Eelkesweblok

02 09 2020 Fleur en mineur Freed tsjin it middeismiel wienen der parsekonferinsjes fan de twa beroemdste mannen fan it Hearrenfean. Te witten, en hâldt dizze folchoarder mar oan tenei, Gerry Hamstra en Tjeerd van der Zwan. Se hjitte sûnt freed fleur en mineur. Gerry Hamstra fan SC Hearrenfean hie al in pear wike yn mineur west. Hy is technysk manazjer, dat is in oar wurd foar keapman. Hy moast al wiken keapje en ferkeapje. Hy die lykwols neat en krige fan elk op de bealch. Want Hearrenfean oefene en oefene en krige hieltyd op de kloaten. No sizze oefenwedstriden neat. Wy gienen dêr eartiids wolris hinne om sels efkes te sjen, mar we dienen der noait wat mei. Tsjintwurdich ha je wiidweidige foarskôgings, oefenwedstriden wurde live útstjoerd en se eamelje dêrnei der noch dagen lang op troch. En je ha der neat oan. It neieameljen wie no wol hiel kritysk en ik moat tajaan: it fuotbaljen fan Hearrenfean like nearne nei. Dus Gerry Hamstra krige op de bealch, mar hy beweegde net. Dat wie him nammentlik ferbean troch it stiftingsbestjoer. Net troch Roozemond, dy wie blykber te drok mei it oefenfjildsje yn Skoatterwâld. Wol frjemd trouwens fan dat stiftingsbestjoer. Foarsitter Fedde Pronk sei ommers in pear wike lyn noch yn de Ljouwerter dat hy supporters en sponsors meiprate litte wol. No dat barde no hielendal net, want dan hie elk tsjin him sein keapje, we wolle echt wol better fuotbal sjen. Gerry moast lykwols earst ferkeapje. Uteinlik gie Ejuke nei Ruslân. Alle fuotballers dy’t je net kwyt kinne, kin dêr nammentlik wol hinne. Se bin út byld, mar dat makket de measten neat, want se fertsjinje grouwélich. No ja, en doe koe Hamstra keapje. De earste stap wie net sa nuodlik. Henk Veerman woe wol krûpende werom nei Volendam en dan kin hy by Hearrenfean moai noch wat fertsjinje. Hy hie al belle en komt werom. Supporters wolle o sa graach âld en âlde fuotballers wer werom ha. Dwaas. Ik wik jim dat Arjan Robben net langer as tweintich menuten meidwaan sil. Ien kear. Huntelaar hat him dealake doe’t de Hearrenfeansupporters him wer helje woenen, hy fertsjinnet op de Alaxbank mear as de alve fan Hearrenfean meielkoar. Suarez nei Ajax? Ferjit it, soks wol net. Mar wy krije Henk Veerman wer. Gerry Hamstra yn de fleur, de supporters ek, mar at dat sa bliuwt moat we ôfwachtsje: Veerman hat al earder by Hearrenfean spile sûnder dat hy ballen fan de fleugels krige, no dan stiet hy dêr frij iensum. Tjeerd van der Zwan wie wiken werom in fleurich man. De gemeente skreau allegear swarte sifers, en dat hie jierren oanien wolris oars west. Wy fûnen it frjemd. We seine dat it opfallend wie, want elke gemeente kaam yn de reade sifers, wêrom krekt Hearrenfean dan net? Dus duorre it net sa lang dat Tjeerd wer yn mineur wie. Freed. It die bliken dat der earder in strukturele flater makke wie. Ynienen hat Hearrenfean wer twa miljoen te min. Hoe is sa’n flater mooglik. Ik wit it ek net op de stoer ôf altyd krekt, mar je wittte dochs globaal wat je yn de beurs triuwe en wat je oan de taap wer útjouwe. En by dy amtners yn Hearrenfean gie dat jierren oanien mis. “Een menselijke fout”, zei Van der Zwan. Hy die sels it wurd mar efkes, want hy hie dy nije term útfûn. Menselijke fout, minslike flater is de minne fryske fertaling. Dus je sizze net krekt as Grapperhaus en de kening sorry, we wiene te entosjast. En 38 VVD-ers brûkten earder altyd it wurd ekskuus. Mar no ha we ynienen dus in ‘menselijke fout’. Da’s gjin ekskuus. Freed: Tjeerd yn mineur, Gerry yn de fleur. Sil ik jim ris in foarsizzing dwaan. Oer in heal jier hè. Dan is Tjeerd wol wer wat yn de fleur. De gemeente krijt in kompjoeterke dat de wurden struktureel en éénmalig net mear troch inoar hellet. Gerry wit ik net. Hoe’t Hearrenfean dan fuotballet wit we net, makket ek neat út. Want at der net hurd wat feroaret dan is it tekoart fan de sportclub dan noch altyd fiersten te grut. En dat is dan In strukturele “menselijke fout”.

Een reactie plaatsen

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Google photo

Je reageert onder je Google account. Log uit /  Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s