Eelkesweblok

Een reactie plaatsen

12 08 2020

Kommunikaasje

Sander Warmerdam, haadredakteur fan de Ljouwerter Krante, hat sneon boargemaster Jehannes Kramer fan Noardeast-Fryslân, efkes it mannewaar opsein yn it deistige haadartikel yn de krante.

At soks terjochte is, sit ik op de earste rige te applaudisearjen. Diskear klapte ik net. Sander kapittelt Jehannes omt dy trochkrige dat der yn Dokkum minsken by in feestje besmet wurden binne oan de koaroana. Jehannes sette dat op Facebook. Ek op Twitter, mar dat lêst Sander blykber net, want hy ferbea oerheidsman Jehannes inkeld om tenei Facebook te brûken.

De Ljouwerter Krante kin nammentlik net wurkje mei oerheidslju dy’t  sels mar wat dogge op de sosiale media. No die Jehannes net samar wat. Jehannes ferbruts him sels alhiel, en sette it berjochtsje yn it Nederlânsk op de sosiale media en warskôge derby ek noch efkes op de wenstige toan fan oerheidslju: jongens, denk asjeblieft om wat we met z’n allen hebben afgesproken, niet aan elkaar zitten.

Sander lies dat op Facebook, drukte syn laptopke oan en seach op de webside fan de gemeente Noardeast Fryslân. Dêr sjocht foar it oare noait immen nei, want elkenien docht it mei facebook of twitter. Of hielendal net. Dus dêr stie noch neat op. En dêr wie Sander lulk oer.

Hy wol dat Jehannes sokke dingen tenei earst offisieel fia syn  kommunikaasjeadfiseurs op de webside set. En in parseberocht nei Sander stjoert. Dan komt de Ljouwerter dêrnei. Ek op de sosiale media foar it oare. Dan pas mei om Sander elkenien der op Facebook  op trochhaffelje. Jehannes eventueel ek wol, al had Sander dat leaver net want dan liket hy tefolle op Trump. En ek dat wie in gedachte dy’t oare formalisten graech fan Warmerdam oernamen.

Formalisme yn de kommunikaasje is fansels deadelik foar dy kommunikaasje. Lance Armstrong sette nei elke etappe ien kwoot op sosiale media, en elkenien wie der deablid mei, dan hiene je temisten wat. Oerheden kuierje al lang de wei dy’t Sander net wol. Gehoorgestoorden hoege net te wachtsjen dat hy Rutte syn ferhaal yn de krante set hat, se sjogge mei nei wat Rutte seit. Yn sa’n tiid libje we no.

Der wie it wykein in man dy’t syn op slot sette fyts by in sleat in ein bûten Warten stean hie. Der lei ek syn jas. Nuver, de man wie fuort. De plysje kaam der by. Se sochten efkes, mar ûnderwilens fregen se ek op Facebook oft immmen hjir ek wat fan wist. De man reagearde daliks en sei op facebook dat hy de fyts en jas fergetten wie, “bring se my mar”, of sa. Docht der ek net ta. At der earst in parseberjocht fan de plysje feskynd wêze moatten hie, hienen se yntusken trije dagen socht as wylden en alle sleaten omdolt, foardat dy man wat heard hie.

Ik wit ek wol wat der oan facebook en twitter mankeard. Alles wat minsken brûke kinne, wurdt no ienris ek misbrûkt. Mar jonges, de kommunikaasje giet no wol hûndert kear sa hurd. Ik snap it geseur ek net. Eartiids moasten de media har altyd dea belje at der ek wat wie, no sette brânwar en plysje it daliks op facebook. Ja, dan is de brân al wer út foardat de media der wat mei dien ha, mar it is dochs it wichtigste dat dy brân wer út is.

Media soenen dêr handich op ynspylje kinne, mar dat dogge se net. Se smite ús dea mei komkommernijs. Ik wol net fan elke keatsslach op de hichte hâlden wurde, ik wol inkeld efkes witte wa’t it wûn hat. Ik wol net lêze dat de brânwar in kat út in gloppe weifiske hat. Unnijs. No kin je sizze, smyt dy media dan fan twitter. Mar dy ha ek wolris goeie eigen dingen dy’t ik graach witte wol. Dat sette se ek op twitter, want se witte al lang dat de krante inkeld noch goed is foar wat eftergrûnferhalen,  rou-adfertinsjes, meidielings en it ynpakken fan fisk.

Dus Sander, Jehannes die it neffens my tige goed. Op freedtejûn dochs e minsken berikke, de saak yn gong sette. In boargemaster dy’t bûten de net iens ôfpraten offisiële paden giet, en tinkt ‘ach, at de amtners no yn in feestje yn Dokkum sitte, ach dan warskôgje ik Sander sels wol efkes. Want dy sit ek op Facebook’.

 

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Google photo

Je reageert onder je Google account. Log uit /  Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s