Eelkesweblok

Een reactie plaatsen

30 09 2020

Stadich

Lit ik it fersichtich sizze: de snelheid fan hanneljen fan de oerheid is net sa grut. Dat brekt dy oerheid yn dizze coronatiid seker op. Besmettingen gean hurder as it tinken dêroer. De oerheid is lykwols noait snel yn it nimmen fan beslúten. Dat is ús skuld, omt wy soarge ha dat we altyd oeral oer meihaffelje kinne. No dat dogge we dan ek.

It is foar it oare in wrâldwiid probleem. Âlde minsken lykas my gripe dan daliks wer werom nei de 60-er jierren. Oarloch yn Vietnam. Alle dagen de meast freeslike bylden op de telefyzje. Foar it earst kearde de wrâld him tsjin de Amerikaanse polityk.

We mochten fan in boer in stikje greide tusken Beetstersweach en Nij Beets brûke. Dêr sloegen we alle sneontemoarns allegear gatten yn. De middeis yn optocht dêrhinne. Dan setten we yn elk gat in krús, dat stie elk foar tsien deaden. Der stienen hûnderten krúsen op it lêst.

Soks barde de hiele wrâld oer. Op in gegeven stuit gie Amerika fuort út Vietnam. Folle letter ha we pas begrepen dat it net oan ús krúskes lei, mar omt de Noardvietnamezen better wienen yn in jungle-oarloch.  

Yntusken hienen we omraak Amerikaanse kearnwapens yn it lân. Dy woenen we wol fuort ha. Watte, sântich persint fan it Nederlanske folk woe dat wol graach. Sa’n 40 jier lang aksje. Lubbers hie lykwols  de Amerikanen fan alles tasein. Hy woe net om lyk. Uteinlik ha we it wûn, mar likegoed lizze se noch yn Volkel. De SP is fannewike wer aksje begûn om se dêr toch ek mar wei te heljen.   

Doe makken we nije spandoeken. Tsjin kearnerzjy. Dat rêdden we rap op, fanwege Tsjernobyl. Doe wie de oerheid ek benaud. Dat is de VVD no net mear, dus dy begjinne no wer spandoeken fóar kearnenerzjy te skilderjen.  

Dat bin fan dy ivige disksjes. Dy bliuwe alsmar trochgean en dan wurdt de oerheid noch folle stadiger. Nim no yn Fryslân. De igge lâns it waad waard in dyk. De see dêrnjonken foel droech. Boeren seagen dêrnei en seine dat kin we wol brûke. At we dêr jirpels sette, hoecht mem der yn de keuken gjin sâlt mear oer te dwaan.

Begjin 70-er jierren wiene der lykwols in hiel soad lju dy’t mear fan frettende fûgels hâlden as fan Waadjirpels. Natuerfreaks. Lange, heel  lange diskusjes. De natuer wûn úteinlik. Dy natuerlju boartsje troch. Se wolle no ek de boere binnen de dyk ferdriuwe. Fersilting. Dan kin dy fûgels ek efter de dyk frette. Moai om te sjen dat de boeren har no fersette op deselde wize sa’t de natuerminsken dat yndertiid dwaan moasten.   

It alderstadigst dogge se fansels mei de fleanbasis Ljouwert. Sa stadich dat ik dêr net mear oer kin. Ferline wike op twitter in berjochtsje fan de basis dat de F16s fan Ljouwert no ferantwurdlik  binne foar de ferdediging fan de loft boppe de Benelux. Yn de takomst dogge de F35s dat. Dy bin trije kear sa lûd. Dy binne net te beteljen. At der ûnwaar is boppe de Benelux wurdt der net ferdigene. We bin dochs ferdoarje net yn oarloch of sa. Ferdediging fan de loft.  Skyt omheech.

De befolking fan Fryslân en seker de lju om de basis hinne wurde kear op kear al 75 jier lang ferneukt.

Altyd mar wer dat it lûd net te lûd is, mar dat kin je net heare omt dy fleantugen te lûd binne.

Altyd mar wer regearingspartijen dy’t sizze dat we safolle wurkgelegenheid fan dy fleanbasis ha. Mar at it wurk fanwege corona der net mear is, sizze se dat der mei gauens oar wurk is. Sykje dat dan ek foar de fleanbasis.

En altyd mar wer, stel dat de Russen in kear komme. Fantasten.

Ik ha der myn nocht fan. Ik soe wolle dat jim dizze twadde coronagolf brûke om, mei my, ris hiel goed nei te tinken wat foar wrede aksje je dwaan kinne soenen om dy ivige mieninkjes yn ien kear fuort te soademieterjen. Sjitte of konstant drônes is te maklik. We moatte net mear tsjin de basis wêze; we moatte in beweging foarmje om de basis definityf fuort te krijen. Skouderophellers dogge net mear mei. Dan bin je fout nei de oarloch.    

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Google photo

Je reageert onder je Google account. Log uit /  Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s