Eelkesweblok

Een reactie plaatsen

08 07 2020

Grutter

Doe’t der ferline jier massale aksjes fan boeren wiene, wiene der ek wol boeren dy’t net meidienen. Sa fan, at se wat oprêdde dêrre, dan is it wol goed, mar ik hoech net yn byld. By de boereaksjes fan it wykein wiene der mar in pear persint aksjefierders oer. En der bin in hiel soad lûden fan boeren dy’t sizze: we moat der mei ophâlde, dit keart him aanst tsjin ús. Ek at Tjeerd de Groot dea is, wurdt de wrâld net oars. Dan mar wat minder aaiwyt op bôlle.

Ien Keamerlid hat noch besocht de boeren wer massaal yn ûnstjûr te krijen. Baudet. Dy sei dat de regearing in stiekem belied fierd om de boeren allegear fuort te krijen. Dan kin se dy grûn moai brûke foar natoer en wentebou. In sluipmoord neamde hy dat. Hy hat al folle faker noch folle mear ûnnoazele dingen sein. Ik kin samar werom fine dat hy ea sein hat dat der mear wenten oeral yn Nederlân komme moatte om de wenningneed op te lossen. O nee, hy sei dat at hy de macht krige, dat hy dat regelje soe. Safier komt it net, dus begûn hy  op de sosiale media oer sluipmoord.

Likegoed bin der wer in soad lju yntrape. Dy hearden absoluut net nei minister Schouten, dy’t sei dat soks net wier is. Ik tink dan Carla, anderje sa’n man no net iens, helje de skouders op en praat gewoan troch, krekt as is dy man in hap lucht. Want mear is it echt net. Boppedat witte wy al dat in hjoeddeistige politikus middeis al syn moarnspraatsje ferbetterje moat. Fleksibel wêze hjit dat, mar se sjogge optheden net mear as fiif menuten foarút. Te koart foar in sluipmoord.

Dêrom lei de Lelylijn ek yn in laad, want dat is in saakje fan fier foarút tinken. Seit de haadredakteur fan de Ljouwerter Krante Sander Warmerdam. Dy leau ik better as Baudet. Sander seit dat je mei de Lelylijn soargje kinne dat der dan folle mear minsken nei de regio, lykas Fryslân en Grins ferhûzje wolle. Miskien. Dêrmei seit hy itselde as Baudet. Net dat it in sluipmoord is, mar dat der goed neitocht is troch de sosiaal-geograven yn ús mienskip.

No, dan kin we wol efkes meihaffelje. Der wie ferline wike al in rapport dat we 40.000 minsken kwyt reitsje sille yn Fryslân. Doe tocht ik noch, ik kin in hiel soad Friezen dy’t noch in hûs sykje, en dy hûzen komme dan de kommende jierren beskikber.

Der bin lykwols wer oare wittenskippers, dy’t sizze dat aanst de klad yn de wenteferkeap komt, dat de rinte omheech giet, dat der mear wurkleazens komt. Gean sa mar troch. Swarte takomstbylden mei hieltyd ien restriksje: miskien beteard it ek allegear noch wol goed.

At ien grutmacht yn de wrâld in president hat dy’t de hiele dei neat oars docht as allegear idioatichheden op twitter te setten en in oare grutmacht kiest in president dy’t tsien jier nei syn dea noch oan de macht is, dan wit we yn it neatige Fryslân absoluut net hoe’t de wrâld der oer fiif jier hinne leit.

Dus let it ek neat dat we no in belied fêststelle dat der yn Fryslân de kommende fjirtich jier 200.000 wenten by komme moatte. Ja, dat is in knoarre hûzen, mar it hat bliken dien dat fan alle bouplannen dy’t we de lêste 40 jier hân ha, de helt net reemakke is. Dus set mar moai in soad op papier.

De besetting fan in went is yntusken gemiddeld 1,8 persoan. Dan hat Fryslân dan sis mar 900.000 ynwenners. Dy bin we dan ryk. Mar we bin ek wat kwyt. Ten earste grûn foar it spoar en stasjons. Drachten krijt sa’n 90.000 minsken, Hearrenfean komt wol op 50.000, bunders grûn. Ek yn alle doarpen komme omraak wenten by. En Ljouwert fansels.

Mar at der no al fanút doarpen skolden wurdt op Ljouwert dat it de útbou fan har sub-wiken Techum en Zuiderburen wichtiger fynt as Reduzum en Wytgaard, dan is it frij wis dat we sa’n soarte diskusje oer de takomst absoluut net hoege te fieren. Dan kin we dy trein wol wer yn it ûnderste laad donderje.

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Google photo

Je reageert onder je Google account. Log uit /  Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s