Eelkesweblok

Een reactie plaatsen

16 12 2020

Frysk

Wylst it firus ús opfret, krij ik hieltyd mear meilijen mei politisi dy’t no ôfrekkene wurde op it hufterige gefoel fan de individualistyske minsk. Rutte krijt aanst echt gjin stimmen mear. Dus Aukje de Vries, sa heech op de VVD-list dat se mear te sizzen hat oer Fryslân as Arno Brok, kaam fan wâl. Se krige in krystkrâns om de nekke omt se minister Ollongren sizze liet dat dy tenei safolle mooglik Fryslân brûke sil, ynsté fan Friesland.

Neffens my sille alle kompjoeterprogramma’s yn Den Haach sa aktifeart wurde dat se altyd Fryslân skriuwe. Dan bin se wer in heal jier yn de hobbel, mar dat moat dan mar. Foar it oare moat jim witte dat Aukje dit inkeld mar docht om in D66-er te narjen. Ferkiezingsgelul dus.

Mar sels at Aukje en Ollongren wat regelje, ferdomd de Ljouwerter Krante it noch. Sûnt sneon bin se wer Hoofdblad van Friesland. Haadredakteur Sander Warmerdam skreau lêsten al dat it offisieel Friesland is. Nepnijs, de provinsje hjit offisieel Fryslân. Miskien is der hope, want Saskia van Westreenen skriuwt yn har kollum bewûnderjend oer dat Aukje Ollongren oan de kant soademitere. Kin  sy gjin haadredakteur wurde? Want miss lânskipspine Jantien de Boer skriuwt hiel sarkastysk Fryslooooaan. Dat kin echt net, mar ja se lêst de stikken fan âld strûk Pieter de Groot net, nei sokken wurdt net mear harke.  

It hâldt lykwols foar it oare hielendal neat yn, hear. Likemin as dat de ChristenUnie it Frysk yn de grûnwet ha wol. At it dan yn de grûnwet stiet, feroaret der dan wat? Gjin bliksem. We bin ommers dat folk dat ropt fan ‘net allegear nei de winkel, mar ík moat al’. Sa is it mei it Frysk ek. Miskien dat de nije Akademy direkteur, dy Brexit-flechtelinge, der wat oan dwaan kin. Se sjocht ús fan har foto mear ûndogensk as wittenskiplik oan, dat jout mooglikheden.

Dan noch komt it net goed. Fanwege dat oerdreaune nasjonalistyske gedoch fan ús. No rane de orgasmes wer troch it Fryske ûnderguod at in Wopke de baas fan it CDA wurdt. Of at Siem de Jong, betelle mei it lean fan de tsien ûntsleine meiwurkers fan SC Hearrenfean, lykas Wopke ien of oare oerpake hat, dy’t hjir wat omstrúnde. Hâld op mei dat soarte dingen, hâld op mei nammeoarloch, hâld op mei grûnwetten, wy meitsje ús echt swier, swier belachelik.

De FNP is yndertiid oprjochte as taalpartij. Dus sý meie no noch at it om it Frysk giet, bêst wat sweeslaan. Al is it dan wol spitich dat je dermei hieltyd betize sitte yn offisiële non-dingen, wylst it folle nediger is dat de befolking fleurich mei de taal omgriemd. Dêr ha we de kommende fiif wike moai de tid foar. Lit we dêr mei syn allen wat fan meitsje. Dat it ús taal is. Dy’t we brûke at it kin en it kin folle faker. En je meie bêst reklame meitsje foar it brûken derfan. Mar net oerdriuwe. Dat wurd skrasse we yn it wurdboek.  

Dy FNP hie it wykein har digitale kongres en dêr seine se allegear ferstandige dingen. Oer lytsskaligens en benammen oer de wentebou. Dêr kin de oare partijen noch in puntsje oan sûgje. En oer de idioate reklames fan Merk Fryslân. Oan de oare kant, dyselde FNP bliuwt rêstich yn it kolleezje sitten at Merk Fryslân ik wit net hoefolle jild krijt. Wylst de hiele steaten net yn’e rekken ha dat at Merk Fryslân net fan dy idioate strapatsen makket, der hjir folle folle mear toeristen komme soenen. Dat tusken heakjes. Werom nei de FNP dy’t seurt mar hieltyd sitten bliuwt. Undúdlik.  

Krekt as mei de feangreide. Doe hienen se sels as ienigste partij yn harren programma stean dat it wetter heger moast. Dat ha’k sels nimmen mear roppen heard, ek net doe’t it kolleezje beslute om der net iens mei te oefenjen.

Stap derút, fier opposysje. Dan krij jim fet op gemeenten en provinsje at it om dy hûzen yn doarpen foar de jeugd giet. Jongeren dy’t, sa hat bliken dien ommers omraak Frysk prate en diel útmeitsje wolle fan de Fryske mienskip. Better as oerkommelingen earne oars wei, dy bringe ús krekt ta oerdriuwing.

En dan lit ik in kear gewurde dat de FNP dat gefoel fan de jeugd fertaald yn karbidsjitten. Toe dan mar.   

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Google photo

Je reageert onder je Google account. Log uit /  Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s