan: net dwaan en dat alles fan eartiids better wie as no. Mar je sjogge yn alle geledingen fan de mienskip dat de technyken altyd hurder gean as it meitsjen fan romte foar dy technyken. It kanaal is hjir noch net klear foar. No hoegde dizze noch net fierder as de Tille, mar fierderop yn Grins is it seker noch behelpen.

Stientje riidt tefreden wer nei hûs. Mar doe skold ús deputeare Avine Fokkens har de bealch fol omt se dat o sa positieve Lelylijnrapport yn har ûnderste laad kwakt hie. Sa fan: dan kin aanst in nije regearing der wol nei sjen. At dy al ea formeard wurde kin yn dit politieke lân fol ienlingen.

Tanksij Avine en de Ljouwerter Krante witte we no: foar 6,5 miljard euro yn 90 menuten fan Lelystêd nei Grins. Da’s de ôfwaging. Ik tink dat je mei in auto sawat like hurd kinne. De oare ôfwaging is dat Emmeloard en Drachten dan oan it spoar komme. Mar krekt dizze beide plakken binne tige goed ûntwikkele, sûnder in stasjon te hawwen.

Us deputearre knokt der lykwols yngreven foar. Prima. Inkeld, wat ha de bewenners fan Fryslân der eins oan. At je, sis mar, yn de buert fan Boalsert wenje gean je echt net fia Hearrenfean mei de trein nei Emmeloard. At je boppe Ljouwert wenje gean je echt net oer Drachten om in kear nei Arjan Robben te sjen. En de Fryske mienskip is o sa miljeubewust, mar sil de auto nea ynruilje kinne foar it spoar.

En efkes ûnder ús frou Fokkens. At de skipfeart allegear fan Lemmer nei Grins giet, at de trein ek dy rûte nimt, dan ha se yn Ljouwert dochs gelyk dat se it stasjon mar wer yn de âlde kleuren skilderje. Want dêr komt dan noait mear wat lâns.

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Google photo

Je reageert onder je Google account. Log uit /  Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s