Eelkesweblok

Een reactie plaatsen

20 01 21

Iepenbier

Wês gerêst, ik ha it net oer de fal fan it regear. Rutte hie dêr lykwols in ferhaaltsje by: dat de oerheid better kommuniseare sil. Tenei bin alle amtlike adfyzen daliks iepenbier. Ek hoe’t de ministers op dy adfyzen omkôgje. Ik waard der suver wat waarm fan.  

Wis, se dienen it yn de corona al wat. It OMT fergadere oan de tafels fan Op1 en Jinek. En dan fertelde Xander van der Wulp ús wat Rutte dêrop sizze soe yn de parsekonferinsje. Hy hat it net ien kear mis hân; hoe ist mooglik dat dêr dochs noch miljoenen nei seagen.

De Dútse kanselier Von Bismarck sei yn de 19e ieu dat je as bestjoerder soargje moatte dat it folk net wit hoe’t bratwurst en wetten makke wurde. We witte yntusken út hokker bargemage dy wurst komt. Dy wetten ha we noch gjin weet fan. Ald-premier Kok fûn ein foarige iuw de Rutter-doktrine út: gjin iepenbierens. Sûnt dy tiid is polityk in dizenich ûnderling potsje polderjen.  

Dat soe no oer wêze moatte. Hoe’t se dwaan sille mei al dy saken wêr at se net oer prate kinne of wolle, dat witte we net. En sý witte net hoe’t se de amtners beskermje moatte. Hoewol, wêrom moat dat yn fredesnamme. Tsjin harsels heechút. Dy diskusje duorret dus noch iuwen.

Ik bin regionalist. Iepenheid yn Den Haach is ek iepenheid yn Ljouwert. Daliks. Dus, nije wike wike alle amtlike adfyzen dy’t der ea west ha oer it fleanfjld Ljouwert iepenbier. Ek oer de gas- en sâltboarings. Sûnder swarte filtstiftkrassen op essentiële rigeltjes. Ik wol ek witte wat befolking en polityk tasein is oer fleanfjild en boarings. En fan de polityk wol ik witte wêrom at se noait de bek iepen dien ha.  

Ik wol no witte wêrom at de deputearren en provinsiale polityke partijen net moard en brân raze oer de mjittingen fan ‘Geluidsmeetnet rondom vliegbasis Leeuwarden’. Selfs net at ek de Ljouwerter Krante yntusken krimmeneard oer it oarlochsgeweld boppe Fryslân. Ik sit elke woansdei te hoopjen dat se hjir net al te betiid omfleane, want dan kin jim my net hearre.

Se moat dizze moannen in ekstra soad fleane, want se kin nearne oars oefenje. Fanwege corona. At je earne oars net oefenje kinne fanwege corona, kin dat hjir dochs ek net. Of ha wy gjin corona soms? En der bin toch ek genôch amtners mei in skuldgefoel dy’t no al lûdop sizze, dat at der ierdskokken yn Grins binne fanwege de gasboarings, dat soks yn Fryslân like tichtby is.  

Dy hearre we net, want we litte ús oan de kant triuwe troch de sinten dy’t de oerheid der mei fertsjinnet. En omt Nederlân mei it boarst foarút rinne wol yn de wrâld mei it yn de grûn sjitten fan hûnderten minsken troch dy hjir ek noch sûnder offisiële tastimming rûnfleanende kringen.

Alles wurdt ferdigene troch neat te sizzen. Der is inkel gekeutel efter dy skodoarren. Grins, Fryslân, Drinte en Oerisel wolle har no fersette tsjin boarings. Prima. Amtners soene dat stypje kinne troch alles iepenbier te meitsjen. Dan kin we alle foars en tsjins tsjin elkoar ôfwage.

De ôfwagingen binne nammentlik aanst net inkeld mear foar de polityk. Alles wurdt ommers iepenbier. De sjoernalistiek moat der net inkeld  bliid mei weze; ek omstean leare. Se moat dy amtlike adfyzen fertale, sûnder eigen mieningen te jaan. Ik bin wol útheard op dy jonkjes of bleijen dy’t tsjin in minister sizze: jo ha de corona yn 2019 net foarsein, dus wannear stappe jo op?

Mar ja, sjoernalistyk is gjin beskerme berop, elkenien kin meihaffelje. De sjoernalistieke taak, útlizze en net stjoere, wurdt hielendal neat. Want de grutste konkurrint fan de sjoernalistyk bin de sosiale media. No, dy ha der foar soarge dat we hielendal net mear polderje: der bin gewoan 17 miljoen mieninkjes. En de úterste mieningen raze ek noch it lûdst, en wurde fretten troch de sjoernalistiek.

Sa lang at justysje neat docht oan minsken dy’t no op twitter roppe dat elke sjoernalist dy’t ferslach die fan de demonstraasje fannewike (nota bene yn soldateklean) op it Museumplein, dat dy dea moat; dan hat iepenbierheid yn Den Haach en Ljouwert gjin inkele sin.

Myn waarme gefoelens bin nei 700 wurden al wer aardich bekuolle.

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Google photo

Je reageert onder je Google account. Log uit /  Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s