Eelkesweblok

Een reactie plaatsen

28 10 2020

VAR

Riemer van der Velde wurdt hjoed 80 jier. Riemer wit noait wat er op syn jierdei ha wol, hy hat alles al. Safolle flessen whiskey krigen, dat se syn hûs as kroech kwalifiseare wolle. Dan soe hy no ticht moatte, dat kin net. Dus ik frege ferline wike netsjes: ‘wat moast op dyn jierdei ha’.

Foar it earst yn 80 jier krige ik andert: ‘kinst net regelje dat de VAR ferdwynt?’. Efkes foar de net-fuotballeafhawwers, Riemer hat it dan net oer in rivierke yn Frankryk, de Verenigde Arabische Republiek of in jonge bolle. Hy hat it ek net oer de konservative, net roomske Vrije Antirevolutionaire partij; dy wie yn 1903 al dach.

Nee, Riemer hat it oer de Video Assistent Referee, dé VAR. Jim witte, dan sit der in skiedsrjochter fier bûten it stadion, dy’t 89 kear in telefyzjebyldsje fan in fuotbalwedstriid besjocht fanút 14 ferskillende kamerapunten. En dy’t dan, hoe dan ek, in oare beslissing nimt as de skiedsrjochter op it fjild yn earste ynstânsje dien hat.  

It is sa’n bytsje: moai waar, jo spitte lekker de tún om. En dan stiet der ynienen sa’n amtnerke en dy seit nei elke skeppestek: efkes sjen at dy net in millimeter te fier wie. Dy krijt in skeppe foar de harsus.   

Sa net yn it fuotbal. We ha begrepen dat der no noch wer earne in Champions League-pennel oernaam wurde moat, want dy keeper stie net mei beide fuotten op de line. Ja, de pennel siet wol, mar soe dy bal ek sitten ha, at dy keeper wól op de line stean bleaun wie.

By in goal kin fuotballers en publyk net joechhei roppe of skrieme, want earne sit ien te kedizen oer at der no wol of net in man twa passes earder al of net bûtenspul stie. Dy VARkerkes bin de ienigen yn de wrâld dy’t sjen kinne at it in millimeterke te fier wie. De rigel is toch dat je op ien line stean meie. By sa’n wedstriid tusken Everton en Liverpool jilde dy rigel ynienen wer net.

In fuotballer leit op de grûn en ropt. ‘Hy skopt my, reade kaart scheids. Nee? No, freegje it mar oan de VAR’. Watte, by elke aksje ha spilers allegear de hannen omheech. En mar roppe VAR! De skiedsrjochter op it fjild wurdt hieltyd ûnwisser. De VAR moast sneon by Hearrenfean-Emmen fan de skiedsrjochter sjen at de skiedsjochter terjochte wol geel en read joech. In troch Mulder oppakte weromspylbal fan Woudenberg mocht de VAR net oer gear, dus dy koe gnize en de bal úttraapje. Sa  wurdt alles ûnearlik.  

De iene kear bin je VAR, de oare kear skiedsrjochter. No, dy iene liet jo tweintich menuten wachtsje op de beslissing, dan sil we no ris sjen hoe lang at ik him wachtsje litte kin. Soenen de skiedsrjochters op it fjild harren bêst noch wol dwaan? In oar sjocht der toch nei? En wa fan harren is baas? Leo Horn draeit him yn syn grêf om.

De tiid dy’t de VAR nimt. Safolle tiid krijt in fjildskiedsrjochter nea. En sa’n man mei koptillefoantsje hat dus ek folle mear tiid om Ajax en Feyenoord aardiger te finen as Hearrenfean en ADO. Hands Floranus. Skyt omheech.  

Wy sitte optheden net op de tribune, mar tús. VAR is wachtsje, wachtsje, wachtsje. Ja, je gean de earste kear te pisjen, de twadde kear set je theewetter op. Dêrnei ferfeel je jesels, zappe. Ik tink dat VAR-oerwagingstiid aanst ynfuld wurdt troch reklame.  

Wat kin in VAR-beslissing net betsjutte yn de ponge van de klub. Al of net in goal, al of net in spiler minder. Al of net in pennel. Al of net in sentimeter ferskil. Al of net in VAR-man, dy’t wol of net fannemoarn troch syn frou slein is. Miljoenen.

De hiele VAR kostet trouwens in fermogen. Ofsjoen noch fan de technyk, dy is ek net om’e nocht. En je ha dus in dûbeld stel skiedsrjochters nedich. Dy bin no yn fêste tsjinst by it bûn. Dat allegear, wylst der fuotbalklubs binne dy’t de hier fan harren fjild net betelje kinne.

Mar Riemer is jierdei en mei it sizze. No, hý wol dat frijkommen VARjild wol besteegje om keunstoffjilden wer fan echt gêrs te meitsjen.

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Google photo

Je reageert onder je Google account. Log uit /  Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s