Eelkesweblok

Een reactie plaatsen

16 09 2020

Fraechtekens

Ik ha fannemoarn wat fraachjes. Dat is foar it oare neat oars as  ferbergje dat ik it oer ferskate saken ha wol.  

Fraach ien: Wêrom krije al dy FNP-ers, en ek guon oare minsken, sa’n wip yn de angel fan dat der Frysktalige plaknammen op guon buorden by set wurde yn Noard-east Fryslân. At in doarp it net wol, omt se te ticht by Grins lizze of sa, dan hoecht dat wer net. At je fan sók heal belied sá oerol reitsje.

It is krekt as yndertiid by Frysk ferplicht op skoalle. Heu heu. Ja, de eilannen, de Stellingwerven, it Bildt, Ljouwert, Hearrenfean, Drachten en oare plakken wêr’t se wat krûm prate, dêr hoegde it net. Prima. Mar dan moat djipFriezen net heu roppe, want se ha neat berikt. Boppedat wurdt it Frysk echt net better at der de Lytse Jouwer op it boerd stiet en net ien kin it lêze.  

Dêrútwei ûntstie fraach twa. Hoe soe it komme mei it Frysk yn de Ljouwerter Krante at de Telegraaf it dêr foar it sizzen krijt. Ik tink dat se har dat op de redaksje fan de Ljouwerter ek yn it sin brocht ha. Ik lies teminsten sneon in ynterfjoe fan Ton van der Laan mei de Fryske baas fan de partij Foarum, Maarten Goudzwaard. Dy hie in soad te sizzen en dat kaam allegear yn moai geef Frysk yn de krante. Dat ha de measte redakteuren dêr noait dien. In wapen yn de ûnderhannelingsstriid oer redaksjonele frijheid yn it brûken fan it Frysk tink ik.   

Fraach trije. Wat dogge we no mei al dy hûzen dy’t no sluten wurde  troch boargemasters fanwege drugs. Benammen Oebele Brouwer sit noch folop yn syn âlde wurk, hy rûkt wat en slút daliks. En it hûs, wat bart dêr mei? Ik tink dat der dit jier sa’n 75 drugshûzen yn Fryslân leech komme te stean. Mar we ha dochs wenningneed yn dit lân. Rûkt it te bot yn dy hûzen, dat der net ien yn kin? Slút sa’n hûs en set der in pear starters yn.  

Fraach fjouwer. Wêrom komme de politisi yn Fryslân net yn it gewear tsjin de fleanbasis. Dei oan dei fertelle de omwenjenden op in lûdshinderapp ús, en har dus ek, dat de F35 echt in kear safolle lûd feroarsaket as de F16. En dy wie al lûd genôch. Boppedat hat ûndersyk útwiisd dat de F35’s foar Amerikanen net iens te beteljen binne om se yn de loft te hâlden, hoe soenen wy dat wol kinne. Ik wit wol dat politisi dy’t ea de bek dêroer iepen dienen tsjin in stienhurde doar oanrinne. Mar lit yn elk gefal hearre dat dit net de ôfspraken wiene wêr’t jim yndertiid akkoart mei gien binne. Jim stilte is wat earferdôvjend.

Fraach fiif. Ik lies dat it wetterskip no ûndersykje sil at it wol goed is om it wetter yn de sleaten wat heger te dwaan. Hoe ist mooglik, sokke ûndersiken ha al lang west en bewiisd dat heger wetter better is. De fraach is wêrom at it wetterskip it dan wer oerdocht. Omt se in oar andert ha wolle, mar ek omt se dêr o sa graach tefolle jild útjouwe. Se smoare no al yn ús stront. En sa ha gjin sinten mear om húskepapier te keapjen. Sla dan sa’n ûndersyk ek mar oer, it hat gjin inkeld doel.    

Fraach seis. Wêrom docht de GGD yn Fryslân alles oars en blykber ek better as de oare GGD’s yn Nederlân. Ha se dêr ek gjin ienriedich belied? Miskien omt Lutz Jacobi dêr de baas west hat?  It is fansels wol lekker dat it yn Fryslân allegear wat flotter giet as earne oars. En  at je dochs mei de sifers oan de slach binne, dan blykt gewoan dat de hiele corona hjir folle minder wie, mar dat we yn de fakânsjetiid in wat gruttere oanslach krigen omt hjir safolle Hollanders en Dútsers kamen om fakânsje te fieren en omdat der sels yn Fryslân noch genôch dwazen binne dy’t dochs nei it bûtenlân geane.

Hea, no set ik ynienen in stek om Fryslân hinne. Dat mei net, sei de kening juster. We moat it samen dwaan. Want oars kom je net fierder as Fryske plaknammebuorden.       

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Google photo

Je reageert onder je Google account. Log uit /  Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s