Eelkesweblok

Een reactie plaatsen

25 11 2020

Untefreden

Ik hie in ein rûn en moast bykomme op it bankje by it fersoargingshûs. Ynienen siet der ek noch in man. âlder as my. Yn Fryslân groetsje wy elkoar noch. Dus ik sei: “Goeie, noch wat sûn?”. Hy sykhelle swier. Ik skrok, mar it hie inkeld as doel om efkes hielendal leech te rinnen.

“Ik ha swierhinne myn nocht fan dy corona. It hellet al myn maten op. Buorfrou is ek al dach. Ja ik wit it, folhâlde. Watte, we hearre al trije fearnsjier dat we noch efkes folhâlde moatte”. 

“Wy hjirre meie aanst as earsten in prikje ha. Mar se bin noch net iens wis oft de 60-plussers der wol tsjin kinne. Snapst it. De âlde rommel earst oan de kant. It oare folk fecht har op’e telefyzje dea wa’t dan in prikje krijt. Dat kin toch allegear wol yn ien dei. We kin ommers wol op ien dei allegear te stimmen. No, sa’n prikje giet folle hurder as útsykje wa fan dy kloaten ast oankrúse moast. Se sil wol wer te min fan dy rommel kocht ha. Dy fabryk jout it resepte net iens út hannen, in oar soe der ek ris oan fertsjinje kinne”.

“Dan bin der ek noch dwerselingen yn dit lân dy’t net iens in prikje ha wolle. Mar dat bin deselden dy’t net dwaan wolle wat Rutte seit en hieltyd oan elkoar omklieme. Ik sis wa’t in prikje ha wol dy krijt ek in tatoeage op de pols. En wa’t gjin tatoeage hat, mei nergens mear yn, ek net nei it fuotbaljen of sa. Tús bliuwe en fiif jier yn karantêne op Griend”.    

“Der wiene trouwens ek in hiel soad dy seine: oars moat de jeugd earst mar in prikje ha, dan kin dy teminsten wer feestfiere. Dêr skine dy earme hokkelingen net mear sûnder te kinnen. Feestfiere, lit my net laitsje. Dat folk docht net oars. Sá sielich dat se aldjiersjûn gjin feestje ha. Se wolle it deksel al efkes optille en op âld en nij feesten tastean. Feesten….it is inkeld mar sûpe, sûpe en nochris sûpe. Doch dat thús. En dan dat fjoerwurk. Ik laitsje my stikken om sa’n ferbod. Dat wurdt inkeld mar oarloch tusken de plysje en al dy lju mei illegale rotsoai”.  

“En dy Fryske idoaten, dy FNP, ha it hieltyd oer dat karbidsjitten hjir in tradysje wêze soe. No, wy hiene yn de oarloch inkeld karbid as fytsljocht. En der wie dêrnei wolris in boer dy’t in molkbus ôfskeat. Mar tradysje……en dan ek noch mei it boarst foarút in brief skriuwe nei Hollanders dat dy net sjitte meie. De boargemasters, mei dy âld plysje fan Achtkarspelen foarop, fine it allegear o sa wichtich dat wy der de hiele dei lêst fan ha. Myn hûntsje wit net iens wer’t hy keare moat, dy leit no al ûnder de tafel”.   

“Krekt as dat der gjin alvestêdetocht komt. Ja, dan bin der tefolle minsken by elkoar. Mar tinke se no echt dat at der iis is, dat se minsken tsjinhâlde te riden. En at it kin bin der tûzenen dy’t him ride. Wurde dy dan fan it iis sketten troch de soldaten of sa”.

“Sju dêr rint immen mei in mûlkapke. Freeslik. Myn gehoarapperaat wurdt út it ear raamd troch dy dingen. Dokter seit dat se net iens wat jouwe, mar hy sit wol mei sa’n ding foar de bek. En dan moat ik ek. No goeiedach, ikke net. Ik kom net iens mear yn de winkel, dan mar gjin beerenburgje”.

“Jo sieten froeger ek by de telefyzje. No dy hoege hjir net te kommen om myn miening, dat gejeuzel is ommers al de hiele dei. Se wolle allegear wat oars en ek wat oars as Rutte. At elkenien no dien hie wat hy seit, hienen we no net safolle ellinde hân. Mar nee allegear soargje dat wy âldsjes sa gau mooglik besmet wurde. Dan bin wy teminsten fuort en dan kin sy dûnsje”.

”Ach, lit se har gong ek mar gean, ik hoech ek net mear yn dizze tiid te libjen. Goeie”.

Ik seach ferbjustere om my hinne. Tocht letter dat dy âld man der noait sitten hat. Dy mei ommers it fersoargingshûs net iens út. 

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Google photo

Je reageert onder je Google account. Log uit /  Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s