Eelkesweblok

Een reactie plaatsen

21-10-2020

Noardelike kjeld

Der bin gjin politisi mear, dy’t lûdop doare te sizzen dat Fryslân mei Grins en Drinte mar ien provinsje foarmje moat. Wylst dat, inkeld al op grûn fan it beheinde tal minsken wat dêr wennet wol goed wêze soe. Benammen om yn Nederlân mear lykwicht te krijen, sadat regiobelied ek echt stâl krije kin. Yn Den Haach waard it noch it faakst monkele, mar elkenien dy’t dat rôp, krige gjin stimmen mear. Sawol yn Grins net, as yn Fryslân. Yn Drinte stimme se noch sa’t harren heiten ek altyd dien ha.  

Dus sit se noch altyd ûnder bewâld fan Grins. Se dogge bygelyks finansieel mei yn it fleanfjild fan Eelde. Grins wol graach dat Fryslân ek meidocht. Hjir bin wol in pear minsken dy’t dat ek fine, mar at it fanwege de corona net mear doocht om fan Eelde nei Bremen te fleanen, is dat wol oer. It singeliere is dat FB Oranjewâld wol finansier is fan Eelde. Dêr ha se blykber mear betrouen yn as yn de noardelike deiblêdden. 

Se sieten koartlyn yn Grins om de tafel en fregen har ôf: hoe kin we Fryslân dêr no sa by belûke, dat se tinke dat Eelde ek har fleanfjild is. Wat betochten se: Fryslan kin ús smoargens wol oprêdde. Se sitte ynkoarten finansieel ek yn Omrin. Mei grou jild. Al dy Grinzer smoargens komt hjir hinne.

Dat kin moarns moai mei de trein nei de Wierde yn Hearrenfean. At de Lelylijn der al komt. Yn de rânnestêd wurdt inkeld praat oer in snelle ferbining tusken Lelystêd en Grins. Dat is inkeld mar klear te krijen at Emmeloard, Hearrenfean en Drachten ek lûdop sizze dat it o sa nedich is. Regiobelied. Dêrom hat ús deputearre Avina Fokkens dat no ek ûnder har bewâld. Se hat no al in pear kear sein dat de Grinzers it ek mear as in wichtich objekt sjen moatte en net hieltyd sizze dat it om harren ek wol oer Zwolle kin.

Grins wie hast om, doe wie der dy hele domme aksje fan de CDA-riedsleden yn in soad Fryske gemeenten. Dy sizze dat dy trein aanst yn Hearrenfean yn twaën moat en dat der dan noch twa coupé’s trochstreame moatte nei Ljouwert, fol mei Dokkumers en Frentsjeters. Unnoazel dat CDA-ers út Hearrenfean en Drachten ek noch meidienen oan dat domme ferhaal. Dêrmei ûndergrave se de Lelylijn sadanich, dat dy der noait komme sil. Want Grinzers wolle út noch yn net dat iets wichtichs nei Grins én Ljouwert giet. Dat mei foar har noait lyk lizze. Sy roppe altyd dat sy inkeld mar it noarden binne. In soarte fan oerdreune grutskens, wêr’t wy Friezen absoluut net oer kinne.     

Boppedat jonges. Ljouwert hat yn de 70-er jierren alles ferspile. It sette net sok doe’t der in dyk fan de kop Ofslútdyk nei Grins komme moast. Dus kaam de dyk oer Snits, Hearrenfean en Drachten. Doe’t it westen letter troch de polder nei it Noarden kaam, wie harren kostje hielendal makke. Ljouwert lei efter in stikje isolaasjebân. Oars hie alles trochstreame moatten en koene je fan Ljouwert nei Grins. Dat helje je noait werom. Der is safolle bestjûrskrêft oan kapot gie, dat wol je net leaue. Ljouwert moat no dat ferlies drage en dwaan wat je dwaan kinne, mar de Lelylijn is net fan Ljouwert.

Fanwege noch folle mear diskutabele saken tusken Ljouwert en Grins is de noardelike gearwurking noait wat wurden. Fanwege guon politisi en fanwege de sinten is der besocht yntensyf gear te wurkjen. Der bin allerhande gearwurkingsferbannen, mar je hearre der noait mear wat oer. It stelt dan ek hielendal neat foar. Dêrom is it ek wol te begripen dat der sels fanút Grins stapkes set wurde, want dat hat echt stipe nedich. Ekonomysk soe it moate, mar it wurdt dus noait wat. We kin beide net gearwurkje.

Inkeld, at it oer de Fryske taal giet, soe ik folle leaver mei Grins as mei Den Haach te krijen ha. Oare Hollanders sizze dat in twadde taal moai is, mar binne net ree om dêr ek wat oan te dwaan. Grinzers bin sa op ús taal tsjin  dat it foar ús folle dúdliker wurdt dat je hjir in better taalbelied nedich ha. Mar dêr moat we sels dan mei rêdde.  

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Google photo

Je reageert onder je Google account. Log uit /  Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s