Eelkesweblok

Een reactie plaatsen

22 07 2020

Tuskenyn

In frjemd gefoel. It is ommers skûtsjesilerstiid. Normalerwize hienen we no de prikkemikken hân. Grou, Feanhoop en Earnewâld. As je dêr in soad punten hienen, dan hoopten je dat it op it rommere wetter hjoed by Terherne ynienen wer goed gean soe. En as je dêr goed weikaam wiene, dan hoopten je dat je net inkeld goed wienen yn fan wâl nei wâl te silen.

We bin der mei it Wâldseiner skûtsje wolris weikaam mei  achtentritich punten. Mar ek wolris mei 5,9. Dat wie wol unyk, doe waarden we dan ek mei net mear as 18 punten kampioen. Yn ’91 wie dat. 35 jier lyn, yn 1985, hienen we nei 3 dagen 9.9. De rest hie allegear wat oan de bealch, inkeld Loadewyk Meeter en Joop Mink wiene noch wat yn de buert. Wat soe’t yn Terherne wurde. Doe waarden we achtste, dêr wienen we lokkich mei, want sa betiid favoriet sylt dreech. Likegoed bin we wol kampioen wurden.

Jim hearre it, foar immen dy’t yn syn libben net in dei skûtsjesilen mist hat, docht it echt sear. En ik kin wol nei Terherne gean, mar yn it doarpshûs de Buorkerij sit aanst gjin mins, der is gjin routebespreking, der wurdt net syld. De fjirde rotdei.

Hoe sear at it ek docht, sneon twifele ik efkes. Se dienen yn Grou krekt as begûn it wol. Seis skûtsjes op de mar. En hee, dêr fart kommissaris Brok op it Steatejacht. Hy wuift nei SKS-bestjoerders, dy’t alhiel offisieel klaaid yn it boatsje fan sponsor Rabobank sitte.  Op de terrassen yn Grou spilet musyk en al sit der dan net sa’n soad as oars, der sit wol tefolle. Te begripen, mar dit wie wol hiel bot yn it sicht. Ek fan de Veiligheidsregio, dy’t daliks twa kafees, de Treemter en Amicaal, sluten hat.

De fierljeppers gienen ek wer los, de keatsers bin al in pear wike yn de greide. Krekt as is der neat mear oan de hân. En ach, dy oardel meter dat falt wol wat ta, net? De Hearrenfeanfans dy’t sneintejûn fakkels yn de brân stutsen by it stadion omt se sa oandien wiene dat de klub 100 jier bestie, wisten absoluut net wat oardel meter is.

Net inkeld sport, hear. At je hjir yn doarp en stêd komme, is it krekt as bin hiel Nederlân, België en Dútslan hjir delstrutsen. Foar de musea stean lange rigen minsken, want binnen bin se noch hiel feiligensregionaal gezind, al ha se dêr wol oanstriid om mear minsken ta te littten. Wy Friezen litte toch net minsken op de stoepe stean, ach kom mar.

De iene horekasaak is strikter as de oare. Lit we mar sizze dat ik de ôfrûne dagen net sjen koe dat der wat feroare is yn Fryslân mei de corona. Avine Fokkens stiet op de kamping fan Aldegea, no dy sit sa fol, se doart Buma net mear ûnder eagen te kommen. Koartsein: we fertsjinje wer jild. En it wurdt wer gesellich. En we kin ús tradysjonele sporten wer beoefenje, en dat moat ek, want dy bin ommers tradysjoneel.

Te begripen. Mar der bin ek noch genôch lju dy’t noch net meidogge, mar tige fersichtich op fiif meter ôfstân fan elkoar stean bliuwe. Want yn de krante stie ferline wike dat der ynienen toch wer 127 nije coronameldingen bykaam binne. Sadat it wiketotaal op hast 1000 kaam. En 100 lju mei corona, dy besmette 129 lju. Wolriswier allegear yn it suden, mar it is boufak, dy stean njonken Avine op de kamping. Der bin wol lûden dat der in medisyn fûn is, mar dat duorret noch wol efkes foardat ís apteker dat hat.

Ik sit der wat tuskenyn. Eins wol ik wol fersichtich wêze, hersenynfarkt hân, myn longen bin net perfekt en ik wurd fannewike 70. Risikojonkje. Mar ik ha twa wike lyn in frou, wa ha man ferstoarn wie, efkes om de hals hong. En in pilske opsopen yn in kafee sûnder dat de ober en ik de hannen ûntsmetten hie.

Ik bedoel inkeld mar te sizzen, at it aanst dochs wer mis gean soe en in koronagolf komt oer de waaddyk ek it Fryske lân yn, dan moat we net op in oar seure. Dan bin we sels ek tige skuldich.

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Google photo

Je reageert onder je Google account. Log uit /  Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s