Eelkesweblok

Een reactie plaatsen

29 07 2020

Frysk

De provinsje wol inkel noch nije kultuer tastean. De âlde rommel kin wol fuort. Deputearre Sietske Poepjes neamt dat oars; se hat it  oer ferbreding en fernijing fan it kultueroanbod. Dat praat net ien tsjin, want elke kultuerútering is wer nij, en makket it ek allegear breder as at it wie. Mar we kin gjin kant út, want Fryske kultuer is inkeld taal. En dêr kin we alhiel net mei oerwei.

De Ried fan de Fryske beweging doart net iens nei de rjochter te stappen út namme fan âlders dy’t fine dat harren bêrn gjin goed Frysk ûnderwiis krije. De ried wol der letterlik ‘sekuer mei omspringe’. Dat springen duorret, tink ik, jier as trije, fjouwer. Lykas altyd alles mei it Frysk.

No ja, je meie tsjintwurdich Sietske belje at immen it net goed foar hat mei it Frysk. Dat se op 112 gjin Frysk ferstean of sa. Der belle ek ien dy sei: it is sa ferskriklik, de donorregistraasjefolder is inkeld mar yn it Nederlânsk. Ja natuerlik yn it Nederlânsk, want de Nederlânske oerheid stelt ús in fraach, en wy hoege inkeld mar ja of nee te sizzen. En dat bin o sokke geve Fryske wurden.

Lykwols, Sietske soarge foar in Frysktalige folder. Dat is de echte Fryske identiteit, soargje dat de donorfolder ek yn it Frysk komt. Skyt omheech. Stel jim net oan. En dat dan ek noch diskriminaasjemeldpunt Tûmba efter de Jong Fryske Mienskip stean gie. De donorfolder yn it Nederlânsk soe is diskriminaasje fan de Friezen wêze. Belachelik. Hingje al dy Fryske groepkes fan seurders yn de heegste beam.

Likegoed is it alle dagen raak. Kommissaris Brok wie op wurkbesite by de supermerk fan Eastermar. In Frysktalige winkel. Prima. Mar no seit dy Brok op twitter: “wêr bliuwe de oare supermerken no”. Brok jonge, da’s noch slimmer as wat Doutzen Kroes oer corona skreau. Der bin genôch supermerken dy’t al Fryske buorden ha. En dat mei se dochs allegear lekker sels witte. Se krije miskien trije jonge-mienskipsdjipFriezen mear yn de winkel, mar se ferlieze folle mear lju dy’t totaal net witte wat stroepmûs is.

En ach, we hienen Fedde Schurer ek noch. Syn byld stie tusken de lege glêzen bier, en moast nei in better plak. Waard dêr wer ûntbleate. Schurer wie in Frysk literator en haadredakteur fan de Fryske Koerier. De útnoeging foar de ûntbleating wie lykwols yn min Frysk. Dat kin noch, miskien wie de ienige amtner, dy’t Frysk kin dêr, mei fakânsje. Mar dat der gjin inkele Fryskpratende sprekker wie, dat die echt sear.

Súterich sei FNP-riedslid Ate Eijer. Kloaterich sei Hylke Spreerstra dy’t Schurer noch as baas hân hat. De ellinde is no dat krekt dy belachelike Jong Fryske Mienskip it protest hanteart. Dy krigen ommers al orgasmes by de donorfolder en de Eastermarder supermerk. Dat betizet de boel. No wol se it byld yn augustus wer ûntbleatsje, mar se ha Johanneke Liemburg dy’t stúdzje makke hat fan Schurer dêr net by. En Hylke Speerstra wurdt ek net frege.

Ik sil it jim útlizze. Dan moat jim efkes bûten de taal tinke, gewoan oan sa’t wy binne. Kultuer neame se dat ek wol, Yn Starum oan de Skâns stiet in kafee. Broer Kuperus hie de kroech doe’t ik der as jonkje kaam, mar neffens ús heitendy siet der earder ek in legendarysk man yn. Nei Kuperus kaam Folkertsma. Dy neamden se KEK. Kop en kont, want Jappie hie gjin nekke. En no sit Max der yn. Syn eigen plakje om moaie musyk te draeien.

It kafee is noch presies lyk as 100 jier lyn. Machtich moaie grutte  wandskilderingen. Sfearfol brún kafee, mei sa no en dan in hapke. Max en Carla hâlde op en no wol Piet Blauw een crowdfundingsaksje om it kafee te behâlden, want dan moat der hjir en dêr noch wer wat opknapt wurde. It soe goed wêze, der bin al tefolle âlde sfearfolle Fryske kafees nei de soademiterij gien.

Je moat sjen nei gefoel, sfear. Nei je tinzen. Nei je herinneringen. En nei it noflike gefoel wat je dêr altyd hienen. De húskeamer fan Starum wie’t. Dat is pas echt it bewarjen fan in stikje Fryske kultuer. En der hoecht echt gjin buordsje stroepmûs ophong te wurden.

 

 

 

 

 

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Google photo

Je reageert onder je Google account. Log uit /  Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s