Eelkesweblok

Een reactie plaatsen

30 12 2020

Lok

We bin wer yn de wike dy’t my myn hiele libben al sear docht. Myn efternamme is no ienris  Lok, en dan kom je yn de perioade fan de goede winsken fansels yn de hiele ferfelende flauwe opmerkings telânne. Ik ha in tiid hân dan sei ik om nijjier hinne ‘seine, want lok is der al’. Mar seine tawinske troch in atheïst is ek wer net echt oertsjûgjend.

It komt fansels omt dat hiele gedoch fan Kryst en Aldjier my neat seit. It hinget oan elkoar fan dat wy yndividualisten dan pas ynienen bewust wurde dat der ek noch oaren as je sels op de wrâld binne. Dat soe oars moatte. Moai hear, dei en nacht Omrop Fryslân, mar guon minsken wolle har ek wol úterje op 17 novimber of 3 july.

Krekt as mei al de ljochtsjes yn strjitten, túntsjes, op skippen en gebouen, de Wielepôlle en Easterwierum. O wat moai. At der net sa oerdreaun folle wienen. En at we der ek net ynienen allegear hinne moasten; we soenen ommers tús bliuwe. Minsken hingje ljochtsjes op fanwege frede, mienskip, begryp, betrouen, hoop, leafde, leauwe en wit ik net wat. Holle wurden, sûnder ynhâld.

Foarbyld: We krigen in parseberjocht fan it provinsjehûs dat se dêr ek ljochtsjes oanstutsen hienen. Dat stekt de Friezen, sa skreauen se, dy’t help nedich ha, in hert ûnder de riem. Watte, dy ljochtsjes biede neffens de provinsje echt help. No, ik ha leaver in sek oaljekoeken as in ljochtsje op it provinsjehûs.    

Dêr komme wol faker frjemde lûden wei. Se makken in kolleezjeprogramma yn 2019 en dat neamden se ‘Lok op 1’. Ja, sucht. Ik ha yn myn libben noch noait earste west. En de provinsje ek net. Dát wie foar de pandemie ek al sa, hear. At ik soks sis, skelle se my út foar seurlok. Dat bin ik net, mar ik hoech de goedrûne saken net te neamen; dat komt wol nei boppe yn de ferskate digitale taspraken dy’t we de kommende wiken oer ús hinne stoarten krije.  

Ach, ik neam mar ien foarbyldsje fan de ûnmacht op ferskate mêden sa’t de provinsje dy oeral tsjin komt. De wolf. Fanút de steaten waard roppen ‘provinsjebestjoer, soargje der foar dat de wolf net yn Fryslân komt’. Eartiids besochten se dat mei Hollanders ek, mar dy kuierje hjir yntusken al wer omraak om. De wolf noch net. De deputearre  moast sizze net te witten hoe’t er dy keare moast. Lokkich lies de wolf dat en tocht hjir wol ik net iens hinne; se ha net iens in Frysk wurd foar wolf.

Unmacht, ít Fryske wurd fan 2020. Dat jou se lykwols nea ta. Altyd fan ‘we moat it nochris besjen’ oant en mei ‘corona’. Dat feroaret earst ek noch net. We sitte ommers yn de Lockdown. Kin jim my wér narje. Lockdown. Dêr sit ek noch in c yn. We neame hjir nammentlik alle gewoane dingen yn it Ingelsk, wylst we dêr net iens mear fisk weihelje meie.  

Ik bin hielendal net down. Want je kin wol seure dat we hjir letter in prikje krije as wêr dan ek yn de wrâld. Mar dat jout je neat, Nederlân sit sa yn elkoar. Dus ik krij aanst in kear in prikje en dan kin ik wer nei de kroech en wer dûbelsidich plakbân keapje om wat op te hingjen.

Dan bin we optein, want de hiele wrâld feroaret aanst fansels omraak. We ha yn de lockdown ommers goed neitinke kinnen. Watte, Lok komt no echt op 1. We fertelle it provinsjebestjoer aanst dat der gjin corona is. Dat se dus gjin ferûntskuldiging mear ha om alles op de lange baan te skouen. En dan komt der samar wetter yn de feangreide, in fyts- en rinpaad lâns de Iselmarkust, hûzen yn de lytse doarpen,  ferdwine alle stienmurden en wurde gas en sâltboaringen ferbearn.

Dan bin Kryst en nijjier ek foarby. We smite de ljochtsjes op souder en we prate net mear yn platitudes. Dan realiseare we ússels en elkoar dat der altyd iensume en helpsykjende minsken wêze sille. En dan dogge we dêr echt wat oan. En bringe harren dan in bytsje lok. At dat sa wêze soe, mei jim my dizze wike wol efkes narje.

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Google photo

Je reageert onder je Google account. Log uit /  Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s