Eelkesweblok

Een reactie plaatsen

18 11 2020

Gûle op it balkon

Freed 13 oktober 1984. It reint en waait. Moandei sil yn Warkum de tsiende strontrace los. En de Fiskerijdagen en de beurt nei Amsterdam. Ik ha organisator Reid skille. Wol in radioynterfjoe, hy hat it ommers allegear betocht. Hy akselt tsjin, soks wol hy noait. Ik krij him net fierder as dat hy efkes yn Séburch, de kroech op de Warkumer haven, komme sil.

Sân beerenburgjes letter jout hy ta. Ik kuierje mei him de haven op. We sitte op twa skippen. It wetter kloppet lûd tuskens de warings as eftergrûn foar Reid syn wurden en waarden. Dan komt de slotfraach: elke jier at de skûtsjes fuortsile stapst yn dyn lelijk eendje, en riidst de seedyk oer nei dyn hûs, de fjoertoer fan Warkum. Wêrom?  “Dan sta ik op mijn balkon en dan huil ik,….. dan huil ik”.

Noch nea sa’n moai ein oan in ynterfjoe hân. Gau nei de studio en monteare. By Blauhûs begjin ik lykwols al te twifeljen. By Tsjerkwerd op in parkearplak; kofferbak iepen, sjen. Ferdomme, noait in bantsje op it opnameapparaat dien. Tsien menuten stie ik ferweesd yn de rein. Doe bin’k mar nei hûs gien, soks kin je net oerdwaan. In unyk ynterfjoe nei de kloaten troch kloaterigens.

Reid is ferline wike ferstoarn. Wie al wat minnich de lêste jierren. Ik dwaal wat troch de telefyzjedokumentêres dy’t Johan van der Zee yndertiid mei him makke hat. Dan blykt wer dat Reid in echte âlderwetse natoerman wie. Us fertelle woe dat je ek wol op de âlde wize libje koene. Sa’t de echte fjildminsken yn Fryslân ek tinke, dogge en soms opskriuwe.

Sneintemoarn harke ik nei Vroege Vogels. Dan fernim ik dat  natoerorganisaasjes, werûnder it Fryske Gea, de lânbou én provinsjes  hjoed in reddingsplan foar de skries oanbiede sille oan minister Schouten fan lânbou. Skriezen gean nammentlik ek dea. Moai plan, mei wol allegear de bekinde maatregels werom Fryske fjildminsken al jierren freegje. No is it lannelik opsetten, dan kin it jild moai út Den Haach komme. Oeral gebieten fan 1000 bunder ynrjochtsje mei betingsten dy’t goed bine foar de skries. Goed. Op papier. Mar fan in plan is noch noait in skries better wurden. At it útfierd wurde moat sil der earst jierliks 40 miljoen op it kleed komme moatte.  

Dat is der fuort noch net. Want, it plan is ek fan de provinsje. It seit  dat it wetterpeil foar de skries 10 oant 20 sentimeter ûnder it meanfjild moat. Dyselde provinsje seit yn it feangreiderapport dat it net mear as 40 sentimeter hoecht te wêzen. Sit de skries net op de feangreide. Wat wolle jim no?   

En sjit op. Fryslân is ferneamd om de skries, dat moat sa bliuwe. Al wiene natoerorganisaasjes altyd, lit ik it fersichtich sizze, wat skrúten om elkenien dy skries sjen te litten yn har gebieten. Dat is no ek oars: In nammewedstriid. At je it goed ha bringt Arriva jo fergees yn in Fryske Gea-gebiet. Dan mei je rûnstrúne yn bygelyks de Warkumerwaard, wêr’t  je oars net komme meie. Watte, neffens Trouw wurd je no oproppen om elitaire safaritrips te meitsjen yn Nederlânse natoergebieten

Huuh. Sokke termen brûkt Merk Fryslân ek yn it promoaten fan Fryslân. In pear wike lyn ha ik dêroer op dit plak al it ien en oar yn de jittik soppe. De FNP wurdt no ek wekker. Fansels, at se Noardeast-Fryslân it ein fan de wrâld neame en de lju dy’t dêr wenje as stife harken sketse. No ja, soms at je hearre hoe’t se dêr omgrieme mei de ferkeap fan it Kollumer gemeentehûs, dan fyts je wol in eintsje om.   

No bin ik fan Reid fia de skries yn de gemeentepolityk fan Noardeast-Fryslân kaam. Lit se dêr no mar op eigen wize reklame meitsje foar de toeristen. En lit de provinsje, natoerorganisaasjes en lânbou tegearre ien goed natoer-lânbouplan meitsje en útfiere. Alles by elkoar. Ien plan. Moarn. Dan kin we yn dy Warkumerwaard bygelyks wer prachtich nei de skries sjen wylst de blommen troch de rûge dong hinne komme. Sadat we fanôf Reid syn balkon sjen kinne dat it yn de waard wer allegear goed is. Dan kin wý der ek ris lokkich skrieme. As neitins.

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Google photo

Je reageert onder je Google account. Log uit /  Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s