Eelkesweblok

Een reactie plaatsen

03 01 2021

Risikojonkjes

Somtiden skynt yn de kloate-lockdown in fleurich ljochtsje. Sa sjoch ik optheden faker nei in fuotbalwedstriid as yn myn hiele libben as sportredakteur. Oerheden soargen der nammentlik foar dat de skoallen tichtgienen, mar dat der wol hieltyd fuotballe waard. Want dan is der altyd wol in fuotbalwedstriid op de telefyzje, en dêrmei kin je de minsken moai tús hâlde.  

Dat fuotbal is wat oars as at it wie. It is krekt as bin it allegear oefenwedstriden. Sa fielt it, omt der gjin publyk is. De spilers meitsje ûnderling en ek mei de tsjinpartij allegear grapkes. Untspannen. Sels mei de skiedsrjochter wurdt wat ôflake, ek midden yn de wedstriid. En at der in corner naam wurde moat, stean se allegear mei elkoar te gysgobjen yn it strafskopgebiet. De  opruiing fan it publyk is ferdwûn liket it wol. Moai. Fuotballers ha suver mear wille as wy.

Want wy sitte tús. We wolle der net iens mear út, it is skrousk en it reint. Watte, snie. Ferline wike freed waard it in kear yn it lêst fan de middei droech. En wat barde der, allegear pearkes âlderein op’en paad. Net mei in hûn, mei elkoar. Earm yn earm. Sa no en dan kamen se de buorlju tsjin. Dan raasden se efkes oer oardel meter hinne nei elkoar dat it dochs wol swiere tiden binne. Mar it wie suver in maaitiidsgesicht. Moai.

We bin in begrypend folkje. Der bin rûnom oer it algemien jonge lju dy’t de plysjes en winkels rampoai houwe. Ien helt fan de tússitters sprekt der terjochte skande fan. Se roppe lykwols net om it leger.  Want de oare helte fan de befolking hat der wol wat begryp foar. Under it motto plunderje is fansels net goed, mar ach de jeugd hat it al sa swier. At se jong west hienen, hienen se der miskien wol tusken rûn. Dus wat dogge se. At de jeugd de winkel oan smots slein hat, gean se mei it ponkje rûn, sadat dy jonkjes de skea betelje kinne. Moai. Al heart hjir miskien wol in fraachtekentsje by.  

De mienskip is nammentlik yn in jier nochal wat feroare. Wy wurde troch oerheden oproppen om mei te praten en dat fertale we daliks yn krityk. Neat is goed. De GGD swit him út de naad om ús aanst allegear in prikje te jaan, mar in pear fan dy wite jassen jouwe ús gegevens oan in winkel. Dan krij wy spam op ús telefoan. No bin der al minsken dy sizze ‘dan lit we ús net faksineare’. Wêrom? Ik kaam froeger wol yn in winkel en dan woe dy man my wat ferkeapje. Mar at ik nee sis, wie it nee. Wat ynteresseard my it at ien myn e-mailadres hat, ik ha neat te ferbergjen. Ha al dy lju wol wat te ferbergjen miskien? Dan bin it in soad.  

Oer dy faksinaasjes. Fansels ha’k alle begryp foar dat de skoalmasters en -juffers earst in prik ha wolle, foardat de skoalle iepen giet. Mar it bin de safolsten. En ik ha in probleem. Ik bin 70, ha in hersenynfarkt hân en ha astma. Ik bin dus in risikojonkje. Mar ik wurd hieltyd mear nei efteren krong yn de prikrige. Lykas troch de ME, dy wol graach de plunderers mei in koartere as oardelmeter lange stok slaan. Wy risikojonkjes ha gjin fakbûn of belangegroepearing. Der is net ien dy’t fûl ropt dat dy risikojonkjes folle earder in prik ha soene. No wurdt it mei de hjerst. 

Risikojonkjes komme sa no en dan yn in sikenhûs. Ik moast der lêsten ek wêze, it wie net earnstich hear. Ik moast in heal oerke wachtsje. Siet yn de gong efter in mûlkapke. Seach tsientallen wurknimmers fan it sikenhûs lâns kommen. Oars is dat in leven fan jewelste. No, allegear in mûlkapke foar. En net ien lake. Se seine neast. Mar allegear, allegear hienen se de skouders del hingjen. Allegear seagen se del. Raar gefoel.

Dy groep dy hat it op’e kloaten krigen en krijt it noch. Goed dat sy daliks in prikje krigen ha. Wy fuotballers, bejaarden, risikojonkjes, terroriste-aaiers of wa dan ek, moatte ús skamje dat we dêr net mear wurdearing foar ha. En inkeld oan ússels tinke.  

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Google photo

Je reageert onder je Google account. Log uit /  Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s