Eelkesweblok

Een reactie plaatsen

07 10 2020

Wane

Ik ha hiel faak omtoarke yn de Alde Feanen. Neffens de webside fan Merk Fryslân hie ik my dan wane moatten yn de Amazone, de rivier dy’t fan Peru nei Brazilië rint.  Ik ha dat nea dien. Ik ha my altyd gewoan waand yn de Alde Feanen, tusken Warten en de Headammen. Yn de Amazone ha se gjin 18-mêd, gjin Skeanesleat en gjin Izakswiid. Yn de Alde Feanen ha we gjin krokedillen.

Merk Fryslân is de offisiële regiomarketingsorganisaasje fan Fryslân. Dat neame se offisieel, dan krij se teminsten bakken fol jild fan de provinsje.  Dy’t Fryslân hyt, en net sa at Merk Fryslân seit ‘Friesland’. Sterker, it spesiale gefoel foar in eigen folweardige taal wurdt net brûkt op dy marketingwebside. Lytse talen, dy’t wy sa nijsgirrich fine yn Ierlân, Wales, Katelonië en sa, jilde foar Friesland blykber net as toeristenlokkerke.  

Wy moat ús nammentlik foardwaan as wat oars. Oke, Ljouwert wol ús net yn in pream sette , sa at we yn Fryslân wend binne. Nee, dêr moat we yn in gondel. Mar om je dan daliks yn Venetië te wanen. De Ljouwerter iggen donderje echt net sa gau yn elkoar as dy fan it San Marcoplein dêrre.   

Starum is, tanksij dy rige lilleke kleurde hûzen oan de âlde haven, krekt Kopenhagen neffens Merk Fryslân. Ik seach it fanwege dy kleuren mear as Curacou, mar ek dan mist Starum fansels noch dy skitterende draeibrêge fan Willemstad.

De stifting Alde Fryske tsjerken slacht op de trommel om minsken te fertellen dat al har âlde tsjerken wer opknapt binne. Merk Fryslân stjoert de toeristen nei Ealahúzen, dêr stiet noch in tsjerke ûnder wetter by de Langehoek. Dan bin je neffens Merk Fryslân efkes yn Atlantis.   

At ik de Aldehou sjoch, moat ik my wane yn Pisa. Dêr stiet ek wat skeef. Of at ik de Bosbergtoer yn Appelskea opklim om oer Drinte te sjen, moat ik my wane yn de Burj Khalifa. Ik soe net iens wite wêr at dy stiet. At ik de bosken ûnder dy toer yn gean, dan bin ik ynienen yn Canada. Ja, dêr ha se ek beammen. En we ha hjír no al in wolf, mar noch gjin bearen.

Leaf Merk, at ik troch de dúnen fan Flylân strún bin ik net op safari; at ik troch Oranjewâld fyts lâns dy grutte lânhûzen bin ik net yn Kent.  En omt Jan Faber in plateautsje makke hat fan stiennen dy’t him yn de ruilferkaveling oer de teannen rôllen , hoech ik my net yn Stonehedge te fielen, mar bin gewoan yn Mûnein.

At ik it tempeltsje fan Ids Willemsma op de Waaddyk stean sjoch, fiel ik my net op de Chinese muorre. Foppe de Haan is dêr mei de Olympyske Spelen fan 2008 in eintsje oprûn en seit dat it in hiele sjouw wie. Dan wol ik my dêr net wane; it tempeltsje fan Ids kom ik samar yn. Dan sjoch ik de wide romte fan it waad, en dan waan ik my net yn it Australische bûtengebiet. At ik dêr in fûgel sjoch, tink ik net dat ik op de Galapagoseilannen bin. Ik bin gewoan op ús Waad. In op himsels steand ynternasjonaal unyk UNESCO gebiet.   

Merk Fryslân hat wol in bytsje gelyk. At ik lâns de alve stêddefonteinen toffelje, fiel ik my yn it bûtenlân. Dy fonteinen bin ûnfrysk. Dêrom bin se hjir delsetten yn it jier dat we kulturele  haadstêd fan Europa wienen en tochten dat we dat fertale moasten yn allerhande bûtenlânsk gedoch. Doe wienen we ússels al net mear.

We ha wol gauris yn it bûtenlân west. Moai. Dan riden we wer werom en seine: hjir is it ek moai. At we by Nijemarrum troch it bosk ynienen by de Iselmar útkomme, dan hoech ik Gurbe net sjonge te hearen oer de Cliffs of Mohair, want we bin yn in unyk stikje fan Gasterlân. Sa soe ik trochgean kinne.  

Us eigen gebiet. De hiele provinsje. De súdeasthoeke hat gelyk, alles is unyk. Fryslân is net te fergelykjen mei hokker stikje fan de rest fan de wrâld. Lokkich soarget de corona der foar dat we net op fakânsje nei it bûtenlân hoege. We kinne, sûnder op de webside fan Merk Fryslân te sjen, hjir gewoan bliuwe.

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Google photo

Je reageert onder je Google account. Log uit /  Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s