Eelkesweblok

Een reactie plaatsen

06 01 2021

Konteners

Aldjiersdei moast ik wat ophelje in Balk. Ik soe wer fuort, mar dat koe net, want der stie op de Wilhelminastrjitte in mânske frachtwein yn it paad. Hy stie der ferhipte ûngelokkich, krekt foar de Lidl. It wie ommers âldjiersdei, se hienen dêr dranghekken foar de doar stean. En at de lju de auto folpropt hienen mei oaljekoeken en oar ûnrant, koenen se de oprit net ôfkomme fanwege dy frachtwein.

Op dy frachtwein stienen hûnderten konteners. We ha al konteners foar grienteôffal en ien foar alle oare rotsoai. No krigen de ynwenners fan de Fryske Marren in tredden: foar âld papier.  

Ald papier skiede wy boargers nammentlik hiel soarchfâldich fan alle oare ôffal. Ik helje sels de papierkes fan de brûkte tépûdsjes. Dat âld papier wurd wer brûkt om der allerhande dingen fan te meitsjen. Recycling hjitte dat earst. Sirkulêre ekonomy neame se dat no. Houkje Rijpstra is sûnt 2017 de sirkulêre baas fan Fryslân en se fertelde my dat it hartstikkene goed giet om fan alle âlde rotsoai it meast moaie en te brûken guod te meitsjen.

Fryslân hat dochs al in geweldige tradysje dat ferienings en organisaasjes ien kear yn de moanne lânskomme mei trekker, wein en frijwilligers om ús âld papier op te heljen. Skoallen, korpsen, sportferienings en wat al net helje dat fergees op en fertsjinje der wat oan.

Fertsjinnen moat ik sizze, want de ûndernimmers yn dy sektor wolle der hieltyd minder foar jaan. Dat is de typysk Nederlânske VVD-ekonomie. We sette eat op fanút it neat, mar at we dan ynienen in hiel soad âld papier of oare rommel ophelje dan betelje de ûndernimmers navenant hieltyd minder. Sneu. Ik wie wend om de reklamefolders ta te litten yn myn brievebus, dan koe it korps dêr moai in toeter fan keapje.

Dat doch ik net mear, want de oerheid nimt it  oer. At se it sels massaal oanpakke tinke se, fertsjinnet it genôch. En ha net yn de rekken dat it de deastek is foar sa folle frijwilligers. En ferienings.  

Noch slimmer yn de Fryske Marren. Yn dat Balk stienen altyd twa mânske konteners by it fuotbalfjild, elk smiet dêr syn âld papier yn.  Dy konteners bin yn july fuorthelle. Wylst se altyd smoarfol sieten. Mar de minsken moat no allegear sels tús in kontenerke ha. Dy kostet it measte net, sis mar in tientsje. Mar it opheljen kostet 90 euro de oere, en dan ha je in hiele dei wurk mei ien auto om in plak fan 1000 wennings papierfrij te meitsjen. It kostet nochal wat mear as fergees.

Dy sirkulêr makke konteners waarden âldjiersdei yn Balk dus ôflevere. Troch amtners. No, jim kinne it ferhaal fan amtners. De taslaggenaffaire raast troch Den Haach. En jim kin ek it ferhaal dat at jim in bejaarde mem in broadsje bringe, dat se dan yn Hearrenfean 14.000 euro werom betelje moat. Oan rigeltsjeneukers.

Dy rigeltsjes betsjutte dat gemeenten heel presies witte moatte hokker kontenernûmer elk krijt. Dat moat opskreaun wurde, ynfierd op de kompjoeter en dan krij je noch trije kear in bryfke oer dat jo foar dat nûmer persoanlik ferantwurdlik binne. Krekt as soene der lju wêze dy’t twa fan dy swarte bakken mei blau deksel ha wolle.

Yn Balk wienen der dus amtners dy’t nûmers lêze en opskriuwe kinne. Se hienen alfêst tweintich bakken op in rige set. Op’e dyk. Doe seagen se elkoar oan en draeiden in sjekje. Dan kin je net in kontener triuwe.  

Ik hie de oanstriid dêr hinne te gean om te freegjen hoe lang it duorje soe. Myn frou hat my sokke streken ferbean. Ik die wol efkes it autorútsje iepen, en sette de moter ôf, want der wie dochs net lâns te kommen. Fan de oare kant kaam in like grutte kontenerfrachtwein mei twa man dy’t ek smookten.  

Ik hearde de mannen. Der foelen hurde wurden. Net oer konteners of sa, nee oer Hugo de Jonge. “Dy moat mar ophong wurde, hat noait wat regele, en no ha we in vaksin en dan duorret it noch oant de simmer  foardat we in prikje krije kinne. Skandalich, dat soks no sa yngewikkeld regele wurde moast”.   

Ik ha it rútsje ticht dien, oant tsien telt, bin swaaid en omriden.

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Google photo

Je reageert onder je Google account. Log uit /  Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s