Eelkesweblok

Een reactie plaatsen

23 12 2020

Fuort

Kryst is de tiid om oer dit kloatejier 2020 nei te tinken, we ha dochs neat oars te dwaan. Einkonklúzje: we meie dan wol net fan it plak, mar der bin likegoed in soad dy’t fuort moatte.   

Yn elk gefal de kening. Twa kear ferûntskuldigingen foar eigen dom reisgedrach oanbean. At je no nóch net witte dat je in foarbyldfunksje ha, dan funskjonear je net. Lit we dan ek mar, sjoen de kosten, it hiele keningshûs op’e dwinger smite. Dy Bernhard kin it spul wol ûnderhâlde fan wat wy him oan hier betelje.

Rutte moat ek fuort. Hy begrypt ús coronafrustraasje, mar it set gjin siedden oan de dyk. Hy wurdt fansels ek yn de sek naait troch de media: at hy seit dat de kroech ticht moat, bin der daliks 17 kroechbazen dy’t sizze dat Rutte net doocht en dat Skiphol mar ticht moat. Logysk, want ien dy’t op Skiphol stiet komt net yn de kroech.

It hiele kabinet die trouwens neat mear as sneins gesellich mei elkoar yn it Catshûs sitte, Rutte as statussymboal yn spikerbroek op it fytske. We krigen der inkeld hieltyd mear corona fan. En hiel Europa is al prikt, wy pas heal jannewaris. Fuort mei dy rommel.

Dat wit dy rommel trouwens sels ek wol. Elkenien draeit der mar wat omhinne, mar frijwol elk is ek skurf oan de taslaggeaffêre. Se moat no earst elk slachtoffer dûbeld en dwers jild jaan. Netoer 4 moanne, foar de Kryst. Persoanlik, op de knibbels. Der net ynkomme. Want dêrnei fuort weze, we wolle se net mear sjen of hearre. En ek dy dwerse amtners opsoademieterje. Us mar jild ôftroggelje foar wat it Ryk neamd wurdt, mar it ek al is.

No sizze guon minsken dat der allegear nije ljochten klearsteane foar Den Haach. Allegear yn nije partijen ek noch. De oarlogen dy’t se fierd ha om sa fier te kommen hingje my de strôt út. Al dy ienlingen mei grutte bek. Dat famke Femke wat út de PvdD stapte neamt harsels no Splinter. Tekenjend. Us boargemasters moat yntusken allegear embryo’s opswylje om foar elk dy trijedûbele ferkiezingslisten mei 81 partijen út te fouwen. Fuort mei al dy dwaalljochten. Wa’t minder as tsien sitten krijt, komt de Keamer net yn.  

Germ Gerbrandy is al fuort út dy oare Keamer. It is him te drok oan de holle, wylst er noch twa jier jonger as my is. Bêst, mar om dan de sneins dêrop foar de radio te roppen dat je in Fryske akte ha móátte at je hjir ûnderwiis jouwe, da’s dom. At je soks sizze is der hielendal gjin tiid mear om je pream te tarren, want dan kom je yn de eineleaze diskusje oer it Frysk.  

Sûnder mis sil de provinsje syn wurden hifkje, besjen en dan in kommisje ynstalleare om it neier te bestudearjen. Yn Fryslân giet nammentlik noait wat ferkeard, want der bard neat. Se beseffe net dat gjin beslissing ek in beslissing is. Arno Brok hat tiid sat om dat ris folle hurder oan te stjoeren. Hy is al flechte yn it belied fan it Waad, dan hat er dochs wat te dwaan. Hy hat ek al frege om wer baas fan de feiligensregio te wurden. Ferrassend, dat ha’k alle dy oare kommissarissen net sizzen heard.

Buma is dat no. Dy moat yndied dêr mar wei. Want no moat Ljouwert presies dwaan wat de oare gemeentes gesamelik bepale, want Buma kin dan net mear wat oars sizze. Dus wurdt der nije wike karbidsjitten yn Ljouwert.  

At we it dochs oer gemeentes ha. Harry Oosterman giet ek fuort. Hele aerdige jonge, mar syn hantsje is te lyts om in fûst te meitsjen om regaad te hâlden yn dwerse Stellingwervers. Oan de oare kant, Ynze de Vries yn Drachten hat wol sa’n fûst, mar at de boel yn de kreukels leit, wurket it ek net. Allegear fuort.

Ha jim it heard? Ik wit seker dat der minsken ynstimmend sitten ha te knikken doe’t se dit hearden of liezen. Sjoch jim dan wol hoe maklik it tsjintwurdich is om minsken de dyk op te krijen lykas yn  Twizelerheide en Hearrenfean, om mienskiplik de corona, plysjes en politisi te bekûgeljen mei holle seurwurden en lege bryfkes. 

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Google photo

Je reageert onder je Google account. Log uit /  Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s