Eelkesweblok

Een reactie plaatsen

02 12 2020

Amtnerij

Yn 2009 ferstoar myn broer. Willem wie in tige yntelliginte mar hiel  ienseme jonge. Ofstudeard yn ekonometry. Doe’t er klear wie, wurke hy lykwols yn de túnbou, oars fertsjinne hy tefolle. Hy wie úteinlik statisticus by it Grinser universiteitssikenhûs.

Doe’t hy ferstoar ha ik syn hûs oprêdden. Oeral leine blaue envelopkes. Jim witte it wol, fan dy foar elk folslein riedseleftige belêstingbryfkes. Dizzen wiene tige yngewikkeld, it gie oer meardere jierren. Willem krige soarch- en hiertaslach. Dat wie dan wer tefolle en dan moast hy letter werom betelje. It ienigste wat ik begripe koe wie dat der noch it ien en oar betelle wurde moast.  

Dus ik belle de belêsting, ik wist syn digiD fansels net. Belêsting belje is in aventûr op himsels. Ik doch it no noait mear, mar doe moast it efkes. Nee, net efkes. ‘Er zijn nog 36 wachtenden voor u’. Ek waarden je sa no en dan wer fuortklikt, dan moasten je op’e nij begjinne. Nei in dei as trije krige ik immen oan de lijn. Dy wie lykwols folslein net ynteresseard yn myn ferhaal. Boppedat wie hy inkeld foar de hiertaslag. Foar soarchtaslach moast ik in oar nûmer belje. Ensafuorthinne.

Ik ha trije jier dwaande west. Hieltyd wer sein dat der jild genôch wie. Dat alles betelle wurde soe. Ik woe inkeld in goed oersicht ha oer wat wêr en wêrom betelle wurde moast. Gjin antwurden, ek net op bryfkes. Sa linkendewei bin ik razend wurden. Myn stim trille at ik foar de safolste kear de telefoan grypte.

Doe krige ik in frou oan de lijn dy’t ynienen sei: ‘rustig meneer, ik luister naar u’. Dat die se. En sei: ‘wat ik nu ga doen mag niet, maar ik doe het wel. Ik zoek het uit, u krijgt van mij een compleet overzicht’. It bryfke dat de deurwaarder myn hûs ferkeapje soe, mocht ik fan har fuortsmite.

Fjouwer wike letter wie alles betelle. Ik ha har in tankbryfke stjoerd. It andert wie dat soks net hoecht, want dat de belêsting op har wize  wurkje moatte soe. Se sei net, mar dat hie’k sels wol murken, dat je dêr meast in hork oan de lijn krije, dy’t absoluut neat dwaan wol foar in klant. Hy tinkt dat dy net betelje wol.  

Jim begripe dat ik amper heard ha nei al dy freeslike ferhalen oer de taslaggeaffaire dy’t we, tanksij politisi Leijten en Omtzigt, jierren heard ha. Ik koe it ferhaal al. Sa wurket de belêstingtsjinst. Dêrom is it sa ûnbegryplik dat de Keamerûndersykskommisje nei al dy ferhoaren ferline wike noch net wit wêrom.

Hans Wiegel waard yn 1977 minister fan ynlânske saken. Yn de biografy fan Pieter Sypersma lês ik dat Wiegel doe sels syn amtlike top beneamde. Sokken as Elco Brinkman en Docters van Leeuwen. Doe goed funksionearende mannen, dy’t goed kontakt mei Wiegel hienen. Fia harren stjoerde Wiegel syn amtners.  

It wie de nije tiid. Sis mar it gefolch fan de 60-er jierren, doe’t it folk  net mear te sprekken wie oer dat de ministers net mear as wurdfierders fan de amtnarij wiene. Likegoed bin we no yn dy âlde tiid wer werom. Hoefolle ministers ha de lêste jierren net ferûntskuldigingen oanbean foar wat de amtners faak ek noch hiel bewust flikt en lekt ha.

Rekkenje jim net ryk. Provinsjes, gemeentes, wetterskippen en allerhande dêroan keppele organisaasjes bin allegear itselde: de macht by de útfierders; bestjoerders, wêrfan wy tinke dat dy yn ús namme de macht ha, bin inkeld mar foarbygongers.   

Foardat guon lju my no daliks wer op de dwinger smite: ik ha folslein neat tsjin amtners. Ik kin der in hiel soad en ik kin der ek bêst in slokje mei drinke. As persoan. Lykas dy frou dy’t ik trof yn it ferhaal fan myn broer. Se wurkje lykwols yn in systeem wat net doocht en wat se sels ûnbewust yn stân hâlde

De lju seure allegearre dat de pensionearde Wiegel ferline wike in freonlik bryfke oan syn itensmaat Baudet skreau. No, ik set Wiegel syn boek efkes útdaagjend op de kast om oan te jaan dat hy in man wie, dy’t wist dat de amtners der foar de minsken wêze moattte. En net oars om.  

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Google photo

Je reageert onder je Google account. Log uit /  Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s