Eelkesweblok

Een reactie plaatsen

27 01 2021

Trochslein

Nederlân is oan it trochslaan. Letterlik en figuerlik. Selfs in kollumnist hat der lêst fan. Want dy idioate selsbefredigers wolle o sa graach dat je oer har oanfallen op plysjes en sikenhûzen skriuwe of prate; no dat is tefolle eare. Mar at je it oer oare saken ha, is it krekt as wit je as kollumnist net hoe ferkeard de wrâld yn elkoar sit.

Dus ik ha it wol oer trochslaan, mar dan figuerlik. Dan bin je sa ferbline troch wat je sá oan it hert leit dat je der altyd mei dwaande binne, dat je maklik sa mar wat oerdriuwe kinne. De omjouwing hat der begryp foar oant je sá fier trochslagge dat it der by troch is. Dat dogge de djip-Friezen.

Ja, djip-Friezen bin ek wol leaf, mar sa gedrage se har net. Se bin altyd sa ferskuorrende gremitich. Se wolle net inkeld wat. It móát. No. Daliks. Dan bekuollet mýn leafde yn elk gefal wol wat.

Ferline wike kaam der in nij formulier yn Nederlân, wylst dêr hjir al sa’n 7.384 formulieren besteane. Dizze moast der by, want at je no jûns nei njoggenen de hûn útlitte wolle, dan moat jo dat yn de bûse ha, njonken it skepke en plastik pûdsje. Dan mei de hûn wol yn de tún fan de buorlju skite, mar at je dan ek noch efkes hurd de smoargenskontener oan de dyk sette, ja dat stiet net op it formulier; 95 euro boete.     

Dat formulierke is der yn it Nederlânsk, Ingelsk, Dúts, Frâns, Spaansk, Arabysk, Turks, Poalsk, Bulgaars, Sjinees en Papiamento. Fiif menuten neidat it ferskynd wie, gie de telefoan fan deputearre Sietske Poepjes al, wylst se noch dwaande wie mei in taart yn de oune te smiten. De djip-Friezen bellen net oer at se dêr ek noch wat slachreamme op moast. Nee; ‘it-formulier-is-net-yn-it-Frysk’.

Dêrmei ha dy djip-Friezen de hiele Fryske befolking misledige. Wý kin dochs dat formulierke goed lêze, yn tsjinstelling ta dy oare tsien groepkes. Wy bin fanôf groep 1 op de basisskoalle der mei opfieden. “Jongetje jij moet niet zeggen van pisjen, je hebt in je broek geplást”. We learden allegear Nederlânsk op skoalle en no op de laptop, sadat we der allegear mei wurkje kinne.

Sterker, seis fan de njoggen plysjes kin gjin Frysk lêze. Dy smite it formulier en de hûnútlitters mei in Frysk bryfke yn de bak. Sterker, fiif fan de tsien  minsken dy’t de hûn útlitte wolle, kin sels ek gjin Frysk formulier lêze.

En wit jim wat no de grap is. Nimmen merkt hjir wat fan, want elk hat in formulierke fan syn of har wurkjouwer. En dy skriuwe der echt gjin Frysk formulierke foar. Seker net omt de djip-Friezen it in jûnsklokfrijwaring neame.

It wie noch net bard of der kaam in treintsje foarbyriden en dêr stie op Zwarte Haan. Nee, dêr giet de trein net hinne, Anne Hettinga neamd syn treinen nei plakken wêr’t je op de fyts hinne moatte. No en Joop Mulder siet yn de sjury. Hy seach graach fanôf it terras fan café de Zwarte Haan oer it waad. Dus hy soarge dat der in Zwarte Haan-trein kaam.

De FNP-Waadhoeke hie Leen Ferwerda fan de Wurkgroep it Bildt, dat bin djip-Bilkerts, yn de fraksje, mar dy stapte derút. Mar no wolle de djip-Friezen dochs sjen litte dat se it Bildtsk likegoed ek stimuleare en dus moat it Swarte Haan wurde. Gjin Z mar in S. Drege diskusjes, sels steateleden bemoeiden har der mei. Wylst Joop Mulder noch noait Frysk of Bildtsk sprutsen hat.    

Trochslaan, ivich. Djip-Friezen hâlde har ek dwaande mei ien of oar Europeesk Minderheidstalewetsbelied. Dat folget net in mins yn Fryslân, want we ha der neat oan. Likegoed hat de provinsje Fryslân, blykber de hoeder fan de djip-Friezen, in moasje fan treurnis nei Brussel stjoerd, omt it foarstelde skriembelied net oannaam wie. 

Leave djip-Friezen. Hâldt op mei it belachelik meitsjen fan ús Friezen mei dat gedoch mei oare minderheidstalen, oer folderkes en formulierkes fan de oerheid, oer plak- of treinnammen, of mei in ygrec of lange ij diskusje. Dan bin jim trochslein.

Dus fij jimsels ris oer de kop. En jûn as de jûnsklokterreur wer begjint, nim dan jim bern of bêrnsbern op skoat en lês se in goed Frysk boekje  foar.

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Google photo

Je reageert onder je Google account. Log uit /  Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s