Eelkesweblok

Een reactie plaatsen

24 02 2021

Waardeloaze sjoernalistiek

PvdA-listlûker Lillian Ploumen sei yn it Polytburo dat it kabinet Rutte te min dien hat foar it Frysk. In prima opmerking, al hie se alle kabinetten fan 1951 ôf wol neame kinnen. Mar mei permisje frou Ploumen, dat is in folslein net wichtige opmerking. Lykwols waard it de headline fan ús media by har besite. Dat is, nim mei net kwea ôf, waardeloaze Fryske sjoernalistiek.

Presies itselde as dat CDA-listlûker Wopke Hoekstra wol dat it nije regear soarget dat de sinnepanielen op Thialf wer rjocht lein wurde. Prima dat soks barre soe. Mar it is itselde as mei de diskusje oer syn rûntsje reedriden mei Sven Kramer. Natuerlik wie dat fantefoaren opset, oars kom je as minister net yn trainingspakje en mei redens yn de hân by Thialf oan. Mar dat no elk dêr oer falt, wylst se sels allegear in wike earder op it iis stapten wylst oerheid en oare organisaasje seinen dat it net moast, dan bin je krekt like ûnnozel as de minister.

Tuerlik is it wichtich dat Thialf trochgean kin. Fansels is it wichtich dat de kabinet omtinken hat foar de twadde rykstaal. Mar wy bin foaral gewoan ynwenners fan Nederlân. We ha dus it measte belang by wurk, in goed ynkommen, in goed klimaat, in wenning dy’t we betelje kinne, goede soarch, in pensioen, goed ûnderwiis foar ús bern. Ensafuorthinne. Ek as Fries wol ik witte wat dy oankommende Keamerleden dêrfan fine en hoe’t se dy rommel nei de pandemy allegear oprêdde sille. En dat der in ein oan komt. Al seit Rutte dat de ferkiezings net oer corona gean, ik set op myn stimbiljet dat ik ferdory in faksinaasje ha wol.

Dat bin, mediale kollega’s, de saken dy’t foar de Fryske lêzer, harker en sjogger fan belang binne. Net dy regionale poppekast. Nim no de Lelylijn. Alle politisi dy’t hjir komme sille sizze dat de Lelylijn ôfgyslik wichtich wêze kin, en dat se der nei sjen sille. Mar Grinzers en Friezen hoege dêr gjin orgasme fan te krijen, se sizze echt net dat dy Lelylijn der komt. Omtzigt hat al eins al ferklapt dat it noait wat wurde sil. At se aanst om’e tafel sitte om oer in programma te praten, dan komt Wopke Hoekstra deryn riden en fertelt hoe grut at de finansiële efterstân fan dit lân is, en wat der foaral nét dien wurde moat, om dat te feroarjen.

Dan hat dyselde Wopke it dus net mear oer Thialf. Dan hat Kaag it net mear oer de Lelylijn, en dan hat Ploumen it net mear oer it Frysk. Dus lit jim no net, troch eigen media noch wol, yn de hobbel jeije troch fan ditsoarte dingen headlines te meitsjen. Se ljochtsje ús ferkeard foar hoe’t we stimme moatte.  

Trouwens wy litte Limburgse Lillian wol kapittelje oer it Fysk, wylst wy der sels as Fryslân net iens yn slagje om ús hûzen gasfrij te krijen, lykas we ôfpraat ha. Klimaat is dochs folle wichtiger as it Frysk. It soe moai wêze at we sels mei soksoarte saken rêdde soene, mar dat kin we net.

We sitte namentlik mei deputearre Sietske Poepjes. Dy hat blykber in stel adfiseurs dy’t net doge. Ik kin my teminsten net foarstelle dat se it sels betinkt. Se hat neffens guon skriuwers in ferkearde Gysbert Japicx-sjuery beneamd. Ja, ik wit dat Abe de Vries in notoire kankeraar is, mar ik kin my wol literêrder sjuery’s foarstelle. En de eigen kolleezjefraksjes ha no ek sein dat de beoardielingskommisje foar de kulturele saken yn dizze provinsje, net oan de ferwachtings foldien hat. Alle âlde kultuer waard yn ien kear fuortsmiten.

En no hat DINGtiid, dat wittende, ek noch sein dat it net fertroud is dat de provinsje it foech krijt oer it Fryske ûnderwiis. Dat moat yn Den Haach bliuwe. Dat bart dan fansels ek daliks, want at der ûnderlinge diskusje is yn in regio, dan beweecht Den Haach echt net.  

Plannen foar in sydline fan de Lelylijn nei Ljouwert. Grinzers dy’t sizze dat it net oer Hearrenfean hoecht. Besprekkingen mei de NOC oer Thialf. Dat hat der allegear al lang foar soarge dat Den Haach dêr hielendal neat oan dwaan sil. Ungeacht de krante- en radiokoppen hjirre.  

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Google photo

Je reageert onder je Google account. Log uit /  Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s