Eelkesweblok

Een reactie plaatsen

03 03 2021

Ljouwert

Hearlik, we ha wer in echte yngreven polityke diskusje yn Fryslân. No ja, yngreven is tsjinwurdich net mear as wat geskel oer en wer, mar der is teminsten striid yn dit polderlân. Doarp tsjin stêd. Ljouwert tsjin de rest fan Fryslân. Hearlik. We bin wer werom yn tige âlde tiden.

Dat is Ljouwert foar it oare wol ferkeard bekaam yndertiid. It wie de tiid fan boargemaster Jehannes Brandsma. Sechtiger, sântiger jierren foarige ieu. Se fûnen doe yn Ljouwert dat Fryslân net echt bestie. Der sieten ek amper Ljouwerters yn de Fryske steaten. En doe’t dy sizze  moasten wer’t de nije diken kamen, setten se in streekje fan de Ofslútdyk oer Snits, Hearenfean en Drachten nei Grins. Ljouwert wie echt dach.

Watte, it rekke sels faillyt doe’t it yn de tiid fan Te Loo fierstentefolle jild betelle foar Aegon, dat ek nei Drachten of Grins koe, mar de rynske jefte fan Ljouwert net wegere. En doe’t Te Loo noch in kear yn de Potmarge tikke waard troch Wiegel syn Hearenakkoart, bestie Ljouwert net mear foar Fryslân.

Hiel stadich is Ljouwert werom kaam. En, wat moai, de befolking fan Fryslân die mei. Fan de fjirtich, fyftich jier lang 80.000 ynweners kaam Ljouwert ynienen op 100.000. It fersette him net mear, Frysk belied wie Ljouwerter belied. De provinsje krige aardichheit oan in haadstêd dy’t ek oan en om de rest fan Fryslân tocht. It mocht sels stikken fan oare gemeenten ynpakke. Yn Grou wiene se suver grutsk dat se it wettersporthoekje fan de stêd waarden en Harns neamde himsels de haven fan Ljouwert. Moai.

Ienriedich op nei de takomst. Sterker, doe’t Fryslân ynsette op de Lelylijn sette Fryslân ek in sydlyntsje nei Ljouwert op papier. Se dûnsen op it gemeentehûs. De wethâlders Friso Douwstra en Hein de Haan makken fuortendaliks in plan. Njonken de 10.000 wenten dy’t Ljouwert al boue soe, wolle se ynienen noch 10.000 ekstra boue. Dat grieme se earne  tusken Werpsterhoeke en it stasjon yn Ljouwert. Heechbou yn de stêd, moaie, ik tink, djoere hûzen by Werpsterhoeke, en dan meitsje se dêr ek noch wol wat iepen wetter fanôf de Swette of Wurdumer feart by. En om dy minsken net te steuren giet de trein in meterke del, en sa kin dy dan yn Ljouwert makliker ûnder it Harinxmakanaal en de rûnwei troch.

De wethâlders wienen noch net iens útsprutsen of de diskusje rekke al op gong. Want we ha hjir yn Fryslân ek in partij foar de doarpen. De FNP. En de FNP hat de lêste tiid in pear fertsjintwurdigers dy’t ek wreed twitterje kinne en daliks toetse wat harren dwers sit.

En wat siet dat Douwstra-Haan-plan har dwers. Se roppe, terjochte, al moannen lang dat at Fryslân boue mei, dat soks dan én yn doarp én yn stêd moat. Oeral. Want de jongeren, wêr’t de hiele ferkiezings hjoed oer twa wike oer geane, dy wolle graach yn eigen doarp wenje. Dat is noch dúdliker wurden no’t se al in jier wer thús sitte. It hat bliken dien dat âlders en beppe noch wol tafalle. Mar se wolle net nei Ljouwert, dan gean se wol nei Grins.  

Dus dy FNP spuide raar guod. Doe wisten Douwstra en de Haan har net oars te ferdigenjen as fan: ja dat moat fan Den Haach at we de Lelylijn ha wolle. En dat it ferhaal bedoeld is foar it Deltaplan foar it Noarden. In plan wêr’t elkenien oer meipraat, útsein it Noarden. Tink mar ris oan dat Rutte al sei dat der in kearnsintrale yn Grinslân komme sil.

At dy wethâlders no in bytsje handich west hienen, hienen se der foar soarge dat der yn St Anne, Boelensloane en Reduzum ek wat wenten kamen. Mar dat ha se net dien, dus de FNP-ers spuie raar guod.

Se ha gelyk. At dy lju no by Werpsterhoeke wenje of yn Deinum of Reduzum. Dat makket Den Haach neat út. Kom no earst mar mei de earste 10.000. Boppedat, noch mear hûzen yn Fryslân as betingst om de Lelylijn te krijen, no bou se dan mar net. In mienskiplike takomst fan Ljouwert sa’t dat no bestiet as aktieve kearn yn in foarútsjend Fryslân, is mear wurdich as dat treintsje nei Grins.

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Google photo

Je reageert onder je Google account. Log uit /  Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s