Eelkesweblok

Een reactie plaatsen

10 02 2021

Nee

Wis, ik fertel jim yn dizze kollums faak hoe’t wat ûnstien is en wêrom at it ferkeard giet. En ik set wolris in fraachtekentsje by dy ferkearde ôfslaggen. Mar ik bin de lêste wiken wol wat skrokken fan de, lit ik mar fersichtich sizze, ûnparlementêre reaksjes dêrop.

Dêr ha’k myn nocht fan, dus ik soe it net ha oer JongFries Aant Soepboer syn ferhalen yn Trouw, LC en Polytburo, weryn hy him ôfset tsjin de hollanders dy’t hjir wenje wolle. Lit we sizze dat ik it dêr net hielendal mei iens wie. Mar Jantien de Boer weefde sneon al mei him  ôf, dus ik hoegde net.  

Dêr kom ik op werom. Want ik ha ûntdutsen dat Soepboer eins wol wat gelyk hat. Hollanders doge net. At hy se no Frysk leard at se hjir komme, dan lear ik har de Fryske skiednis en hoe’t we dêr no mei omgeane. Oarsaak: de alvestêdetocht. Foar de safolste kear begûnen de bûten-Fryslân wenjenden dêr al wer omraak oer te âldehoeren, wylst der noch gjin krûm snieiis yn de sleatten lei.

Begryp my goed. De alvestêdetocht is net fan ús. Ik wie oait ris op besite yn Ter Aar yn Noardhollân by de winner fan 1947, Jan van der Hoorn. Prate dêr mei in soad oare minsken. Dy hienen it ek allegear oer de alvestêdetocht, as wie’t harres. In gefoel. Moai.

Skiednis: de alvestêdetocht is yn 1909 útein setten omt in hiel soad minsken him yndividueel yn de foargeande jierren riden hiene. Der wie in ploechje Ljouwerters dy’t dat foar ien dei opsetten. In toertocht werby de hurdste in krâns krige.  

Se lieten dy earste kear in sjoernalist meiride, jonker Feith fan it Amsterdamske Handelsblad. Hy makke winner Minne Hoekstra ta in held. En doe’t wrâldkampioen Coen de Koning dêrnei twa kear it  hurdste koe, wie de wedstriid in feit. Njonken de toertocht. Want dat wie it wichtigste. Fryslân hat ommers altyd safolle wetter hân dat minsken pas as der iis wie wer in kear by de bern of neef Jelle yn Ljouwert sjen koenen.  

Nei dy earste tocht is de vereniging de Friesche Elfsteden oprjochte. Dy’t in eigen line luts. Se wienen en bin net lid fan it reedridersbûn. De leden bin baas. Earst wiene dat net sa’n soad, nei 1985 mear as 16.000, no rom 30.000. Echt net inkeld Friezen. En se wolle allegear de besteande tradysjes hanthavenje. De alvestêden is net yn hannen fan sponsors of in telefyzjestjoerder. Ek de oerheid hat neat te sizzen.

Ald-toprider Erben Wennemars is no ynfluenzer. Dat fertsjinnet goed blykber. Elke kear at in waarman it hat oer de friesplûm, ropt hy dat dy 30.000 alvestêdeleden dwaan moatte wat hy seit. En omt by de telefyzjepraatprogramma’s konkurrinsje wichtiger is as sinfolle programearing, hat elk dêrnei allegear hollanders oan tafel dy’t sizze dat de wedstriid trochgean moat, desneeds op twa sentimeter iis. De tochtriders prate se net oer.

Rutte holp Wieling noch wat, troch de jûnsklok te ferlingen, mar likegoed rôpen alle Keamerleden dat de alvestêden wol trochgean kin. Ik sjoch it al foar my: al dy 20.000 starters oardel meter fan elkoar ôf, dan stiet de lêste by de start yn Dokkum. En foar 9 oere fan it iis ôf. En hoe hâldt je oer 199 kilometer it publyk by de wedstriidriders wei. Al dy ûnnoazele politisi ha noch nea in alvestêdetocht meimakke en litte sjen dat se hielendal neat begripe fan ús provinsje. Der hoech je net op te stimmen, sei Broi juster ek al.

No ja, wer seur ik oer. Se hoege hjir net yn ferkiezingsklean by de alvestêden te paradearen. Smotsiis is de earste hindernis. Froast de twadde, at it yn Maastricht tsien graden friest, hjir echt net. En dy topmarathonriders mei yn in bubbel sitten gean, at se nije wike al ride, kin we sjen dat je yn in pandemy soksoarte dingen net dwaan  kinne. It publyk komt ynienen fan alle kanten.   

En dochs meitsje ik my elke kear wer lulk oer dat alvestêdegerop fan dy Hollanders. Dat moat ophâlde. En dan bin ik werom by Soepboer. Want ik einigje mei in parafrase op in gedichtsje wat Baukje Westra op twitter sette:

Bûten, brea en griene tsiis,  wa’t dat net sizze kin, traapje we fan ús iis.

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Google photo

Je reageert onder je Google account. Log uit /  Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s