Eelkesweblok

23 09 2020

Een reactie plaatsen

Soer

It FNP-gemeenteriedslid Aant Soeboer neamde my soerder as syn eigen jittik. Dan brûkt hy, tinkt my, ferrekt sacht guod. Likegoed hat hy rjocht op in skiednisleske.    

Novimber 1951. Kneppelfreed. Fedde Schurer stiet foar it gerjocht omt hy in rjochter bêrneftich neamde, doe’t dy in Frysk pratende fertochte net ferstean woe. Foar it earst en lêst ha de Friezen doe op it Saailân wat yn plysjes omslein. Dan komt der geâldehoer en, nei lange, lange jieren, ha we it rjocht krigen om Frysk te praten foar it gerjocht. Dat wurket net, omt der gjin tolken binne. At Fedde Dijkstra der net is, kin de ferfanging net iens begripe wat Jenny Douwes seit. De provinsje sil no sels tolken betelje, wylst Syrië net in sint betellet at der in Syriër foar it gerjocht moat. 

In 1975 kaam ik werom yn Fryslân. Ik ha in soad yn sealen wurke. Altyd siet der wol ien dy’t je net ferstie. It kaam my ynearsten de strôt út. We ha sels by in rjochtstreekse radioútstjoering wol ris ien hân dy’t frege at de útstjoering net gewoan yn it Nederlânsk koe. Dat koe net, mar Omrop Fryslân waard wol twatalich. We tochten: se ha ek wol wat gelyk, guon ferstean it echt net. It boadskip fan Kneppelfreed siet net yn de hiele befolking.

Septimber 1980 krigen we dus in ferplicht oerke Frysk op de legere skoalle. Mar at de skoalle minder as fiif persint Frysktaligen hie, hoechde it wer net. Dus der bin in pear skoaltsjes op’e doarpen dy’t it in oerke dogge, wylst se oars de earste twa jier kompleet yn it Frysk diene. Dat mei net iens mear. Yn 1993 waard it ek ferplichte yn it fuortset ûnderwiis. Tsja, at dêr no fjouwer of fiif learlingen ekskamen dogge per jier, komme der al stikjes yn de krante.     

Dertusken yn wurdt it 1 jannewaris 1984. Gemeentlike weryndieling. De rieden setten hat yn om de nije gemeenten stâl te jaan. It wichtigste dêrby foar Boarnsterhim en Tytsjerksteradiel wiene offislële Frysktalige plaknammen. Yn Den Haach wiene se der mei oan en skoden it ôf op de PTT. Dat moast mar sizze dat it tefolle koste. Dy ha sawat fiif jier tsjinfochten. Wol ferlern, mar Boansterhim is noait ûntstien. En Tytjerksteradiel wie de earste gemeente mei in one-issue gemeentebelangenpartij, dy fan Hessel Bouma. 1990, it bertejier fan Aant Soepboer, kamen se mei fjouwer sitten, tsjin Fryske plaknammen, yn de ried. 

Sa linkendewei ha nije weryndielingen ek oare gemeenten der ta brocht om dit ûnsingedoch troch te setten. It jout nammentlik hielendal neat. Foar 17 miljoen Nederlanders wenje ik yn Woudsend, foar in Fries is it Wâldsein. Prima dochs. En at je it op’e buorden sette, ha dan net sokke idioate diskusjes as de Waadhoek oer boppe of ûnder en at je it dogge, doch it as hiele provinsje. Al moat je je dan ek wer realiseare dat soks noch neat seit at de Ljouwerter Krante it sels ferdomd om de offisiële provinsjenamme Fryslân te brûken.

Ik bin dus soer oer it Fryske gedrach ynsake it Frysk. At we it dogge , doch it dan gewoan. It heart sa. Dus net mear in orgasme krije at Willem-Alexander en Maxima wat Frysks brabbelje. En stim net mear  op CDA-er Harry van der Molen. Doe’t se him op’e telefyzje fregen wat it wichtichste Fryske sintsje wie, sei hy ‘bûter, brea…’. It is gewoan ‘ik wol in beerenburgje ha’.  

Skiednis. Yn 1962 ûntstie de FNP. Doe in taalpartij. It duorre mar efkes of PvdA en CDA hellen de FNP links en rjochts yn. Omdat, sa’t se seine, se mear klear krije koenen. Ja, allegear formele dingen, mar je koenen der altyd wer ûnderút. Dat neam ik gjin belied meitsje. En ferdorie, yntusken is de FNP ek noch beliedspartij wurden. Oer it Frysk bin we net in meter foarút kaam. We bin in folk wat syn eigen taal net yn libben hâldt.  

Ik bin soer. Net negatyf, Aant. At myn pakesizzers my yn it Frysk appe bin ik tefreden, ek al is it noch wat breklik skreaun. Dêrom Aant, soe ik dyn krêften mar brûke foar goed ûnderwiis yn ús Frysk. Want de polityk hat dêr noait in hout fan begrepen. 

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Google photo

Je reageert onder je Google account. Log uit /  Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s