Eelkesweblok

Een reactie plaatsen

15 07 2020

Identiteit

Sneon lei, lykas alle dagen, de Ljouwerter Krante, op de doarmatte. It wie njoggen oere doe’t ik sitten gie te lêzen. Fanôf dat stuit, oant no ta, ha’k fan it hynder west. De frou fûn my sels wat lulkich sei se. Ja dat is it eins ek: lulk.

Want de Ljouwerter Krante is yn seis sneonsedysjes op syk nei in omskriuwing fan Fryske identiteit. Se bin sneon begûn mei in stik fan de eigen redaktrise Kirsten van Santen. Want dy hat, skriuwt de eindredakteur Roel Snijder fan de sneonsbijlage grutsk, antropology studearre. En at je antropolooch binne én net út Fryslân komme, dan ha je pas ynsicht yn de Fryske identiteit.

Lokkich leit Kirsten dy domme Friezen earst efkes út wat in antropolooch allegear witte kinne soe, en skriuwt dan dat sy, antropolooch, lykwols gjin anderts hat. It is in alderheislikst dizinich ferhaal, weryn Kristen har trije pagina’s lang ôffreget werom at se har net Frysk fielt, wylst se hjir dochs al dik tweintich jier wennet. Wylst wy dat hielendal net fan har freegje.

No hat se fansels wol ien grut neidiel, se wurket by de Ljouwerter Krante. En dêr wêr at sy skriuwt dat de Ljouwerter fansels in tige grutte ynfloed hat op de identiteit fan de Fryske lêzer, skriuwt dyselde Ljouwerter sneon dat at der wat rike minsken út in Frysk doarp weigean, dat dan de leefberens fan dat doarp efterút giet. Wy domme Friezen hingje dus ôf fan in pear rike skevels. Soks mei je net iens skriuwe sûnder ek ris oan 415 oare doarpen te freegjen at it dêr ek sa giet. En dy sjoch je by sa’n fraach oan as dooch je net.

Kirsten is sielich. Se freget harsels serieus ôf at se nei it keatsen en skûtsjesilen gean moat om har echt Frysk te fielen. Hoe’t de Ljouwerter dit betinke kin. Ik sit echt oer de kommende fiif ôfleveringen yn. Miskien moat we hun wat helpe. Troch te sizzen dat se dy oare stikken better net skriuwe kinne, want Fryske identiteit bestiet hielendal net.

Ja, we ha in eigen taal, mar at Kirsten en al dy oaren dat net prate wolle of kinne, ynteresseart it ús gjin bal. Inkeld in pear djip-Friezen klappe hieltyd at Brok netsjes fryske wurden sprekt. Mar echt, we ha inkeld mar in lyts stikje eigen kultuer, omt dat dan yn dy eigen taal giet. Mear echt net. Elk kin hjir yn Frysân him- of harsels wêze. En je wolle hielendal net op buorman lykje. Ik kin net oardiele oft immen Frysk, Zeeuw of Grinzer is. En lul net dat it lânskip fan ynfloed is op de identiteit, elk lân hat syn eige lânskip. Punt.

Yn 1999, op wei nei Simmer 2000, weryn Fryslân graach safolle mooglik eigens sjen en hearre litte woe, hiene we ek dy diskusje oer de Fryske identiteit. It is wol aardich myn ferhaaltsje fan doe nochris te fertellen.

“Stel, Foppe de Haan fertelt my dat hy syn keutels yn pompeblêdfoarm skite kin. Dat wurdt dan in tuskenfraach fan my yn in fuotbalynterview. In korrespondint makket dêr in berjochtsje fan. Dat wurdt in kaderke op de foarside fan alle kranten en dus kin de Ljouwerter net efterbliuwe. Foardat we it witte ha we in wedstriid yn it pompeblêdloarteskiten by de alve stêden lâns. En dan freegje se my dêr ferslach fan te dwaan. Dat wegerje ik.

Wit jim wat dizze diskusje opsmyt: Dat we aanst wegerje dat ek mar ien oan ús kultuer en eigenaardigheden komt. En at se no Mak of Sonnema hjitte, se komme de Ofslútdyk net mear oer, al moat we de hillige Warnser stien ek op de brêge fan Koarnwertersân kwakke. En at we dan wer ûnder ús binne, dogge we allinnich de dingen dy’t we sels aardich fine. Dan sil blike dat we net fierder komme as Anneke Douma en de Blauhuster Dakkapel“.

Dat wie 1999. It is no 2020. It byld wurdt noch lyksa ferkeard makke. Leave Kirsten, ik bin net lulk op dy. Do meist alles sizze en skriuwe. Mar de Ljouwerter Krante mei dat net profileare as de wiisheid oer ús identiteit. Want ik sis it noch marris, dy Fryske identiteit bestiet net iens.

 

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Google photo

Je reageert onder je Google account. Log uit /  Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s