Eelkesweblok

Een reactie plaatsen

19 08 2020

Kloaten

Nederlanders bin grutte kloaten. Moat der yn de Keamer stimt wurde oer mear salaris foar de soarch, toffelje de partijen dy’t hjir de baas binne allegear de waarme sinne yn. Dus koe der net oer stimd wurde, dus krije de susters net mear jild, wylst de polityke mearderheid yn de Keamer dat no krekt wol woe. Dat is foar it oare net kloaterich, mar skandalich. Sa bin dy partijen no ienris. Mar wý bin kloaten dat we it op ús sitte litte. At we no ien kear de strjitte opmoatte om te sizzen dat der wat net doocht, dan is it no. Mar wat dogge we? We sykje in plakje op yn it skaad, lûke in bierfleske iepen en wachtsje oant fannemiddei de regearing syn fraksjeleden wer ûnder kontrole hat.

Friezen bin noch gruttere kloaten as Nederlanders. Ik sil jim in pear foarbyldsjes jaan.

Grutte kop yn de krante: wenningneed giet krimp tsjin. Ja anmehoela. Want as je trochlêze dan kin dat hjir inkeld at starters wrakken fan wenten keapje. Oars is der net. We moat trouwens  hielendal net bliid mei wêze dat alle krimpdoarpen wer fol reitsje soene. Dan ferdûbelt it autoferkear yn Fryslân ommers wer.

Alle dagen stiet yn de krante wol in berjochtsje dat de boargemaster in drugshûs yn syn of har gemeente slúten hat. Ja, no en? Dan stiet der wer in hûs leech. Mar der bin noch likefolle drugs. Ik lês of hear noait wat dat se dat yndamme. Wat is it doel?

Fryslân hat in soad elektrisiteitsstoaringen. Dat komt, witte we no, omdat ûnder de grûn stroomkabels oan elkoar keppele binne mei nekaldietmoffen. Ik hie der ek noch nea fan heard, en jim ek net. At dy dingen droech wurde yn de waarmte dan dogge se hun wurk net mear. En no komt it: dy dingen bin inkeld noch yn Fryslân te finen. En yn Amsterdam, mar der ha’k it net oer. It PEB, provinsiaal elektrisiteitsbedriuw hat se yndertiid oanlein. Se bin sa linkendewei oeral wer ferfong, hjir net. Dat is al kloaterich, teminsten at se wisten dat it spul net doogde. Mar it wurdt noch kloateriger: se witte net mear wêr at dy dingen yn de grûn sitte. Elke kear by in stoaring moat se de saak omsette en twa dagen dolle en dan ha se wer ien. Ik tink freegje it no efkes oan de lju dy’t by it PEB sieten en mei pensioen binne. Ik tink dat bygelyks Hans van der Zee yn de Súdwesthoeke alle nekaldietmoffen wol wit te finen.

At je fanwege gas en sâltwinning, klimaatferoaring en seespegelstiging ien goed belied foar it Waad ha wolle, dan is it wol hiel kloaterich en sleep minister Wiebes ta de nekke troch Waadslyk en ûnwaar. Dy komt hjir noait wer en lit it waadslyk yn de Grinser gasgatten sakjen.

Ien spiler fan Cambuur is koaroanabesmet en dan bin se dêr sa fan de mik dat se mei 4-0 ferlieze fan Volendam. Je ha dat risiko in pear moanne lyn naam, lul dan no net dat it net giet.

Oer koaroana sprutsen: se praten yn Hearenfean ôf dat de kroegen ’s nachts nei ien oere net ien mear talitte. Mar wa’t der sit, mei sitten bliuwe oant slútingstiid. Dan soargje se dochs, sa’t wy eartiids ek wol diene, dat je allegear foar ien oere yn deselde kroech sitte. Feest oant fjouwer oere ’s nachts. Sa gie it fansels yn Hearenfean ek, in maatregel fan Jan Kont.

Mar it alderkloaterichst is fansels dat de Fryske Akademy net in direkteur fine kin. ‘’Je moat in goeie wittenskipper ha, dy’t ek in  goeie bestjoerder is’, fynt it bestjoer, dat altyd graach foar in dûbeltsje op de earste rang sitte wol. Se sykje no al yn it bûtenlân. Der sil aanst fansels in Belch komme dy’t nei twa jier en in pear miljoen skea wer fuortgiet.

Wêrom moat de direkteur fan de akademy in wittenskipper wêze? In  goeie bestjoerder is breanedich. Dy’t nei al dy jierren dat de akademy no yn it skaad wurke hat, it no wer ta ûnderdiel fan de mienskip makket. Sa’n bestjoerder mei jusjes wat wittenskiplike ynterresse wit ik sels yn Fryslân wol te finen. Mar ja, dy komt der net, omt it bestjoer foar sokkenn de kloaterige kant it neist is.

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Google photo

Je reageert onder je Google account. Log uit /  Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s