Eelkesweblok

Een reactie plaatsen

13 01 2021

Kultuer

Boargemasters moatte optheden digitaal harren nijjiersredes hâlde. Lekker maklik, seker foar sjoernalisten. Al moat je oan it ein fan de rede wol digitaal toaste, mar sjoernalisten betelje noait sels in borrel, dus dan bin dy al oan it skriuwen. Dat is foar it oare by elke boargemaster gelyk. “De boargemaster hopet dat de corona gau fuort is, hulde oan de soarchmeiwurkers, en de regearing moat it fierder allegearre betelje”.

De taspraak fan harren baes, kommissaris Arno Brok, triggere my jusjes wat mear. Hy sei dat hy de ôfrûne moannen stroffele is oer dat Rutte it inkeld mar hie oer sauna’s en masaaazjesalons en net oer de Fryske kultuer. Net de massaazjesalon mar dy kultuer hâldt ús fitaal, sei hy. “De kultuer is de humuslaach fan de mienskip, it soarget foar soerstof foar de geast”. De rest fan syn ferhaal ha’k net nei harke. Ik wie ferbjustere: kultuer de humuslaach fan de mienskip. Tsjong.

Want in humuslaach bestiet út plantaardich biologysk ôfbrutsen guod. Kultuer in dea spultsje? No nee, want humus blykt ek wer net hielendal dea te wêzen. It measte libben is der wol út, mar op ien of oare frjemde wize is it tige fruchtber. Humus sûget ek noch CO2 út de loft. Dêrom wit Brok ek sa goed wat humus is , efter de gerdinen besykje se hiel Nederlân ûnder in humuslaach te lizzen, dan foldogge we pas oan it klimaatakkoard fan Paris.

Jim begripe wat Brok seit. Hy fynt it net goed dat minsken yn coronatiid wol mei televyzjefuotbal dwaande binne, en net mei kultuer. At Brok, eins ek in stikje kultuer, optrede kin fia ynternet, kinne echt keunstners dat fansels ek wol. Wat hie it moai west nei syn rede Fryske Top 100 winner Gurbe Douwstra de Cliffs of Moher sjonge te litten.

We moat it dus efkes ha oer de Fryske kultuer, want dat is Brok syn bedoeling. Hy is dêr tige loofjend oer. Mar der is in steatelid en dat is ek noch in buorman fan my, Lieuwe van der Pol, en dy sei twa dagen earder hiel wat oars. Dy kultuer stelt net in hout mear foar want de provinsje jout hiel wat ynstellings gjin of ûnfoldwaande subsydzje, sadat it Fryske Erfskip fertuteazet. Hy seit it wat netsjeser, mar dat  komt omt hy by de ChristenUnie sit.  

Earst in skiednisleske. De Fryske kultuer moast nei it kulturele haedstêdgedoch mei minder sinten ta. Begryplik. Restauraasje ûnder de titel Nij Poadium. Sa nij dat elk stikje kultuer, ek al bestie it hjir en dêr al mear as 100 jier, wer sizze moast wat se no einliks dogge. Doe hierde deputearre Poepjes in kommisje yn, Jan Folkerts, Stan Petrusa en  Minke Schat. De measten fan ús hiene noch noait fan harren heard.

Dat hie al moatten, want sý mochten sizze wa’t wol en wa’t net subsydzjejild krigen. Se smieten nochal wat kulturele saken wêr’t Brok o sa loofjend oer is, likegoed op de dwinger. En Gurbe Douwstra mocht net meidwaan, want hy is gjin stifting. En ik lûk nei it wykein weryn Joop Mulder ferstoar myn wenkbtauwen net op oer hiele nijemoadrige saken dy’t wól subsydzje krigen. Yn feite docht Van der Pol dat wol.

Brok neamt yn syn rede dat wy langstme ha nei de kulturele saken wêr at we goed yn binne, wêr at we oan wend binne. De beginens dy’t we hiene mei it ferstjerren fan sawol Teake van der Meer as Joop Mulder jout oan hoe breed at dat ferskaat is. We ha dus noch gjin ferlet fan kultuer dy’t we noch noait belibje koenen. En dy’t trouwens ek net útfierd wurde kin, omt we yn de corona sitte.

At dy corona oer is, wolle we dat de folgjende dei de musea wer iepen kinne en dat de kaertsjes foar de iepenloftstikken al wer klear lizze. No wit ik wol dat Brok as kommissaris neat sizze mei oer it  provinsiaal belied, mar eins sei hy yn syn rede dat Nij Poadium in net al te gelokkich stikje Frysk kultuerbelied is. Hy wiist nei Rutte, mar hy soe Sietske Poepjes ynflústerje moatte om ris in kear goed te lêzen wat Lieuwe van der Pol sei.  

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Google photo

Je reageert onder je Google account. Log uit /  Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s