Eelkesweblok

Een reactie plaatsen

09 09 2020

Betizing

Ik bin yn betizing. Der waard fannewike mear bekind oer it Wopke Wiebesfûns. Dat is in fûns fan 20 miljard, wat neamd is nei twa politisi dy’t my al yn betizing brocht hienen. Wopke Hoekstra, dé CDA kandidaat, liet syn eigen partij yn de steek troch gjin listlûker wurde te wollen. En wy wurde oars altyd sá lokkich at dy lju fan Fryske komôf binne. No moat we it by it CDA dwaan mei ivige ja-knikker Harry van der Molen. Wylst Wopke ús dochs troch de corona skuord hat, troch elke seurkont daliks jild te jaan.

Wiebes is noch betiizjender. Hy die earst finansiën, waard oan de kant skood troch Wopke syn maat Omtzigt, omt de belêstingen yn dit lân mear jild binnenhelje as at de minsken ha. Wiebes giet no oer it gas, mar omt hy net mear yn Grins doart te kommen, hellet hy it hjir mar út de grûn. En seit: it Waad is moai, mar ik helje it sâlt der al út.  No ja, Fryslân is dochs al fersakke.

It Groeifûns is dus jild fan Wopke, brûkt op de wize fan Wiebes. De Keamer jout it jild oan in ûnôfhinklik zwikje minsken, en dy sizze do krijst al wat en do neat. Gjin polityke diskusje. Normalerwize soe ik dêrfan hâlde, ik ha it mier oan dat se sa lang prate oer projekten dat se net iens mear nedich binne. Mar no? 

Sjoch, Rutte hie’t freed al oer grutte ynfrastrukturele projekten. Doe krige deputearre Avine Fokkens bykâns in orgasme. Rutte bedoelde echt grutte dingen fansels, mar Avine stoppe alfêst 5 miljard yn har Lelylijnponkje. Wylst dat jild ek nedich is foar duorsemens en klimaat. Krij we no in ynfesteerder dy’t seit ‘ik liz dat spoar fan Lelystêd nei Grins oan, jou my dy 5 miljard mar gau’. Ja, ho dan doch ik net mei.

At de Lelylijn, wy neamden dat it Súderseespoar, al of net komt, kin my neat skille. Foar ús Súdwesthoekers dy’t net nei Grins wolle, hoecht dat net. Mar at er der komt, poerbêst. Wat ik mis is it totaalplaatsje, der is wol mear as nei de Ikea yn Grins gean. Want dy spoarline hat rails, stasjons, oergongen by wegen en wetter, koartsein romte nedich. 

We moatte hjir bygelyks noch 5400 fuotbalfjilden oan bosk plantsje om CO2 op te sûgjen. 3600 bunder. Yn Gaasterlân en Fochteloo bin al beammen sat. Je kin ek net fan Olterterp en de Sweach rjochting Drachten útbreidzje, want dan moat al dy beammen wer kapt wurde at dêr in trein los moat.

We ha hjir en dêr sinnefjiden, de provinsje sil besjen wêr’t dy komme kinne, mar op de wize fan Drylts bin we der bliid mei. We moatte noch in kwak wynmûnen kwyt. We wolle hjir in kûllizelânskip ha, mar dan leafst sûnder treinen, dy’t dêr troch hinne flitse.

Der moat hûzen by, want we wenje aanst allegear allinnich yn in hûs, likegoed mei in oprit foar twa auto’s. We jouwe miljoenen út oan plak foar de skriezen, dan kin je net mei in trein troch de ikkers fleane. En we moat der fansels om tinke dat de wolven dy’t hjir komme net oerriden wurde troch de trein.

We moatte folle mear fytspaden foar E-bikes ha. Kuierpaden ek, oars kom je net op de foto yn de Ljouwerter. En we moat mear wetter kwyt kinne. Romte.

Avina sei noch foardat se de 5 miljard rûkt hie, dat de gemeenten romte hâlde moatte foar de trein. Lokkich, dan komt dêr miskien dochs in polityke ôfwaging. Trouwens at se aanst dat hiele Groeifûns yn de ferkiezings ha, dan meitsje se de projekten dochs wol bekind. Inkeld dan duorret alles wol wer ferrekte lang.

Gearfetsjend, ik wol graach it hiele plaatsje ynklusyf trein goed beprate. At Wopke en Wiebes dy trein sels regelje sille, dan moat wy ús dus de bek hâlde. Mar at se dy miljarden wol dellize, dan bin we fierder as at we ea west ha. Oan de oare kant seit VNO/NCW-noard foarsitter Sieger Dijkstra dat sa’n treintsje moai is, mar dat we dat jild hjir ek foar oare dingen nedich ha, lykas kennisekonomy en wetterstof.  

Begripe jim no dat ik yn betizing bin? Jim wierskynlik ek.    

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Google photo

Je reageert onder je Google account. Log uit /  Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s