Eelkesweblok

Een reactie plaatsen

04 11 2020

Stimbus yn de feangreide

De stimmerij yn Amerika is blykber wichtiger as ús corona, at je hearre hoefolle tiid de media der oan fergrieme. It sil útwize dat in wike lang stimme, eventueel sels oer de post, net wurket. Ik foarsiz jim dat de gaos dêr sa grut wurde sil, dat der oer trije moanne wer nije ferkiezings komme.

Dat sil ek it gefolch wêze fan de plannen fan minister Kajsa Ollongren fan ynlânske saken. Se wol dat wy yn maert trije dagen yn de oardel meter rige stean meie of ús stim ek oer de post stjoere. Bestiet de post hjir eins noch wol?

Bongelders as Baudet sille no besykje fan alle demente bejaarden yn fersoargingshûzen in hânteken te krijen en dy dan per post op te stjoeren. En bongelders as Wilders sille yn 17 rjochtsaken soargje dat we oer sis mar trije jier de útslach witte. We kin net iens oer de kompjoeter stimme, omt dat net fertroud is. Hoe soenen we ús dan no redde kinne mei trije dagen en snústerige bryfkes. Achte Keamerleden, gean asjeblieft net mei Ollongren yn see, oars fersûpe jim.  

Dy Keamerleden hearre my lykwols net, want dy bin dwaande om harren ferkiezingsfolders nei de boargers te bringen. Nee, net oer de post, mar oer de media. Trump en Rutte oan de kant, hjir komme we.  

It earste wat Lodewijk Asscher snein yn Buro de Vries sei, wie dat ek syn PvdA ûntdutsen hat dat der njonken Amsterdammers ek noch Friezen nei de stimbus gean. Hy sei it wat oars, mar dat dogge politisi altyd. Hoewol dit eksakt it selde boadskip wie wêrmei it CDA al in pear dagen earder op paad wie. Regionalisearing neame se soks.

De goede fertaling fan dat wurd is trouwens net elke partij jûn. It CDA wol dat de Fryske taal yn de grûnwet komt. Krekt sa ûngelokkich as de FNP dy’t as reaksje it Frysk yn it Statuut foar it Keninkryk ha wolle. Dêr hienen we noch noait fan heard dat it bestie. At we it Frysk net mei syn allen brûke op in gewoane wize, ha ditsoarte offisiële strapatsen gjin inkelde sin. Hokker mins begjint mear en better Frysk te sprekken, inkeld omt it yn de grûnwet stiet? .  

Asscher prate snein frij maklik oer syn kredo wurk, wurk, wurk.  Wat aarzeljender kaam der út dat se allegear dingen yn harren programma ha dy’t de measte minsken yn Fryslân ek wolle. At se dat ek dien ha foar oare gewesten dan is it in net útfierber programma. Nim no it Waad. Se sizze al jierren en jierren dat der net nei sâlt en gas board wurde moat, mar dat giet gewoan troch.

Dat wylst Asscher yntusken dochs Den Uyl anno 1972 oan it ymitearjen is: “Alles moet anders”. En, ferdomd, omt hy hjir dochs wie, hie hy in lyts ekstra Frysk spjirrinkje. De Fryske feangreide. Dêr smite de sosialisten ynienen in swierder ferhaal op tafel as we hjir yn Fryslân ea tinke koenen.

Asscher is it mei boerefijân Tjeerd de Groot fan D66 iens dat de boeren har wize fan lânboufieren oanpasse moat om de feangreide. Dêr giet hy  oerhinne: de feangreide moat Nasjonaal Park wurd. Lykskeakele mei it Drents-Friesche Wold, de Lauwersmar, de Alde Feanen en Skiermûntseach. Poeh. We ha fertuteaze feangreide yn de trijehoek Dokkum-Wolvega-Warkum. Wurdt dat in Nasjonaal Park. Tsjong.   

Ja, ik skrik. Jim ek. Want ynkoarten sil de provinsje sizze hoe’t sý fan doel binne de feangreideproblematyk oan te pakken. Ferantwurdlik deputearre Douwe Hoogland mompele snein al dat se fuortendaliks noch net oan in nasjonaal park ta binne. Hy hat it al dreech genôch  om it tal millimeters wetter te bepalen werby de grûn ferbettert en de 800 boeren oan de slach bliuwe wolle. En no waard hy troch partijgenoat Asscher mei de kloaten foar it blok setten. Op it blok sels.    

Want at je no ynienen Nasjonaal Park roppe, dan wurde de boeren folsein deilis. Se ha no hekkele; it mais wie op tiid binnen; no kin se wer mei de trekker de dyk op. Polderjen wurdt it nammentlik noait wer, want de natuerminsken sille no ivich Asscher syn term Nasjonaal Park brûken bliuwe. Dit wurdt de Fryske Trump en Biden. Watte, dit wurdt in echte oarloch.

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Google photo

Je reageert onder je Google account. Log uit /  Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s